Leeuwarder Courant op het web

De Spylman makket twadde cd keunstlieten

Sa't Irolt him yn 'e santiger jierren sels oan it komponearjen en it skriuwen fan Fryske folksmuzyk sette, sa noeget 'De Spylman' hjoeddeiske komponisten út klassike liten te skriuwen. De reden is yn beide gefallen deselde: der is te min oarspronkelyke Fryske muzyk. Klassyk ensemble De Spylman makke mei 'Wylde Wizen' syn twadde cd.

De Spylman hat him spesjalisearre yn it keunstliet in sjenre dêr’t - nettsjinsteande de tanimmende populariteit fan it sjongen - hieltyd minder belangstelling foar is. Wie de earste cd ’De Spylman’ foar in grut part wijd oan muzyk fan al ferstoarne komponisten as Paulus Folkertsma en Bouke Annes Visser ’Wylde Wizen’ stiet fol mei yn ’e njoggentiger jierren komponearre lieten.
De Friezen hawwe har yn it ferline net faak besündige oan it keunstliet alteast net yn ’e eigen taal. Op ’De Spylman’ steane twa teksten fan Gysbert Japicx beide makke op bütenlanske muzyk ut ’e tiid fan ’e dichter (de santjinde ieu). Ear’t de úndersiker oan de earstfolgjende Fryske lieten ta is sit er al hast yn ’e tweintichste ieu. Keunstlieten sjonge barde yn it ferline troch de bettere stan en dy die dat yn it Nederlansk of yn it Fransk. Driuwende krêft efter De Spylman is pianiste Rixt van der Kooij ut De Haach de oare leden binne sopraan Jenny Haisma mezzo-sopraan Hester Dam en bartion Arjen Veenhuizen. Allegear komme se ut Fryslân mar om’t foar in klassike musikus it wurk yn Fryslan net foar it opskeppen leit wenje se yn ’e Ranestêd. Veenhuizen ferfart ynkoarten sels nei Wenen.
Rixt van der Kooij har belangstelling foar it Fryske liet stamt ut 1994 doe’t se mei ’De wynharp’ fan Piter Jelles Troelstra ien fan har heit syn favorite gedichten op muzyk sette. Har kompositoarykse ynspanningen krigen in ferfolch doe’t se seis fan Steven de Jong - in freon fan de famylje - syn ’Tweintich lytse Fryske românsen’ fan noaten foarseach.
Rixt van der Kooij: ,,Doe tocht ik it soe hartstikke moai wêze om dêr ris mei op te treden. Mar dan moast ik wol mear repertoire hawwe. Dat haw ik fûn yn de iepenbiere bibleteek fan Ljouwert wert yn it FLMD (Frysk Letterkundich Museumen en Dokumintaasjesintrum en by Bernard Smilde fan de Musikologyske wie as de oar mar ik fyn wol datst oan Folkertsma dúdliker fernimme kinst dat er gjin opleiding han hat. Hy swabbert nochal al yn styl hy is by steat moderne en romantyske stylkenmerken troch elkoar te brüken yn ien ’Wylde Wizen’ wurdt lykas ’De Spylman’ útbrocht yn in oplaach fan 500 eksimplaren. Folle grutter is it potinsjele publyk net.
Rixt van der Kooij: ,,It is in sjenre dat der wat útrekket. It publyk fergrizet. It sjongen is populêrder as oait - sang is oan it konservatoarium yn Den Haach de stúdzjerjochting mei it heechste oantal studinten - mar de belangstelling foar recitals nimt allinne mar ôf. De lieten binne makke foar húshâldlik gebrûk. Mar tsjintwurdich sitte de minsken thus foar de televyzje of se geane nei de sportklub. By de piano sjonge dogge se net mear.”
It keunstliet profitearret amper fan de oanboazjende populariteit fan it sjongen. De missen de passy’s de requiems en alle oare koarkonserten lûke gauris folle tsjerken en teaters foar recitals is it meast klauwen om in sealtsjefol publyk te krijen Hoe kin dat?
Rixt van der Kooij: ,,Miskien dat it komt om’t it liet folie persoanliker is de tekst hat folie mear gewicht as yn koarwurken. Faak binne dy teksten fuort nei’t se útkommen binne al op muzyk set en dat barde nei de moade fan dy tiid. Dat sprekt net elkenien fan no mear oan miskien. Earder wiene de lieten ek folle bekender As yn ’Erlkönig’ nei ’Und das Kind war ...’ in koarte stilte foei flústere it publyk ’tot’.”
Wylde Wizen’ is in nij besykjen fan Rixt van der Kooi it Fryske keunstliet op ’e nij yn ’e belangstelling te bringen. Har eigen ynbring bestiet ut de seis romansen fan Steven de Jong dy’t se in pear jier lyn op muzyk set hat oare komponisten dy’t wat makke hawwe binne Fokke de Vries, Johan de With, Oane Wierdsma, Pyt Kingma, Anne Vogel, Wim van Ligtenberg en Peter Visser. Se hawwe teksten brükt fan ûnder oaren Fedde Schurer, Jan Dotinga, Douwe Tamminga en Baukje Wytsma.

De Spylman op 1 oktober yn Aldeboarn te hearrren op in Folktertsmajûn op 10 oktober yn de Maartentsjerke yn Kollum en op 28 novimber yn Theater Romein te Ljouwert

SIETSE DE VRIES

terug naar De Spylman
Deze pagina is bijgewerkt op