Leeuwarder Courant op het web

‘Wy binne foaral bekend wurden
troch ús ôfskiedskonsert’

Trubadoersjûnen stjerrejûnen en oarre jûnen, Frysktalige muzikanten springe de lêste jierren yn hieltyd wer nije kombinaasjes it poadium op. Yn de Rinkelbom op It Hearrenfean is nije wike freed de premiêre fan 'Wrâldfrysk', in program dat it trio RemoliNo makke yn 'e mande mei trûbadoer Doede Veeman.

Wy binne foaral bekend worden troch ús ôfskiedskonsert", seit Carel van Leeuwen - mei in iroanysk glimke om 'e lippen - as it konsert fan Rém'óly op 15 jannewaris 2003 yn it Ljouwerter Theater Romein te praat komt. Dy dei waard de earste (en lêste) dûbel-cd fan it kwartet presintearre. It wiene de slottoanen fan de groep dy't tsien jier earder, ûnderweis yn Frankryk, syn namme ûntliende oan in lekke remcilinder.
Rém'oly spile folksmuzyk ut Ierlân, East- en Noard-Europa en oare kultueren, mar nei tsien jier waard it hieltyd dreger om muzikaal op ien en deselde line te bliuwen. Van Leeuwen: „Dan hiene in pear fan ûs de grutste wille, wylst in oar tocht: hjir wol ik net byhearre." It waard tiid en set in streek ûnder Rém'oly.
Dwaande mei de tariedingen fan 't ôfskiedskonsert untdekten Herman Peenstra, Carel van Leeuwen en Marcel Prins dat se dochs wol graach troch woene mei elkaar. It fjirde lid fan de groep - Geart Nauta - stapte derút, twa moanne letter sochten de oare trije elkoar al wer up.
Neffens Marcel Prins hawwe se de ôfrune trije jier foaral sykjende west. Herman Peenstra hat sechstjin gedichten fan Edgar Allen Poe oersette litten yn it Nederlânsk en it Frysk en se dérnei op muzyk set, mar it muzikale teaterprogram dat dêrut fuortkomme moast, is der noch altyd net. Prins: „We hebben heel lang zitten worstelen met de vorm en of we de liederen bijvoorbeeld ook door een klassiek geschoolde sopraan of bas moesten laten zingen, maar daar zijn we nooit helemaal uitgekomen. Misschien dat we het later nog eens oppikken."
De trije Leden fan RemoliNo binne echte ynstrumintalisten - Peenstra begelate (ûnder oarren Frederike Kleefstra en kabaretgroep Ratatette, Carel van leeuwen Nynke Laverman - oanfolling troch in sjonger wie dêrom tige wolkom. Herman Peenstra kaam up it idee om Doede Veeman te freegjen.
Carel van Leeuwen neamt Veeman mei in mjuks fan bewûndering en gekoanstekkerij 'ús idoal'. De trûbaboer fan Sumar draait as muzikant al fjirtich jier mei. As studint spile er yn de jierren sechstich al yn alderhanne bandsjes en die er oan kabaret, healwei de jierren santich wie er mei Nanne Kalma en Roef Slofstra ien fan 'e oprjochters fan de Fryske muzikanteferiening Tsjoch. De ôfrûne jierren hat er der ûnder de namme 'trûbadoersjûnen’ in soad op út west mei Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Jaap Louwes.
Veeman koe it eadere Rém'óly mar oerflakkich, dat hy hat earst marris in konsert fan It trio bywenne. „De folksmuzyk dy't se spylje is hartstikke moai, mar ik woe wol witte aft myn Fryske lietsjes der by passe."
Veeman hat yn al dy jierren - útsein it bekende liet oer Bart-Jan dy't troch syn heit en mem yn it Nederlânsk grutbrocht wurdt om it fierder te skoppen - noait oars as yn it Frysk song en hy is ek net fan doel om dêr no fan ôf te wiken. „Ik bin net sa goed yn talen. Ik ha thús foar mysels wolris wat ferskes yn it Ingelsk of it Hebrieusk song, mar sels as ik wit wêr’t dy teksten oergean, wurdt it noait eigen. Dêrom hie ik ek neat mei de Nederlânske programma’s fan Rients Gratama en Hessel van der Wal. Dat is net om propagandistyske eden, mar Ik fyn se folle beter as se ticht by harsels bliuwe.
Ynearsten wie it it doel fan beide partijen om njonken de mienskiplike nûmers ek in oantal dingen apart te dwaan, mar by eintsjebeslút steane alle fjouwer muzikanten yn ‘Wraldfrysk’ fan it earste oant it lêste Liet mei elkoar op it poadium. Yn de tekstleaze nûmers spilet multi-ynstrumintalist Doede Veeman gewoan mei de oarren mei. Neffens Carel van Leeuwen passe RemoliNo en Doede Veeman goed by elkoar. „RemoliNo is hiel kameleontysk. Wy spylje alles, wy hawwe net in dúdlike eigen styl. Teminsten net dat wy it sels yn 'e gaten ha. Troch de kombinaasje fan al dy ferskillende muzikale kultueren mei de Fryske lietsjes fan Doede ûntstiet der wat dat wy fan ússels net hawwe: wat eigens."
Veeman hoecht him muzikaal amper oan te passen. By it ûntbrekken fan in eigen Fryske folksmuzyk hat er himsels, krekt as RemoliNo, altyd ynspirearje litten troch de meast útienrinnende muzykkultueren.
Se hawwe 'Wrâldfrysk' yn seis skiften op dield: finskfrysk, ierskfrysk, balkanfrysk, frânskiryk deenskfrysk en jiddyskfrysk: Elk underdiel bestiet ut in oantal ynstrumintale nûmers út dy iene regio, oanfuld mei lieten fan Veeman dy't 't dêr troch har stem, kadâns en ynstrumintaasje goed by passe. Sa sjongt er 'Bart-Jan' as ûnderdiel fan it blokje 'finsfrysk', 'De Parrebeam' under 'iersfrysk' en krige de 'Skûlkelder-jankfodde’ in plakje yn it blok 'jiddysk-frysk'.
Carel van Leeuwen: „Dat lêste is in hiel moai tryst lietsje oer minsken yn in skûlkelder. Dy minsken hawwe Fryske nammen, út de tekst falt net op te meitsjen wêr't se foar skûlje, mar foar myn gefoel giet it oer joaden yn de Twadde Wrâldoarloch. Foar my is it dêrmei in Jiddysk lietsje. Mei in kleiende fioele en in trillende mandoline besykje wy dat in ekstra diminsje te jaan. 'Rampen' falt by ús ûnder de nûmer balkanfrysk. Dat giet oer wrâldrampen yn it algemien en oer, de grutste wrâldramp - de minske - yn it bysûnder. Troch de tapan, in Bulgaarske trommel, te brûken, krijt dat liet in bêste stjit agressy mei."
De muzikanten fan RemoliNo binne perfeksionisten, mar neffens Carel van Leeuwen telt de gefoelswearde by har swierder as alderhanne objektive muzikale kwaliteitskritearia. „Yn Rém'oly spile ik meast bas, no mear gitaar en cello. In bas ferheget de perfeksje, makket it lûd glêder, mar mei in cello fergruttest de kwetsberheid fan de muzyk, joust dy in hegere aaiberheidslaktor."
Neffens Van Leeuwen giet de beleving fan de harker foar de perfeksje fan de muzikale útfiering. „Dat is yn in teaterprogram as dat met Nynke Laverman faak oarsom. Dêr moat it by elk konsert krekt sa klinke as yn it foarige. Dan bring je lietsjes oer de frijheid, mar as muzikant ûntbrekt je op sa 'n momint elke frijheid foar wat persoanlike ynbring dan ek."
'Wrâldfrysk' wordt akûstysk brocht allinne de sjongstim fan Doede Veeman wordt fersterke. „Dêrmei meitsje wy ússels wol kwetsber, mar dat past wol by dizze muzyk. Op de radio en de televyzje falt folks muzyk altyd wat tusken wâl en skip. Mar as wy op in brulloft spylje falt it my alle kearen wer op hoe gau de minsken dizze muzyk oppikke. Dat âlderen by dy komme om te sizzen hoe leuk se it fine en dat jongeren spontaan begjinne te dûnsjen." Veeman: „Sokke muzyk past op in brulloft, dy waard dêr fanâlds ek spile. Dat is dochs folle better as in fint dy't mei in sjekje yn'e han sa lûd op in keyboard mit te spyljen dat net ien noch wat sizze kin."
Doede Veeman en de trije fan RemoliNo hoopje dat der nei de premiêre fan nije wike genôch boekingen komme om der takom jier geregeld op út. As dat slagget, is der neffes Carel van Leeuwen alle kans op in twadde program.

SIETSE DE VRIES


Deze pagina is bijgewerkt op