17 april 1990
Leeuwarder Courant op het web
Aaipop wer fol mar nije nammen brek
Plak: De Mande, Nijlân. Barren: Aaipop. Mei: Janneke Hoekstra, Douwe Heeringa en Kompagnie, Inez Timmer, Brún van der Duim, Bauke en Greetje, Eaglefield, Kneppelfreed, Generaasjekleau, AID en de Quotums, Betty Boep, Trije Gurbes, Foarhinne Keamerorkest Excelsior, Strawelte, Reboelje, Doede Bleeker en Swierizer, Presintaasje: Peter Sijbenga. Belangsteling: 1100 persoanen
NIJLAN - Fryslân sjongt, safolle waard juster wol dúdlik op Aaipop. En wêr't Fryslân sjongt, sammelje harren wer oare Friezen. Waard ferline jier it smûke Muzykkafee al te lyts foar dit festival fan allinne mar Frysktalige artysten, it folle gruttere multyfunksjonele sintrum De Mande koe de drokte ek mar amper oen. De middeis moast de doar al ticht: strikende fol, hjit soks leau'k, om it word aaifol diskear mar te mijen. Letter op 'e jûn mochten der wer wat minsken by, sadat meiïnoar sa'n 1100 minsken dit fjirde Aaipop-festival besocht ha.
Drokte dus. Foaral tusken de optredens troch wie der amper trochkommen oen yn de gongen. Minsken dy't harren no ris netsjes gedrage woene, moasten al om in oere as sân heerre dat de Buckler op wie. En ien patatwein wie dúdlik te min om al dy lege magen te foljen. Mar wat soe’t: gesellich wie it wol. En men hie de kâns om mei eigen eagen en earen te fernimmen hoe’t de hjoeddeiske Frysktalige sjongers it derôf bringe, as men yn de sealen komme koe alteast. Benammen yn de lytse, saneamde Harksankjesseal foel dat noch net ta.
Hjir wiene it meest akoestysk operearjende artysten, dy't harren oppenearren. It folk-eftige Kneppelfreed naam dat sels sa letterlik, dat de groep it hielendal op eigen krêft die, dus sûnder de oanwêzige lûdsynstallaasje. De falske noatsjes foelen sa wol wat mear op mar in groep d 't har sa kwetsber op doart te stellen, nimme wy dat net kwea ôf. Ek de harklietsjes fan Janneke Hoekstra wiene foar alles sêft. Douwe 'Brelcream' Heeringa brûkte al wat mear stroom, al holp dat net tsjin syn ferkâldenens.
Yn dizze seal wie 'Stil!' it meest brûkte word, mar yn it Rockhok kaam dat net sa krekt. Spitigernôch holden de measte nijere groepen dy't hjir ûnder it basketballnet kamen te spyljen harren net dwaande mei eigen muzyk, mar mei 'covers'. No kin't bêst wier wêze dat it net folle sin hat om sels te skriuwen as der al safolle lieten makke binne, mar ús heitelân is grif mear tsjinne mei groepen dy't besykje nije, oarspronklike muzyk te meitsjen. Al fermakken wy ús oars poerbêst mei sokken as Generaasjekleau (de nije groep fan Wim Beckers) en de wat rûger útfallen Betty Boep en AID en de Quotums (béste namme op Foarhinne Keamerorkest Excelsior nei).
Mar it wiene dochs de Aaipop-'residivisten' Trije Gurbes, Reboelje en Strawelte dy’t foer de measte wille soargen. De willebilly fan de Gurbes rattelt noch altyd, mar de ferdivedaasjefaktor wie tige heech. Lykwols komme dizze Boalserters der krekt wat te dúdlik foar ut dat se tige graach Strawelte wêze wolle in winsk dy't útkaam by de set fan de Wâldpiken sels. Doe't wy efkes net seagen kiene de lju fan Strawelte yn 'Henkie Mobach' harren ynstruminten efkes oerjûn oan de Gurbes. Strawelte spile hjir better as ea, en oen sjonger Foppe Land wie net te fernimmen dat er in pear dagen earder mei de fyts in rare knoffel makke hie (útgliden oer in brokt kondoom).
By Reboelje giet it der wat earnstiger oen ta. Ek dizze groep is derop foarútgien, it likei wol oft in reis nei it easten (Reboelje is krekt werom út Poalen) ynspirearjend wurket. De nije nûmers wiene alfeast fan sa'n kwaliteit, dat wy al mei nocht útsjogge nei de nije cd, kommende hjerst. Allinne steane de hearen noch wol wat statysk op de planken. Hoe dan ek, Reboelje wie in passende ôfsluter foar dit Aaipop, dat spitigernôch gjin echt nije alternativen hearre liet foar sokke groepen. Nije nammen moatte wy ha, oars witte se yn Nijlân net wat se dêr it oare jier delsette moatte. En mei de lokaasje wordt it ek noch lijen. Dan dochs mar nei de Frieslandhal?JACOB HAAGSMA