Leeuwarder Courant op het web

Polonźse mei Anneke Douma, abstraksje mei Reina Rodina

NIJLAN - In fearnsieu Aaipop is in fearnsieu eamstich omtinken foar muzyk yn it Frysk. En in fearnsieu feest, noch krekt gjin karnaval op syn Frysk.

Net eltsenien yn de organisaasje kin it wurdearje dat harren festival ferlike wurdt mei karnaval, of in doarpsfeest, of soks. In plak dei t minsken komme foar de gesellichheid, foar it bier en foar de oare sekse.
Dochs is it der wol op śtdraaid sūnt it festival yn 1989 begun, neat oan te dwaan. Ek op de 25ste edysie gie it ridlik māl, op dy fronten. De polonźse waard sa hurd noch net beoefene, mar by Anneke Douma, oan de ein fan de dei, wie it dochs hast safier.
De wierheid oer Aaipop is dat it alles hat fan in doarpsfeest, of karnaval, mar dat dat net ōfdocht oan de ynhāld. Aaipop gie yn 1989 oer Frysktalige muzyk en dat is yn 2012 noch altiten sa. Mar sjoch ris hoe grut as it ferskil is tusken doe en no, hoe't de pop yn 'e memmetaal groeid is, yn oantallen en yn nivo. En rekkenje mar dat Aaipop der hiel wat yn betsjutten hat.
Hoe earnstich as Aaipop dy ferantwurdlikens nimt, blykt wol śt it optreden fan Reina Rodina. Har muzyk, earnstich, elektroanysk, abstrakt, stiet fier 8f fan wat wenst is op Aaipop.
Se hie dan ek net folle oanrin, ek al omdat it fanwegen de technyk in stik letter begun. Mar se stie der wol, op Aaipop, en der heart se ek thus.
Lykas Anneke Douma, dus, ek al wie dit har earste kear op Aaipop. Sy hie de sfear der wol yn mei har ferskes yn Frysk, Liwwadders en sels, sūnder dat it lūd śtdraaid waard, it Nederlānsk. Mar wa wit siet de organisaasje doe krekt yn in polonźse.
Fanwegen it jubileum wiene der aardich wat artysten dy't der dy allerearste kear ek by wiene: Jaap Louwes, Piter Wilkens, Doede Bleeker. In moai stikje kontinuļteit, dat Louwes in nije diminsje joech troch te spyljen mei in band dy't suver in generaasje jonger wie as hysels, wat syn ferskes in moaie oppepper joech. En hy song ek noch oer de śtrekke ferkearing fan syn soan.
Ek Jankobus Seunnenga en Ernst Langhout (mei syn 'ploech') binne fan in, lit śs sizze, generaasje dy't al efkes aktyf is, mar Bauke van der Woude hie wat in punt doe't er syn 'combo' „de iennige bejaardengroep' neamde. Mar goed, hy hie wol gitarist en akkordeonspiler John Eskes meinommen, en om in muzikant fan syn statuer op Aaipop te sjen is ek wol noflik.
De nije generaasje sels wie der oars ek, mei lju as Reina Rodina, Janna Eijer, It Doarp (de nije, Frysktalige ynkarnaasje fan Pilatus Pas, de band fan Jelte Posthumus) en Rekker (de 'indie'-eftige band fan sjonger-sjoernalist Eduard Rekker).
Ek NNB is de jonge kant it neist, mar harren ruge rock-lūd krige ūnferwachte folkeftige ympulsen fan multi-ynstrumentalist Tseard Nauta, op de banjo bygelyks.
By De Hūnekop wie it pas hielendal feest. De grutte Teneftertinte wie grōtfol. Benammen foar de ruge, realistyske ferskes fan Emiel Stoffers, mar ek omdat der buten einliks net te wezen wie. Dźrom flechten de measten fan de likernōch 2200 besikers mar yn de tinten of yn De Mande.
Krekt mei sa 'n bytsje it kāldste en wietste waar ut de Aaipopskiednis wie der foar it earst in iepenloftpoadium ophoud. Der spile benammen it lūdroftiger folk, lykas Bombarje, foar efkes werbyinoar, en de gelegenheidsgroepen Frysellica en Stiet As Quo.
Dy earste hie it Metallica-wurk fan twa jier lyn śtwreide mei in ferskaat oan hardrock-covers, yn it Frysk, en de twadde spile oersettingen fan Status Quo-nūmers. No, it koe dan reine en it mocht dan kāld weze, soks gie der wol yn by de Aaipop-gongers. De organisaasje wie wol sa attint om reinponsjo's śt te dielen.

terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op