Leeuwarder Courant op het web

It feestlike gefoel dat jo krije as der publyk by is,
dêr moatte wy it fan ha

De opkomst fan de Fryske folkssjongers: Tsjoch!

Men sil der yn de Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland dy't ophâldt by 1975, omdôch om sykje: it bigryp „Frysk folksfestival” bistie doe noch hielendal net en ûnder it kopke „Zang Individueel" wurde as sjongers fan it Fryske liet neamd A. van der Mark, Ritske Numan, Henk van der Heide, de fam. Sambrink, Tetman de Vries, Selskip Klaes Westra, Peter de Jong, Roel Slofstra, Maaike de Wilde en Tsjitske de Boer. De lêste, sa stiet der, „was de eerste die in de jaren '70 met een bescheiden repertoire van populaire barliederen soms op Ierse wijze) in een behoefte voorzag, in samenwerking met tekstdichter Jaap de Jong”.

Hwat kin der yn in pear jier hwat foroarje! Yn 1976 organisearre Enno Bruinsma yn „De Tsjerne" to Easterein it earste Fryske sjongfeest, dêr't amateurs dy't der lykas Tsjitske aerdichheit oan hiene en „piel" hwat mei Fryske lietsjes, oan meidwaen koene. Dat waerd in ynslaend sukses en it duorre net lang, of rounom yn Fryslân waerden sjongjounen hâlden. Se rekken op deselde manier in ‘e moade as de poëzijjounen nei in slagge festival tsien jier earder, allinne kamen der nou noch folle mear minsken op ôf en waerd der net allinne mar oandachtich harke: de minsken diene fûleinich mei.

En it koe gjinien ier genôch bigjinne: yn Frjentsjer bigoun „Frjentsjip' soms al om twa ure yn ‘e middei en as der op it mêd fan slutingstiden gjin regels yn dit lân wiene, soene se oant melkerstiid trochgean kinne, safolle forskaet wie der sa njonkenlytsen al. Forskaet oan sjongers en sjongeressen, oan muzykynstruminten, neist gitaer, banjo en harmoanika bygelyks lillepiip, foekepot, wâldsiter en dwersfluit, en oan genres, hwant alles plichte op sa'n festival troch elkoar to rinnen: de Fryske, Skotske en Ierske folkswyskes, de Frânske chansons, de dranklieten en de striidfersen.

Mar de teksten binne Frysk, en dan meast net it standert AFUK-Frysk fan ‘e Oksekop, mar it Frysk fan ‘e sjongers sels, Klaei- of Wâldfrysk, Súdwesthoeksters, Dongeradielsters. Mar ek Stellingwerfsk, Biltsk en Ljouwerters. Faek binne de teksten nij en is de muzyk liend (de duvel fan Sleat, fan Jarje, op in tradysjoneel wyske), soms is der sprake fan in oersetting (Pyt Jan Sikkema's Deserteur fan Boris Vian), soms binne tekst en muzyk beide oarspronklik (Hindrik Hasjys fan Doede Veeman, Kattekwea fan de groep Irolt).

Eigen festival
Hwat mear jounen en festivals organisearre waerden, hwat better de dielnimmers elkoar en elkoars muzyk kennen learden en yn ‘e maitiid fan 1978 wiene hja safier, dat hja in eigen festival hâldden yn „It Bolwurk" to Snits. Sjonger-muzikant Doede Veeman fan Eastermar fortelt: „Yn dy alderearste bigjintiid wie der noch de sfear fan tsjin elkoar opbiede wolle, elk gong hwat syn eigen gong, mar op in bipaeld stuit, it is slim to sizzen hoe en hwannear, waerd dat trochbrutsen en lutsen we hieltyd mear nei elkaar. Dêrút is in sfear fan kollegialiteit ûntstien en sa is it oerliz bigoun dat laet hat ta in eigen festival. It konkurrinsje-idé dat yn it earstoan nei myn gefoel sterk libbe, is nou hielendal fuort, der is ûnder elkoar in fijne sfear en jo sjogge nou bygelyks ek, dat professionele wurkers lykas Roel Slofstra dy’t earst net oan de sjongjounen meidiene, om’t se to djûr wiene, harren nou me, ús forboun fiele".

It súkses fan it earste eigen festival, dat de namme Tsjoch krige (studinte¬Frysk foar „Proast"), wie foar de dielnimmers in reden om it oerliz fuort to setten en nou is it stadium birikt dat der praet wurde kin fan in Foriening fan Fryske folksmuzikanten. Dy foriening is der lykwols allinne om pûr saeklíke dingen to regelen lykas it organisearjen fan in twadde festival - Tsjoch II, op sneon 8 septimber yn Stania State to Oentsierk - en it útjaen fan sjongbondels. Se sil har út noch yn net ynlitte mei de muzikale kant. Doede Veeman: „Troch hieltyd meiinoar to spyljen, sil it nivo wol omheechgean en miskien biynfloedzje wy elkaar ek wol, mar dat giet dan net biwust. En kommentaer leverje op elkoars teksten is der ek net by. Dêr lient de romte him ek net foar. Foarop stiet, dat in stel minsken mei elkoar dwaende is mei alderhande soarten Fryske folksmuzvk, omdat se dêr nou ienkear in geweldige nacht aan ha."

It oerliz fan de Fryske folksmuzikanten hat ek laet ta in bondel mei tritich Fryske lieten, dy't ûnder deselde namme as dy fan it festival. Tsjoch, yn eigen bihear en mei in dofke subsydzje fan de provinsje útjown is. De oplaech is tûzen eksimplaren en de priis fiif goune (op it festival wurde se foar in goune minder útsutele). Doede Veeman hat mei Sietske Bloemhoff, Nanne Kalma, Jan en Roel Slofstra de bondel redigearre: It doel dérfan wie net in monumint foar ússels út to jaen, mar wy tochten dat der forlet fan wie, en as dat wier blykt to wêzen, dan folgje der miskien wol mear." Jan Slofstra hat foar de bondel de muzyk tekene. De opnommen meldijen en gitaerakkoarden bliuwe lykwols foar forantwurdlikens fan de ûnderskate skriuwers, lykas de teksten. De redaksje leit foar it bondeljen net bipaelde seleksjenoarmen oan. Veeman: „Alles komt der sa yn."

Sfear
De bidoeling fan de bondel is by it trochlêzen gau dúdlik: der moat út songen wurde, krekt as út de klassike Fryske sjongbondel Fryslân Sjongt en leafst me, safolle mooglik minsken. Foar it wolslagjen dêrfan is mar ien eask: der moat „sfear" wêze, dêrsûnder wurdt it him net en sil men him al gau fornuverje oer de teksten, dy't bytiden wakker bryk binne, mar soms ek wakker moai. In pear lieten kipe der út, lykas de prachtige ballade Hjoed in jier dy’t Sybe Krol makke hat foar Roel Slofstra (en dy’t ek op de lêste plaet fan Roel foarkomt).

Tsjoch kin foar alle stimmingen suver wol hwat biede, goed gekke teksten, poëtyske. lieten, synyske ferskes en striidfersen mei in ûndertoan fan irony; der stiet wurk yn fan Jarje, Irolt, Sytse van der Werf, Pyt Jon Sikkema, Sybe Krol, Jan en Roel Slofstra, Henk van der Meer, Henk en Sietske Bloemhoff, Benny Huisman, Jaap van der Wal, Berber van der Geest en de rockploech „Spul". De lêste groep hat in Striidfers fan Reinder Rienk van der Leest op it repertoire: Wer sil ús brede boarst de fûle fijân keare / wer sil ús fryske frat de kneppels tsjen.

Doede Veeman is yn de bondel fortsjinwurdige mei de protestsong „Wy bale fan de Sintrale" en „Hindrik Hasjys" út ‘e Houtigehage dy’t as hippy nei India woe, mar nou sûnt jierren al in pomp hat fan de shell:
- hy is no in offysjele diler fan dy multinasjonel
en hy jout syn jongste soan in lel
want dy sit mei syn smoarge ponten op syn bankstel.


Beide lieten steane ek op ‘e plaet Frustraesjebloes dy’t „Universe" Wobbe van Seijen fan Doede Veeman útbrocht hat en dêr't syn karakteristike lûd op to biharkjen is. En syn muzikale alsidlgens: as Hindrik Hasjys nei India wol, heart men bg. sitarmuzk. . . Doede Veeman: „Dy plaet fyn’k net bilangryk, it hat inkeld syn nut as dokumintaesje, fierder seit it my neat. It is in tafallich stik lûd, hwant it mist de sfear dy't ûntstiet as der publyk by is en it feestlike gefoel dat jo dan krije, dêr moat ús wurk it dochs fan ha."

terug naar Tsjoch

Deze pagina is bijgewerkt op