10 juni 2011
Leeuwarder Courant op het web
Gerbrich Van Dekken:
Bubbels. Eigen behear.Gerbrich van Dekken makke har poadiumdebút mei in fersy fan ‘Huilen is voor jou te laat’ fan Corry En De Rekels. It wie in soarte fan playbackshow op it doarpsfeest en se wie tsien, mar dochs. Sûnt dy tiid hat se har aardich ûntjûn, ek mei tank oan Gurbe Douwstra, dy’t har talint ûnder syn wjukken nommen hat. Hy docht fansels ek mei op har kreas útfierde debút-cd, mei minsken as banjospylster Johanna Hamstra en multi-ynstrumintalist Jan de Vries (grif deselde dy't ek meidocht op de plaat fan Sido Martens). De measte ferskes binne ‘covers’ fan sokken as Bob Dylan, Richard Thompson en minder bekind folktalint as Greg Trooper en Tim O'Brien, allegearre mei Fryske teksten. De snaren oerhearskje yn in lûd dat skaaid nei folk en country. En hoe sjongt Gerbrich van Dekken? As in klokje, suver en ekspressyf. Sa wurdt men suver nijsgjirrich nei hoe’t ‘Huilen is voor jou te laat’ doe klonk, op it doarpsfeest fan Eastermar. Gerbrich wurdt hjir grif net de ferneamdste Eastermarster fan, mar dizze plaat is kreas genôch.
J. H.