20 april 2009
Leeuwarder Courant op het web
Sjong: leechdrimpelich sjonge yn it Frysk
Troch Jacob Haagsma
DOKKUM - Dat wie moai, it slotbyld fan it tredde Sjong-festival. De suskes Nynke en Wiljo Sybrandy diene harren winnende liet nochris, mei de oare finalisten drok meisjongend etter harren. Sa'n sterk byld wie dat, dat de opnamelieding fan Omrop Fryslán it liet healwei ûnderbruts. It begjin stie der net goed op, dus oft it nochris koe.
It boadskip wie dúdlik. It winnen is miskien krekt efkes wichtiger as it dielnimmen, mar eins giet it om it hiele festival en wér't dat foar stiet. It Frysk moat mear brûkt wurde, blinder, benammen toch de jongerein. Bygelyks yn nije sjongteksten op besteande lieten.
Dat is it leechdrimpelige utgongspunt fan it festival, organisearre troch Cedin/Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslán. En boppedat, wa't hjoeddedei in beskaat berik ha wol mei Frysktalige muzyk, hat de measte kâns mei oerset wurk fan oaren. Neat oan te dwaan.
Mear as fyftich jongelju ut it fuortset ûnderwiis, tusken de tolve en de achttjin, joegen har op. Fyftjin dêrfan kamen yn de finale, yn DOK 18 yn Dokkum. De leden fan de sjuery Meindert Bosklopper en de sjongeresen Tet Rozendal en Carin Seegers, joegen per dielnimmer harren kommintaar, as gie it om Liet of X-Factor. Tige kritysk wiene se net, earder freonlik en opbouwend. „Hâld sjongles", folle feniniger waard it net.
No songen de froulju oer it generaal tige behoarlik oant prachtich. Ja, froulju. Der wie mar ien jonge dy't it oandoarde om te sjongen, en dizze Albert van der Tuin hie dan ek daliks syn eigen 'orkestbán' ynspile. Syn soepel songen 'Lit mar los', nei Marco Borsato, brocht sjuerylid Tet Rozendal ta in warskóging. „Piter Wilkens, sjoch mar út!"
De measte dielnimmers keazen foar balladeftige ferskes. Net altiten like maklik, mar se rêden har der kreas mei. De iennige twa bands, mei fammen oan de mikrofoan, kamen mei steviger wurk. Plug In fan Dokkum die ‘Nobody's wife’ fan Anouk en Skoalband It Húske fan Easterwâlde earde de soul fan Al Green mei ‘Bring my nei de Linde’ (‘Take me to the river’, fansels).
Ek Hinke Bijma die in ófwikende kar, dy't benammen Rozendal yn ferrukking brocht: it ferneamde musicallied ‘Cabaret’ (yn it program taskreaun oan Pia Douwes, mar dy song sels al in oersetting). Se krige der in tredde priis foar, dy't se diele moast mei Albert van der Tuin. Lykas de measten liet sy har begeliede toch in orkestbân. Mar Djoeke Boomsma fan Ljouwert kroep sels efter de piano foar ‘Myn fertriet’ (‘I still cry’ fan Ilse DeLange). Benammen foar de nuodlike oergong nei har kopstimme krige se de hannen fan de sjuery opinoar, en se waard dan ek twadde.
It ‘belten’ fan Nynke Sybrandy krige ek de kompliminten. Sy song ‘Fanút myn hert’, of ‘Lost’ doe't Anouk it sels die. Har suske Wiljo spile gitaar en tegearre hiene se „in prachtige utstraling" neffens de sjuery. Dat is ek in kritearium fansels. Dizze prizen wiene allegear foar de útfiering. De sjuery en it publyk, dat earder al op ynternet stimme koe, keas ‘In stikje bôle mei heagelsleage’ (nei ‘What have you done’ fan Within Temptation) ta bêste tekst. De makkers, Rixt Kingma en Roos Tuinder, hellen as sjongeressen de finale net.
Sa wie it in noflike jûn, mei in protte famylje en goekunde op de tribunes en in grut tal spandoeken. It waard allegearre net op de spits dreaun. Die in keyboard it ris net of fersûpte in sjongeres der yn de earste maten al yn, dan mocht de saak rêstich wer op'e nij begjinne. Al kin dat earder te meitsjen ha mei de jacht op moaie, glêdstrutsen tillevyzje sûnder flaters as mei earlike konkurrinsje.