23 april 1999
Leeuwarder Courant op het web
‘Mister Liet’ Adri de Boer muzikant yn murch en bonken
Ear’t er der erch yn hie, waard er yn it fermidden fan Fryske folkmuzikanten Tsjoch 'Mister Liet' neamd, en as der ien is, dy’t dy earetitel mei rjocht en reden fertsjinnet, dan is it yndied Adri de Boer (43) wol. Alle acht kearen hat de Liphúster oan it festival meidien, de earste kear wun er mei ‘Nije tiden’ de doe noch besteande twadde priis, dêr't fuort twa boattochtsjes oan fêst sieten: nei Skylge foar in opname yn de studio fan Hessel en nei Ingelân foar in optreden op it Humberside folkfestival yn Beverley. Dêrnei wie der allinnich noch mar in earste priis te winnen en foel Adri ieltyd buten de prizen.
Oant ferline jier doe’t it liet ‘Soan’ - op in tekst fan Giny Bastiaans - it heechste tal punten krige fan de acht ‘regio-sjuery’s’. In ‘nipte zege’, om yn sporttermen te praten, want mar in puntsje mear as de ‘Dream fan in emigrant’ fan Ernst Langhout en Wilco Berga. Adri: „lk hie der net op rekkene dat sa’n lústerlietsje noch winne koe, it wie in komplete ferrassing."
Opfallend wie dat er krekt as yn 1991 as Adri de Boer op it poadium stie (mei saksofoanist Rik Lenten) en net mei syn groep A3nSa, dy’t yn ‘e rin fan 1991 oprjochte waard en al dy oare jierren fan ‘e partij wie. De groep woe even in jier oer slaan.
Efteróf is dat mar in gelok, want hy hie foar Liet’99 dat er as winner fan ‘98 ‘iepensjonge’ sil, de band net mear freegje kinnen. „Wy binne útinoar gien. Dat komt wol faker foar as jo salang by elkoar binne, dan krije jo wat spul. Ferline jier hiene wy de namme feroare. A3nSa wie tefolle op myn persoan rjochte en der wiene boppedat nochal wat minsken dy’t tochten dat it in duo wie. Wy ha der ‘De heechste tiid’ fan makke, en earlik sein ha ‘k doe al even tocht: as dit mar gjin foarteken is. Ja dus. De Nacht fan Menaam op 3 april hat efterôf ús lêste optreden west. Nee, der komt gjin ôfskiedskonsert, wat my persoanlik al muoit. Mar it is net oars."
De groep hat yn de krapoan njoggen jier fan har bestean twa cd's útbrocht: ‘Breedút’ yn 1993 en ‘Yn murch en bonken’ yn '96. Adri: „De léste titel slacht hielendal op my, want ik bin in muzikant yn murch en bonken. Ik gean fansels gewoan troch mei myn troebadoersprogramma, dat haw ik der altyd neist dien. Ik haw dy beide dingen altyd skieden, ek wat it repertoire oanbelanget. Yn myn soloprogramma spylje ik yn haadsaak op ‘e gitaar, ik doch op ‘t heden mar twa numers op ‘e piano."
len dêrfan is ‘Soan’, it winnende nûmer fan Liet’98. „Dêr freegje de minsken om, dat is mei troch de prachtige fideo-clip dy’t Omrop Fryslân makke hat, dochs aardig bekend wurden."
Giny Bastiaans hat de tekst foar dat liet skreaun nei de sinleaze dea fan Meindert Tjoelker. In eksplisite ferwizing is der lykwols net. Adri de Boer: „Dat fyn ik it knappe derfan, elke âlder kin him der yn werkenne, ik sels haw it op myn eigen soan belutsen. Nee, as der in dúdlike ferwizing wêze soe, dan is sa’n liet ek daliks datearre, en datearre lietsjes sjong ik leaver net. Yn it liet ‘Nije tiden’, dêr’t ik yn '91 twadde mei waard, kaam de namme Gorbatsjov foar. Wa seit dy namme no noch wat? Ik haw it letter oanpast en der Petersburg fan makke."
‘Nije tiden’ wie in tekst fan Sikke Marinus, de man dy’t Adri de Boer op it spoar sette fan it Frysk. „Op sa’n earste Liet-festival stie foar my hiel wat op it spul. It joech in iepening nei it Fryske sirkwy, dat ik noch ûntdekke moast. Letter is dy driuw folle minder wurden. Dat ik dochs hieltyd meidien haw, hat twa redenen. Yn't foarste plak sykje ik dochs in stikje spanning, sûnder mis. Dêrneist wie it ek dúdlik in stikje pr."
Adri de Boer riedt op’t heden in solo-cd ta mei sa’n 14, 15 numers. Foar de leafhawwers hat er alfêst in skyfke yn eigen behear makke, in foarpriuwke mei as titel ‘Efkes priuwe’. Dêr steane fiif teksten op, twa fan Giny Bastiaans en twa fan Jurjen van der Meer. De Boer wurket graach mei tekstskriuwers. Fan Hessel van der Wal hat er twa kear in tekst foar liet op muzyk setten, ien dêrfan, ‘Myn earste leafde’ krige yn 1994 fan de Lietsjuery in earfolle fermelding.
Hy skriuwt ek sels wol teksten. Om him te oefenjen, hat er yn Ljouwert twa jier in kursus liettekstskriuwen folge by Doede Veeman en Piter Wilkens. „Fan dy kursus is in groepke oerbleaun, dat him ‘Los sân’ neamt. Om in pear nammen te neamen: Giny Bastiaans, Bauke van der Woude, Simon Dijkstra, Geart Bos, Kees Tholen. Wy bringe ûnder oaren foar Fryske kriten in bûnte kulturele jûn. Hartstikke gesellich."
Hoewol in muzikant ‘yn murch en bonken’, hat De Boer muoite mei it lêzen fan meldijen. Oant syn fjirtjinde hat er in klassike (tsjerke)oargelstúdzje folge, dêrnei hat er it him net mear oan tiid dien. Hy hie mear niget oan populêre ferskes, dy’t er fan de radio neispile. Mei as ûndergrûn in pear akkoarden dy’t er leard hat fan syn sweager, soe er him ûntjaan as autodidakt, sawol op ‘e toetsen as op ‘e gitaar.
Hy spilet op syn eigen ‘Adrimanier’: „Sa’t ik gitaarspylje, sille echte gitaristen net dwaan. Mar ik haw der gjin ferlet fan my harren technyk oan te learen, want dan bin ik bang dat ik it gefoel kwytreitsje, dêr’t ik no in tekst mei benei kom. Dat gefoel, in tekst sprekke te litten troch myn fingers en myn stim, is foar my net te beneamen, it is wat hiel spesjaals. Luchtige ferskes prebearje ik meast op ‘e gitaar ut. Foar it gefoeliger sjenre brûk ik de piano. In komposysj e is foar my pas slagge as ik der sels pikefel fan krij."