Leeuwarder Courant op het web

Tsjoch-festival is famyljebarren

Measte groepen misse eigen lûd

Plak: Posthûs, It Hearrenfean. Barren: Twadde festivaldei fan Tsjoch-9, mei Gysbert, Yn't Flear, Bernard Bröring, Wim Beckers, Wat Oars, Kopacha, Eaglefield, Petielje, Pentachord en de Hymp Hamp Dûnsband. Tal besikers: oan it begjin fan de jûn 70, tsjin tolven oer de hûndert.

IT HEARRENFEAN - It Tsjoch-festival fan de feriening fan Fryske folkmuzikanten is in famylje-barren, dat yn in besletten rûnte thúsheart. Tusken de skodoarren, „ûnder freonen" op Stania State of lykas yn Ierlân yn in kafee, dêr't it publyk ta meisjongen noege wurdt. De Fryske pendant fan it lêste, „Liereliet", is al in sukses, as it kafee moai folrint, lykas freedtejûn doe't der yn „De Breede Weg" goed sechstich leafhawwers wiene foar de Lierelietploech. Dy sjongerij is sûnder pretinsjes en het net folle om 'e hakken; de sjongers wolle mei har Liereliet inkeld gesellichheid biede.

It festival fan sneon pretendearre nei alle gedachten net folle mear, mar dat a hâlden waard yn it Posthûsteater makke fansels al dat der oars nei sjoen waard, alttast troch net-famyljeleden. Dan prate wy net oer it boppesealtsje, dat him útsoarte lient foar Spielerei, of yn goefrysk, pielderij. Yn ‘e grutte seal lykwols wiene de ferwachtings heger. Men ferwachte op syn minst in ferantwurde presintaasje fan de ynhâld, ek al stelde dy it meeste net foar. Wolno, dy presintaasje hâlde net oer in losse sfear mei dan by de folkmuzikanten heech yn 't findel stean, dat betsjut fansels net, dat se tusken har trieddeboel mar raak rommelje kinne.
In begrutlik djiptepunt yn it akoestysk dochs net minne teater wie de groep Yn 't Flear. Dat de groep muoite hat mei har muzikale gelicht, mei noch hinne bruie, mar dat is gin reden der in potsje fan te meitsjen. It geknoffel mei mikrofoans en ynstruminten naam gjin ein, de oankundigingen wiene flau of ûnfersteanber. Op har gesicht stie selsspot te lêzen, dat men moast der ek wol wer om gnize. Oprjochte amateurs, is 't net sa? As se berops wiene, soe men har in „Publiek, ík veracht u!"-hâlding ferwite. Mar likegoed: se moatte mar gau werom nei de achterkeamer fan omke Harke yn Frjentsjer, dér't se mei de tekst „Yn it ljocht fan de sinne wurde de stjerren wei/ as it tsjuster wurdt, skine se op 'e nij' wol in skodoar iepentraapje kinne.
Dat muzikale gesicht sitte de measte folkgroepen mei tangele. In tsien jier tebek, doe’t de folkgroepen en festivals as paddestuollen út e grûn opriisden, hie men de hope, dat se nei in perioade fan lienen by de grutte foarbylden út Ingelân, Skotlân en Ierlân, in eigen lûd heerre litte koene. Guon is dat slagge: Irolt bygelyks- destiids al de béste groep - hot teksten fan Fryske dichters yn in eigen muzikaal idioom jitten, dat oan „folk" amper noch besibbe is. Irolt die diskear net mei, al hie se yn it Posthústeater grif better op har plak west as ferline wike yn Starum.
De groep Gysbert - fan Japiks - lit in earlik Frysksinnich lûd hearre, mar wrakselet noch om de goede foarm. De griemmank dêr’t it publyk sneon mei yn ‘e kunde kaam, koe technysk net altyd besjen lije. In wat nuver plak hie de sjongeres dy't har sawat om it nûmer wat ûnwennich tusken de apparatuer troch nei foaren wrotte foar it sjongen fan in twadde stim. Se hie har dy muoite ek besparje kind, want har lûd waard wei yn fit Gysbert-geweld.
Technysk yn 'e es like Kopacha, in groep dy’t har talein hat op folksmuzyk fan de Balkan en fierder ald-jiddyske lieten nij líbben ynblaast. De knappe útfiering op in scala fan ynstruminten - en in pear kear hiel moai a capella - naam lykwols net wei, dat men hjir net muzyk út de safolste hân hearde: de fûnk fan in originele útfiering ûntbriek.
De Wim Beckers groep siket wol wer om in eigen lûd, dat woartele is yn Fryslân. Dat de groep de boer opgiet mei in programma oer Troelstra, is in pryslik idee: de dichter Piter Jelles kin net genôch oan 't wurd komme. Yn de musical fan Jaap van de Merwe bygelyks heart men him hielendal net. Muzikaal gappet der spitigernóch in grut gat tusken de profs fan de musical en de Fryske amateurs.
Yn it programma yn de boppeseal - dat foar tas grut part lykop run mei dat yn de teaterseal - ha wy net folle origineels ûntdekke kinnen, al moesten wy troch Kopacha Petielje misse en is Pentachord ûs ek ûntkommen. Wol waard der prachtich swietlûdich songen troch broer en sus Eaglefield, mar dat gou benammen ferneamde songs as „Springtime", „Garden" en „Suzanne". In groep dy't har ,,Wat oars" neamt, brocht in reggae-achtich nûmer oer de tastân yn Soweto en rekke allinne har eigen snaren. Sa oars wie it dus net.
Koartom, dit Posthûs-festival liet noch werris it tekoart sjen dér't gâns muzikanten blykber net iens ûnder lije: se kinne har gauris op mear as ien ynstrumint rêde, mar misse it geduld of de oanstriid mear as inkeld frijbliuwend mei har muzyk dwaande te wêzen. Op syn bést kleurd neffens elk syn of har palet fan mooglikheden, komt dy muzyk ut ‘e winkel en net út it hert.

PIETER DE GROOT

terug naar Tsjoch

Deze pagina is bijgewerkt op