Leeuwarder Courant op het web

Tsjoch-festival is famyljebarren

Measte groepen misse eigen lūd

Plak: Posthūs, It Hearrenfean. Barren: Twadde festivaldei fan Tsjoch-9, mei Gysbert, Yn't Flear, Bernard Bröring, Wim Beckers, Wat Oars, Kopacha, Eaglefield, Petielje, Pentachord en de Hymp Hamp Dūnsband. Tal besikers: oan it begjin fan de jūn 70, tsjin tolven oer de hūndert.

IT HEARRENFEAN - It Tsjoch-festival fan de feriening fan Fryske folkmuzikanten is in famylje-barren, dat yn in besletten rūnte thśsheart. Tusken de skodoarren, „ūnder freonen" op Stania State of lykas yn Ierlān yn in kafee, dźr't it publyk ta meisjongen noege wurdt. De Fryske pendant fan it lźste, „Liereliet", is al in sukses, as it kafee moai folrint, lykas freedtejūn doe't der yn „De Breede Weg" goed sechstich leafhawwers wiene foar de Lierelietploech. Dy sjongerij is sūnder pretinsjes en het net folle om 'e hakken; de sjongers wolle mei har Liereliet inkeld gesellichheid biede.

It festival fan sneon pretendearre nei alle gedachten net folle mear, mar dat a hālden waard yn it Posthūsteater makke fansels al dat der oars nei sjoen waard, alttast troch net-famyljeleden. Dan prate wy net oer it boppesealtsje, dat him śtsoarte lient foar Spielerei, of yn goefrysk, pielderij. Yn ‘e grutte seal lykwols wiene de ferwachtings heger. Men ferwachte op syn minst in ferantwurde presintaasje fan de ynhāld, ek al stelde dy it meeste net foar. Wolno, dy presintaasje hālde net oer in losse sfear mei dan by de folkmuzikanten heech yn 't findel stean, dat betsjut fansels net, dat se tusken har trieddeboel mar raak rommelje kinne.
In begrutlik djiptepunt yn it akoestysk dochs net minne teater wie de groep Yn 't Flear. Dat de groep muoite hat mei har muzikale gelicht, mei noch hinne bruie, mar dat is gin reden der in potsje fan te meitsjen. It geknoffel mei mikrofoans en ynstruminten naam gjin ein, de oankundigingen wiene flau of ūnfersteanber. Op har gesicht stie selsspot te lźzen, dat men moast der ek wol wer om gnize. Oprjochte amateurs, is 't net sa? As se berops wiene, soe men har in „Publiek, ķk veracht u!"-hālding ferwite. Mar likegoed: se moatte mar gau werom nei de achterkeamer fan omke Harke yn Frjentsjer, dér't se mei de tekst „Yn it ljocht fan de sinne wurde de stjerren wei/ as it tsjuster wurdt, skine se op 'e nij' wol in skodoar iepentraapje kinne.
Dat muzikale gesicht sitte de measte folkgroepen mei tangele. In tsien jier tebek, doe’t de folkgroepen en festivals as paddestuollen śt e grūn opriisden, hie men de hope, dat se nei in perioade fan lienen by de grutte foarbylden śt Ingelān, Skotlān en Ierlān, in eigen lūd heerre litte koene. Guon is dat slagge: Irolt bygelyks- destiids al de béste groep - hot teksten fan Fryske dichters yn in eigen muzikaal idioom jitten, dat oan „folk" amper noch besibbe is. Irolt die diskear net mei, al hie se yn it Posthśsteater grif better op har plak west as ferline wike yn Starum.
De groep Gysbert - fan Japiks - lit in earlik Frysksinnich lūd hearre, mar wrakselet noch om de goede foarm. De griemmank dźr’t it publyk sneon mei yn ‘e kunde kaam, koe technysk net altyd besjen lije. In wat nuver plak hie de sjongeres dy't har sawat om it nūmer wat ūnwennich tusken de apparatuer troch nei foaren wrotte foar it sjongen fan in twadde stim. Se hie har dy muoite ek besparje kind, want har lūd waard wei yn fit Gysbert-geweld.
Technysk yn 'e es like Kopacha, in groep dy’t har talein hat op folksmuzyk fan de Balkan en fierder ald-jiddyske lieten nij lķbben ynblaast. De knappe śtfiering op in scala fan ynstruminten - en in pear kear hiel moai a capella - naam lykwols net wei, dat men hjir net muzyk śt de safolste hān hearde: de fūnk fan in originele śtfiering ūntbriek.
De Wim Beckers groep siket wol wer om in eigen lūd, dat woartele is yn Fryslān. Dat de groep de boer opgiet mei in programma oer Troelstra, is in pryslik idee: de dichter Piter Jelles kin net genōch oan 't wurd komme. Yn de musical fan Jaap van de Merwe bygelyks heart men him hielendal net. Muzikaal gappet der spitigernóch in grut gat tusken de profs fan de musical en de Fryske amateurs.
Yn it programma yn de boppeseal - dat foar tas grut part lykop run mei dat yn de teaterseal - ha wy net folle origineels ūntdekke kinnen, al moesten wy troch Kopacha Petielje misse en is Pentachord ūs ek ūntkommen. Wol waard der prachtich swietlūdich songen troch broer en sus Eaglefield, mar dat gou benammen ferneamde songs as „Springtime", „Garden" en „Suzanne". In groep dy't har ,,Wat oars" neamt, brocht in reggae-achtich nūmer oer de tastān yn Soweto en rekke allinne har eigen snaren. Sa oars wie it dus net.
Koartom, dit Posthūs-festival liet noch werris it tekoart sjen dér't gāns muzikanten blykber net iens ūnder lije: se kinne har gauris op mear as ien ynstrumint rźde, mar misse it geduld of de oanstriid mear as inkeld frijbliuwend mei har muzyk dwaande te wźzen. Op syn bést kleurd neffens elk syn of har palet fan mooglikheden, komt dy muzyk ut ‘e winkel en net śt it hert.

PIETER DE GROOT

terug naar Tsjoch

Deze pagina is bijgewerkt op