Leeuwarder Courant op het web

Benefyfkonsert foar „Jongerein"

Frysk popfestival moarn yn Wurdum

Wa't wat bybliuwe wol op it Fryske popfront, mei it festival dat moarntejūn yn Wurdum hālden warde sil, net oerslaan. Sān Frysktalige muzykgroepen ouwe dźr nammentlik yn „Golle" acte de présence op in benefyt-jūn foar de Jongerein, de organisaasje, dy't troch ferlies fan subsydzje sa yn 'e jildpine sit. De bands steane by dizze gelegenheid harren gage ōf oan de Jongerein.
De dielnimmende groepen en artysten binnen Jarje, Skuor, Okke Hel, Kramtrie, Sytse van der Werf, Doede Veeman en de Knillis Jitske Band. Mei oare worden: de styl en de sfear fan de muzyk rint nochal śtinoar, der is dus foar eltsenien wat.
Jarje is in akūstysk apyljende groep, mei in myld, humoristysk, poėtysk en ironysk repertoire. Skuor en Okke Hel binne śs beide Fryske nije weach - oftewol new wave-bands, flugge muzyk mei direkte teksten sūnder franje. Kramtrie is de jongste fan de dielnimmende groepen en de bindleden komme śt Drachten en Damwįld. Sy wurkje mei teksten fan lt Drachtster Stikel-kollektyf en hālde yn Wurdum harren premičre.
De Knillis Jitske Band bestiet śt njoggen persoanen en de groep is neamd nei de sjongeres, dy t neffens de organisatoaren mei har stevige, rūge nūmers de seal plat krije kin: „mar ek in romantyske balled sjongt hja sa dat de grimeltsjes jin oer de keale rźch rūgelje." Yn de band sitte fierders noch Douwe van der Werf (ex-Okke Hel) op elektryske piano en Hans Wijnbergen (ex-Fuc) op tenorsax.
Nźst dizze bands komme der ek twa troubadours: Sytse van der Werf en Doede Veeman, dy't elk in seleksje bringe fan harren meast humoristyske, satiryske, dichterlike, skerpe en mylde teksten. Radio Fryslān makket mooglik opnamen fan it benefyt-konsert oer plaatopnames wordt noch ūnderhannele. Tusken de bedriuwen troch spilet it Snitser allround-orkest Pragma „gouwe ouwe" en top-fyftichmuzyk.


Deze pagina is bijgewerkt op