Leeuwarder Courant op het web

‘Oliver’ hâldt jin yn 'e besnijing

Plak: Notaristún, Jorwert. Utfiering: Iepenloftspul ‘Oliver’, bewurking fan de musical fan Lionel Bart nei de roman ‘Oliver Twist’ fan Charles Dickens. Fryske oersetting: Jan Schotanus. Utfierenden: amateurs Littenseraddiel (70 spilers en muzikanten). Muzikale lieding: Clara Rullmann. Koreografy: Pieteke Harstra. Dekor-ûntwerp: Beb Mulder. Kostúm-ûntwerp: Liedwien van der Veer. Regy: Romke Toering en Marijke van Beem. Tal besikers: 755 (fol). Bysûnderheden: noch tsien útfieringen (23, 27, 29 en 30 augustus: 3, 5, 6, 10, 12 en 13 septimber), allegearre útferkocht.

JORWERT - Fan it iepenloftspul fan Jorwert giet sa'n rôp, dat de alve foarstellingen ferline wike freed al yn in heale dei útferkocht wiene. Juster sieten de earste 750 man op ‘e nije tribunes, en doe’t de ljochten om tsien oer alven dôven, hiene hja it idee, as wie de jun omflein. Konklúzje ien: dy banken sitte dus noflik, sels foar wa't gjin tekkentsje of kessen meinommen hie. Konklúzje twa: dit iepenloftspul hie j in fan begjin oant de ein yn ‘e besnijing.
De kar foar de musical ‘Oliver’ fan Lionel Bart, nei it boek fan Charles Dickens, betsjutte dat der in hiel grutte besetting komme moast, mei in grut tal bern om de weesbern út it earmhûs en de boefkes fan de âlde heelder Fagin te spyljen. En fierder waard der frijwat frege fan de spilers, dy’t fan de grutste rol oan it lytste roltsje oanienwei yn ‘t spier wiene, treppens ôf, treppens op yn dit fernimstige, troch Beb Mulder ûntwurpen mânske dekor fan trije ferdjippingen, dat alle lagen fan it njoggentjinde-ieuske Londen herberge: de earmen, de riken, de middenstân en de kriminelen. Muzikaal is ‘Oliver’ in hiele opjefte: it iene liet jaget it oare, fan gefoelige solo-lieten oant spektakulêre ensemblenûmers.
De ynhâld fan ‘Oliver’, it weesjonkje dat ferkocht wurdt oan in begraffenisûndernimmer, útnaait, yn hannen fan boeven en heelders komt, en troch in wûnderbaarlik tafal rêden wurdt troch in begoedige boargerman dy't syn pake blykt te wêzen, is gau ferteld. It is in typysk Dickens-ferhaal, fol sfear en spanning, dy’t Lionel Bart yn syn musical knap troffen hat en dêr’t yn de Fryske ferzy neat fan ferlern gien is.
Dat is yn 't foarste plak in fertsjinste fan an Schotanus, dy’t der treflik, ryk Frysk fan makke hat. De muzikale enseanearing fan Clara Rullmann is ‘knipt’ foar de Jorwerter ploech, dy’t op it mêd fan sjongen ta geweldige prestaasjes komt. Hoewol’t it in totaal-produksje is dêr’t ûnder de wisse lieding fan Romke Toering en Marijke van Beem elk syn of har oandiel yn hat, kin men der net ûnder út en neam dochs in pear nammen. Dy fan Nynke Laverman yn ‘t foarste plak, dy’t as Oliver alles mei hat, linich fan stim en fan liif. Opfallend is fierder it oandiel fan Sybrecht Speerstra as it deltsje Nancy, dy’t yn dit Jorwerter fermidden foar it earst skitteret.
Wa’t dat da faker docht en no himsels suver oertreft, is Douwe de Bildt as de glûpske jeugdbindelieder Fagin. Mar him op in fuotstik sette, soe ferkeard wêze. ‘Oliver’ is oer alle boegen slagge. De 7500 minsken dy’t der noch hinne moatte, moatte de eagen mar goed de kost jaan.

PIETER DE GROOT

terug naar Oliver

Deze pagina is bijgewerkt op