26 mei 1990
Leeuwarder Courant op het web
‘Kening Plestik’: musical oer milieu
De musical moat oer de gefaren fan ‘e miljeufersmoarging gean, mar hy mei net drammerich of prekerich wêze. Dat wie sa’n bytsje de opdracht dy’t Hendrik van der Meer ferline jier fan It Fryske Gea krige. Tiisdei is fit saffier en kin elkenien foar himsels fêststelle oft it Hindrik van der Meer en syn kollegaskriuwer Benny Holtrop slagge is in warskógjend lûd oer de miljeufersmoarging hearre te litten sûnder prekerige toan. Dan is yn fit Posthuistheater op It Hearrenfean de premiêre fan ‘Kening Plestik’, de musical dy’t de beide hearen makke hawwe yn opdracht fan It Fryske Gea.
It idee om Hindrik van der Meer ter gelegenheid fan it sechstichjierrich jubileum in opdracht foar in musical te jaan ûntstee in goed jier lyn doe’t Fryske Gea-direkteur ir. Henk Kroes ‘De Bistebus’ seach. Dy bernemusical hee muzyklearaar Van der Meer, dy’t doe noch net yn ‘e vut siet, tegearre mei studinten van de pabo De Him yn Snits makke.
Van der Meer hee noch net eerder sels in musical skreaun. ‘De Bistebus’ wie yn oparbeidzjen mei studinten makke, earder hee er mei ‘Joazef Masterdreamer’ in besteande musical op ‘e planken set. Hy róp de help fan ald-leeraar en skriuwer Benny Holtrop yn en tegearre hiene se ‘Kening Plestik’ yn fjouwer weke op papier. It krige seine fan direkteur Kroes. Dêrnei het muzyklearaar en musikus Anne Oosterhaven de muzyk makke. De spilers binne foar it grutste part studinten en âld-studinten fan De Him.
De wichtichste rollen binne weileen foar de kening en de tsjoender, dy't sjoen wurde kinne as symboalen foar de klant (want dy is ommers kening) en de produsinten yn ús maatskippij. De kening jout de iene opdracht nee de oare - meitsje dit en meitsje dat - en mient dat er fit foar fit sizzen hat, mar by eintsjebeslút is fit de tsjoender dy’t de toutsjes fan ‘e macht yn hannen hat.
It produksjeapparaat fan de tsjoender bestiet út in masine dy’t op fersyk it iene plestyk produkt nei it oare útkoarret. Oer miljeufersmoarging makket gjin minske hem drok oant de kening in feestje jout en hy alle produkten dy’t yn e ren fan e tiid ut’e masine weirôle binne yn’e tún smite let. De túnman protestearret, mar wurdt daliks efter de traaljes set. Dan begjint de striid tusken goed en kwee en fit aardige fan musicals is fansels, dat fit goede dêryn altyd krekt efkes mear kâns op in oerwinning hat as yn ‘e wurklikheid. Hielendal op in ‘happy end’ útrinne docht it lykwols net, dan wie it faaks dochs noch te te bekearderich wurden, wiene Van der Meer en Holtrop bang.
‘Kening Plestik’ wurdt spile yn in grut, kleurryk dekor fan Beb Mulder. Dat is sels sa grut, dat de musical nee alle gedachten allinne yn de wat gruttere kulturele sintra spile wurde kin. Der binne ynearsten sân útfieringen fêststeld, twa yn it Posthuistheater, twa yn ‘e prachtster Lawei, twa yn Amicitia te Snits en een yn ‘e Harmonie yn Ljouwert. De middeisútfieringen binne yn ‘t foarste plak foar bern ornearre, de jûns wurde ek in protte folwoeksenen ferwachte.