Leeuwarder Courant op het web

„Tsjoch !", in bjusterbaerlik barren yn Snits

'Fryske folk'-sjongers
hâlde eigen festival

LJOUWERT - Alles hwat ham dwaende hâldt mei Fryske muzyk op in folksaerdige wize, docht nije wake sneon mei oan „Tsjoch!" in bjusterbaerlik barren fol Fryske folksmuzyk en douns", dat fan middeis twa oant jouns alve ûre yn it Bolwurk to Snits hâlden wurdt. It is in ynisjatyf fan de forskate solisten, duo's en groepen dy't elkoar de ôfroune jierren met ha op forskate Fryske sjongfestivals, lykas yu Easterein, Sint Nyk, Weidum en Fjentsjer. „Wy ha dêrnei geregeld byinoar west om ûnderfinings út to wikseljen en to bipraten, hoe't it neffens ús better koe. Sa is it idé foar in eigen festival ûntstien", sa seit Nanne Kalma fan de folkgroep Irolt, ien fan de ynisjatyfnimmers.

De list meiwerkers liicht der net om: Doede Veeman en Jappy van der Leest, Yn 't Flear, Pytjan Sikkema, Jarje, de bruorren Geertsma, Klappeie, Henk en Sytske Bloemhoff, Bauke en Greetje de Groot, Heelstone, Irolt, Henk van der Meer en oanhing, Roel Slofstra, Benny Huisman, Sytse van der Werf en Kneppelfreed.
Ien fan 'e biswieren fan eardere festivals wie, dat it publyk gat to min yn it barren bihelle waerd. Dat sil nou oars. As it waer meiwierret, komt der foar it Bolwurk in terraske, dêr't de folksjongers neist har optreden op it poadium, harren lieten sjonge sille. It publyk kim dan meidwaen en as it heal kin, moat dus eltsenien dy't nije weke nei Smits giet, syn of har ynstrumint meinimme. Oars as by de oare festivals sil op it ,,Tsjoch"-feest ek omraken dounse wurde. Coby Laanstra hat foar dat doel in tal gaedlike dounsen útsocht.
Yn it Bolwurk sels binne de folksjongers op twa plakken warber. „Troch sa'n ôfwikseljend programma kinne de minsken sels kieze, hwat se sjen wolle en sa foarkomme wy ek, dat eltsenien op 'e stoel sitten blauwt" seit Nanne Kalma. Tusken de optredens troch sil men nei it Ingelske „workshop"-idé tekst en útliz krije oer twa typyske folkynstruminten, to witten de doedelsek en de Noardse Balke. Ta Bislút: nimmen hocht der oer yn to sitten, dat er nei sa'n lange dei mei in lege mage komt to sitten, hwant der is item by de rûs.

terug naar Tsjoch

Deze pagina is bijgewerkt op