Leeuwarder Courant op het web

Folk is rom begryp
wurden op Tsjoch

ARTIS YN ’76 WICHTICH TREFPUNT FOAR FRYSKE MUZIKANTEN

It tritichste Tsjoch-festival komt deroan. Sneon 15 septimber spylje goed sechtich muzikanten en groepen yn de Lawei op de jubileumedysje fan it festival: ‘(T)sjoch foarút’. No snein is der in nostalgysk priuwke foarôf, op Stania State yn Oentsjerk. Op it minifestival ‘(T)sjoch werom’ spylje artysten dy’t der ek op it earste Tsjoch yn 1978 al by wiene. Ien an harren is Nanne Kalma.

Folkmuzyk mei in slutende definysje ôfkaderje is net maklik. Foar safier it al kin, lit it oanbod op it jierlikse Tsjochfestival him der min ûnder beflappe. Der is fan alles te hearren, fan renêssânse oant rock. De binende faktor is de Vereniging van Friese Volksmuzikanten, dêr’t alle dielnimmende artysten by oansluten binne. Neffens Nanne Kalma, yndertiid ien fan de oprjochters, hat it begryp ‘folk’ yn dizze rûnten stadichoan in nije lading krigen. It wurdt net op syn Ingelsk, mar op syn Frysk útsprutsen. It stiet net mear foar folkmuzyk allinne, mar foar alle mooglike artistike uteringen, dy’t ek allegear de romte krije ûnder de paraplu fan Tsjoch. ,,Asto fielst datst derby hearst, dan hearst derby.’’
It earste Tsjoch-festival wie 2 septimber 1978 yn it Bolwurk yn Snits. In ploechje artysten dat dêroan meidien hat, komt no snein wer byinoar foar in minifestival op Stania State yn Oentsjerk. Bennie Huisman, Sytse van der Werf, Kneppelfreed, Pyt Jon Sikkema en Jarje, allegear presint op Tsjoch 1, spylje sneintemiddei op ‘(T)sjoch werom’. Dat jildt ek foar Nanne Kalma, Roel Slofstra en Doede Veeman, dy’t nei de earste edysje de feriening mei oprjochte hawwe. Se spylje âld en nij wurk, mei-inoar en apart, fertelt Kalma. ,,Wy ha noch noait earder yn dizze kombinaasje optreden.’’
By Kalma thús, doe noch op de Eebuurt yn Ljouwert, is yndertiid is earste Tsjoch-festival taret. Dat barde mei op oanstean fan lietekomponist Jan Slofstra, de heit fan sjonger Roel. In tal artysten wie krekt begûn wat mear yn it Frysk te sjongen. Ek Nanne Kalma hie ûntdutsen dat er dat leaver die as Ingelsktalich: by him ,,foel it kwartsje’’ doe’t er yn it Brabânske Mill de groep Rum yn it Flaamsk optreden seach. De earste kontakten tusken artysten dy’t it leafst yn harren eigen taal songen, wiene ek bûten de provinsje lein: yn de bistetún fan Amsterdam. It wie yn febrewaris 1976, neffens Kalma. ,,Jan Erik Grünfeld fan folkclub De Draailier yn Diemen organisearre in Frysk folkfestival yn Artis. Wy giene der mei de bus hinne. Foar it earst hearden wy mekoar. De famylje Van der Meer wie der, Doede Veeman, Henk en Sietske Bloemhoff, Pyt Jon Sikkema... Fan dat momint ôf koene wy mekoar.’’
Yn Fryslân waarden rûnom lytse festivaltsjes hâlden mei harklietsjes en folkmuzyk. Se rûnen gauris út. Dat moast better kinne, betochten de artysten by Kalma thús. Der waard in kommisje beneamd en sa kaam yn 1978 Tsjoch 1 yn Snits ta stân. De folkfestivals yn Ingelân foarmen in ynspirearjend foarbyld. ,,Dêr gie ik mei Inez Timmer al jierren hinne, wy wiene laaiend entûsjast oer wat dêr barde.’’
,,Der is doe fuort in ôfspraak makke dy’t efternei hiel wichtich west hat’’, fertelt Nanne Kalma. ,,Net ien krige in gaazje foar it optreden. Wy waarden it deroer iens dat wy it jild byinoar hâlden.’’ Fan de opbringst, om ende by twatûzen gûne, waard wol in lietebondel útbrocht. De rest fan it jild ,,kaam by my ûnder it bêd, sis mar’’. De ôfspraak is yn de rin fan de jierren oerein bleaun: noch altyd krije de dielnimmende artysten allinnich in lyts ûnkostefergoedinkje. ,,En elk krijt itselde, de festige namme likegoed as de begjinneling fan achttjin dy’t krekt fan de sliepkeamer komt mei syn ferskes.’’
Troch it sparpotsje koe Tsjoch 1 in ferfolch krije. Noch foardat it safier wie, giene Roel Slofstra en Nanne Kalma nei de notaris yn Snits en waard de Vereniging van Friese Volksmuzikanten oprjochte. It twadde festival soe op Stania State wêze. De Floralia, dy’t op deselde datum pland wie, drige in probleem te foarmjen. Gelokkich wiene der doe ek al lju dy’t yn oplossingen tochten: blommen en muzyk moasten wol te kombinearjen wêze. Dat foldie sa goed dat der yn 1980 wer in kombinaasje makke waard, diskear mei de Strontrace yn Warkum, dêr’t sûnt dy tiid noch altyd mei gearwurke wurdt. Tsjoch 4 waard hâlden yn de Pleats yn Burgum, en mei de fyfde edysje bedarre Tsjoch foar it earst yn de Lawei yn Drachten.
,,Dêrnei wie it idee lytsere plakken op te sykjen. De hiele septimbermoanne wiene wy elk wykein oan de gong, op ferskate plakken yn de provinsje. Dat is fjouwer jier lang sa gien. Mei Tsjoch 10 seine wy: no wolle wy wer by elkoar. Dat barde yn Amicitia yn Snits. Mei Tsjoch 11 yn 1988 binne wy yn de Lawei kaam, en dêr binne wy sûnt bleaun.’’ Oft de lange rige dêr ek fuortset wurdt, stiet net hûndert persint fêst. Fan ’t jier rûn it wat minder maklik en moast der yn in let stadium noch mei de datum skood wurde: it soe earst 22 septimber, mar de jubileumedysje moast in wike nei foaren helle wurde, nei 15 septimber.
Njonken it fermeitsjen fan it publyk hat it jierlikse festival ek as doel de leden fan de feriening in poadium te bieden. ,,In hiel maklik poadium’’, fynt kommisjelid Bauke de Groot, dy’t mei syn suster Greetje al jierrenlang ta de dielnimmers heart. ,,Leechdrompelich. It publyk is oer it algemien net dreech of sinnich’’, is syn ûnderfining. Kalma tinkt dat it publyk wol kritysk is, mar genôch oanbod hat om in eigen kar te meitsjen. In persoanlik spoarboekje meitsje kin, mar in soad besikers rinne fan seal nei seal en litte it fan it tafal ôfhingje.
Diskear dogge der in sechtich artysten en groepen mei. De measten hawwe al earder op Tsjoch spile, mar der binne ek nijkommers, lykas Op Streek, The Oak and The Ash, Thyme, Bêst Genôch en in band dy’t ferline wike noch yndruk makke op 24 Uur Cultuur yn Snits: Souldada, mei sjongeres Janna Koussios. No’t ek it teaterkafee derby lutsen wurdt, binne der sân spylplakken: fan de grutte skouboarchseal oant lytse sealtsjes foar it yntimere wurk. De artystenkinne sels oanfreegje oft se 20, 30 of 40 minuten spylje wolle. Oan de kommisje is de ûntankbere taak om al dy fersiken in plakje te jaan yn de programmapuzel.
Romte foar jonge artysten is der alle jierren op it festival, benammen yn it fêste ûnderdiel ‘Sjoch op Tsjoch’. De jonge garde wurdt dan geregeld bystien troch muzikanten mei ûnderfining. Mar de lêste pear jier wurdt besocht dat wat om te kearen: jonge muzikanten wurde oantrune om by de ‘arrivearde’ artysten oan te skowen en mei te spyljen. Dat wurket goed, hat Bauke de Groot fernommen, dy’t ferline jier sels twa fammen meispylje liet yn syn act De Folkpolitie. Der wurdt noch mear dien om nij talint oan te boarjen. Bern kinne middeis yn workshops fan ‘Keet in Muziek’ yn de kunde komme mei muzykynstruminten.
De jubileumedysje wurdt optúgd mei ferskate ekstra’s. By de iepening sjongt Adri de Boer syn foar de gelegenheid makke Tsjoch-liet. Foar in swingende ôfsluting is Captain Gumbo ynhierd. En tuskentroch binne as spesjale gasten de Amazing Stroopwafels te sjen en te hearren. ‘Bern fan alle leeftiden’ kinne tusken 15.30 en 17 oere nochris genietsje fan de Fryske ‘Ja suster, nee suster’ dêr’t toaielferiening Halbertsma fan Wergea earder dit jier sa’n sukses mei hân hat. Mear ynformaasje oer ‘(T)sjoch werom’ en ‘(T)sjoch foarút’ is te finen op www.tsjoch.nl.

FEDDE DIJKSTRA

terug naar Tsjoch
Deze pagina is bijgewerkt op