Leeuwarder Courant op het web

Tintsje bouwe

‘Fan in tut in tintsje bouwe’ is de titel fan in middei oer gedichten en lieten oer de leafde. „De leafde: sy bringt s hert op ien ein en driuwt de fuotten hieltyd nei itselde plak. Sy is s lokrop, toverspreuk en deadwaner. Us hichte en s djipte. Us falkle. Lok en lot, omearming en gefjocht. Sy sjongt s op 'e tonge en fljocht s nei de kiel. Sy ferrifelt en fertwivelt s, lit s stroffelje, mar tilt s altyd wer op. Ald en fersliten as de wrld, nij en sprankeljend as it lemieren.” Ferskate Fryske dichters hawwe troch de jierren hinne gedichten makke oer de leafde: Douwe Tamminga, Rixt, Margriet Poortstra, Abe de Vries, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra en oaren. Eppie Dam en Hindrik van der Meer hawwe in oantal fan dy gedichten bewurke en op muzyk set. Gedichten en muzyk sille elkoar fwikselje op dizze middei. De muzyk wurdt fersoarge troch it Kwartettekoar nder lieding fan Hindrik van der Meer.

Sint Jacobiparochie- Groate kerk: gedichten en lieten, snein,15 oere

terug naar Kwartettekoar

Deze pagina is bijgewerkt op