14 april 1998
Leeuwarder Courant op het web
Krollen en ‘In nije dei’ op Aaipop
Troch Jacob Haagsma
NIJLAN - Sa kin it fansels net. Tsientallen, nee, hûnderten sjongers en muzikanten binne dwaande mei Frysktalige pop, al sant 1987 dokumintearre op it Aaipop-festival yn Nijlân. Mar krekt De Kast, oars benammen aktyf as Nederlânsktalige groep, hellet mei ‘In nije dei’ de grutste Frysktalige hitsingle út de histoarje binnen. En De Kast falt fansels buten it berik fan Aaipop, om de priisstelling en om't de groep oars gjin lieten yn de memmetaal op'e wurklist hat.
Mar sjoch! Tsjin fiven justermiddeis kaam der dochs in jonge mei in protte ljochte krollen en in hippy-eitig ‘tie-dye’-shirt it poadium yn de ‘teneftertinte’ by sporthal De Mande op en waard dan dochs ‘In nije dei’ ynset. De hannen fan it jonge froufolk foaroan giene de loft yn en it liet waard ut folie boarst meisongen. It wie Syb van der Ploeg sels net, lykwols. Wy moasten it dwaan mei Zampa-sjonger André Posthuma en in prak.
Zampa wie net de iennichste op it tolfde Aaipop-festival dy't it sukses fan De Kast ynwreau by de mei it Frysk as sjongtaal wrakseljende massa's. Ek It Peaske Kabinet kaam mei kroltsjes en Kast-sitáten oan en der sille by de oaren ek wolris wat wurden en noaten oan wijd west ha. Mar neist ‘In nije dei’ kin ek Aaipop as sukses fan it Frysk de boeken yn. Want wer wie it festival mei 2500 besikers útfer-kocht.
Al wie it de fraach oft se allegearre wol foar de muzyk kamen. Ik moat sizze dat ik by eardere edysjes wolris mear minsken oan it ein fan de lange Aaipop-dei djip ûnder de yndruk fan de ynhâld fan de bierfetten sjoen ha, mar geselligens is perfoarst in faktor hjirre. Dat wie benammen yn it Rockhok te merken. By de measte bands waard der net of amper reagearre op wat der fan it poadium kaam. Soms wie der mear folk yn de romtes dér't gjin muzyk wie as yn de sealen dér't mei hert en siel musisearre waard.
Net eltsenien hold him oan de eask dat der yn it Frysk en it Frysk allinne, of ien fan syn dialekten, songen wurd. It ‘folky’, akoestyske Mannemoed oertréde de regels mei in nûmer yn it Ingelsk, al besocht sjonger Lammert van der Velde soks goed te praten mei de bewearing dat dat eins ek in dialekt fan ús memmetaal is. By Meindert Talma wie it noch slimmer: syn heale wurklist bestie át Nederlânsktalige lieten.
Dat wie net it iennichste opmerksume oan syn wurk. De muzyk fan de lange Wâldfries út Grins en syn tiije begelieders (‘The Negroes’) is in alternative foarm fan it libbensliet, brocht mei in net sa gongbere foarm fan humor en tige eigen opfettings oer suver en falsk sjongen. Se krigen der mar in pear hannen mei opinoar, mar hiene neidetiid neat te kleien. Se wiene ommers net iens fan it poadium goaid.
Yn datselde Rockhok, dat hjoed wer gewoan as sportseal tsjinst docht, krigen Adri & Sa en Om'e Noard ek al suver gjin reaksje fan de besikers, dy't emmers earst de léste nijtjes út de streek útwikselje moasten. Pas by ôfsluter Sebeare, doe't it ek al grôtfol wie, koe der wat entûsjasme ôf. Dat hie de ploech ut Easterein wol fertsjinne. Se skamje harren net foar harren foarming yn de wrâld fan de hafabra en litte twa koperblazers meisketterje. Wol typysk Frysk, soks.
Yn de Harksangkjesseal gie it, lykas wenst, hiel wat séfter oan ta. De Vries, Freddy Weima en Henk van der Hei diene it allinne, Mannemoed mei syn trijen, Sânman en Sikke yndie mei syn sânen. Ernst Langhout begûn allinne mar krige healwei stipe fan de foardracht fan Wilco Berga. Dizze kombinaasje moat foar de ein fan dit jier in cd opleverje, mei stipe fan de provinsje.
De measte desibels wiene lykwols wier te nimmen yn de grutte Teneftertinte. Bricquebec, Hout Foar De Doar (dat ek al smokkele mei wat Ingelske rigels) en Opskuor koene wy al, yn Wartall en It Peaske Kabinet streamt wat farsker bloed. Dat jildt ek foar Zampa, sunder mis de ferrassing fan Aaipop '98. Net iens om dy Kast-parody, want dat koe men wol ferwachtsje, mar wol om it like ‘alternative’ as bolbjirken rocklûd dat dizze ploech út de lûdsprekkers streame liet. Goed, de nûmers duorren soms wol wat lang en it lûd wie lang net lykwichtich, mar se ha wat orizjineels en it spektakulére hâlden en dragen fan sjonger André Posthuma op it poadium mocht der ek wéze. Ek sunder Syb-prúk.