Leeuwarder Courant op het web

JOOP VERBEKE SJONGT FRYSKE POËZY

Obe Postma en de bossa nova

In Siuw, jazz, Fryske gedichten - trije dingen dy't op harsels hiel gewoan binne. Mar in kombinaasje fan dy trije liket hiel ûnwierskynlik. En dochs binne de wunders de wrâld noch net ut: Joop Verbeke is der yn slagge dat alles ta ien gehiel te smeien op syn nijste grammofoanplaat: „Dit folk”.

Joop Verbeke, de nestor fan de moderne jazz yn Fryslân is berne yn Seelân en as jonge nei Ljouwert ferfearn. Op lettere leeftyd hat er him, dêrta ynspirearre troch onder oaren Rients Gratama, It Frysk eigen makke. Poëzygefoelich fan aard, kaam hy sa al rillegau yn de kunde mei de Fryske dichtkeunst. Benammen it wurk fan Obe Postma spriek him oan.
Yn 1977 kaam by de BV Friese Pers de lp „Joop Verbeke zingt van dichters” ut. Dêr stiene gedichten op fan ûnder oaren Willem Elsschot, J. J. Slauerhoff, A. Roland Holst, J. C. Bloem. mar ek in fjouwertal Fryske fersen, fan Rients Gratama, D A. Tamminga, Jan J. Bylsma en Fedde Schurer. Joop Verbeke hie dizze fersen op toan set en arrangearre en hy song se sels ek, begelaat troch syn muzikale freonen.
Utjouwer Lykele Jansma út Stiensgea hat dit idee oernommen en no „Dit folk” útbrocht, dêr't allinne Fryske poëzy op stiet, útsein ien Ingelsk koeplet fan „Solitude”. It binne fersen en lieten fan Obe Postma, Fedde Schurer, Marten Sikkema en Leo Dykstra en ferfryskingen fan „evergreens” fan Teake Hoekema. Joop Verbeke hat op dizze plaat muzikale stipe krigen fan syn broer Harry op tenoarsax. Karst de Groot op gitaar, Sjoerd van der Wal op basgitaar en Jan van Batenburg op drums.
Yn de jazz komt it tige oan op de persoanlike ekspresje, de eigen „sound” en Joop Verbeke syn stimme foldocht hielendal oan dy eask, want syn wat hease. jazzy timbre kenne je ut tûzenen wer. It docht ek bliken dat it Frysk net sa min bylket as jazztaal, al bliuw ik fan betinken dat wat dat oanbelanget der njonken it Ingelsk neat giet boppe it Grinslânsk, dat hat Janny Stalknecht destiids wol bewiisd mei har „Laiverd kom weer bie mie” oftewol „Lover come back to me”.
Soms feringelsket Joop Verbeke al swingendewei it Frysk in bytsje, bygelyks by „up” fan Upstalbeam. of as hy de k aspirearret en khomme sjongt ynstee fan komme. En wat apart yn it Frysk klinkt syn brijkjende r, mar dêrmei is er yn útsûnderlik goed selskip, want ûnfertochte Friezen as Piter Jelles Troelstra, Jan Piebenga en Geart van der Zwaag binne him foargien.
It ferskaat dat de moderne jazz biedt, is ek werom te finen op dizze plaat. „Dit folk” fan Fedde Schurer hat hy in gospel-bluesjaske oanlutsen „Ferkeard besteld” fan deselde dichter hat in rock-ritme as eftergrûn. Obe Postma's „De Parrebeam” en „It wie in dei fan reinen” hawwe respektivelik in latin- en bossa nova-behanneling krigen. Koarnwert en Rio de Janeiro lizze in ein útinoar, mar it kin.
Muzikaal sjoen fertelt de plaat gjin nijs. mar yn it foardiel sprekt dei spontane opset fan it gehiel, mei oare wurden: it is net dea-arrangearre. Net altyd even gelokkich, want soms te rimpen, binne de tempowikselingen. bygelyks yn „De hege dyk lâns” en „In klinte mei dij” („Tea for two”). „Dit folk” is net in plaat dy't men oanienwei draait, mar dy't dochs - en dat docht foaral bliken nei in pear kear harkjen - subtile kwaliteiten hat. En de opnamekwaliteit is lokkigernôch in hiel stik better as by Verbeke's earste dichters-lp.

SIKKE DOELE

terug naar Joop Verbeke

Deze pagina is bijgewerkt op