12 maart 1979
Leeuwarder Courant op het web
Frentsjer hie wer in „Frentsjip” fol folk
FRENTSJER - De PC, de Agraryske Dagen, it Krystkongres fan de Fryske studinten...Frentsjer soe Frentsjer net wêze, as ek mar ien fan de trije manifestaesjes ûntbriek en men soe úthâlde kinne, dat jildt tonei ek foar „Frentsjip“, it yllústere festival fan Fryske folksjongers dat sneon wer yn De Koornbeurs hâlden is en dêr‘t de pleatslike troebadoer Pytjan Sikkema de namme foar útfoun hat. Der wiene ek dizkear wer in pear hûndert folkleafhawwers nei de âlde Akademystêd reizge, dy‘t har fan de middeis fjouwer ure óf oan de nachts ien ure ta pûrbêst formakke ha.
De organisaesje hie ynsjoen, dat it oars moast as forline jier, doet der fierstentofolle sjongers oan meidiene, sadat eltsenien wer fan it poadium ôfmoast ear't men as tahearder jins earen der ta wend hie. It feest wie dêrom hwat minder great opset, wylst it poadium nou net op it greate toaniel wie, mar yn' seal sels, hwat it kontakt mei it publyk gau ta stân brocht.
Likegoed wie der noch genôch forskaet: de muzikale húshâlding fan Henk van der Meer út Goaijengea dy't in scala fan ynstruminten treast is en har net langer biheint ta bernelietsjes, de groepen Irolt, Kneppelfreed, Yn’t Flear en Heelstone, dy’t foar de leafhawwers gjin neijere oantsjutting hoege likemin as Pytjan Sikkema mei syn boartlike, net altyd fan polityk ûntbleate, teksten. Fierders wiene wer fan de partij Bauke en Greetje de Groot út Baerd, sjongend. yn folsleine harmonije en de leave kant neist, de bruorren Durk en Jouke Geertsma fan Wommels, mei harren rûge nûmers fan de Fryske klaei suver de tsjinpoalen fan de Baerdsters en Jelle Dykstra en Ko Bonnema.
De seis spilers en spylsters fan de Tryater-oplieding foelen eins hwat buten dit ramt, om’t hja de iennichsten wiene dy’t it sûnder muzyk dwaen moasten. Mar harren sukses wie der net minder om doet hja Trinus Riemersma syn „Skriuwer fan it doarpsbilang” nochris de buorren útrinne lieten. De ein fan “Frentsjip” 1979 waerd helle mei folksdounsjen, dêr’t Pytjan Sikkema de lieding by hie.