Leeuwarder Courant op het web

COMPACT

Tsjêbbe Hettinga-The Doarmers: Oan 'e Brek in dei. Stichting Brij Blues.

Meastal besjonge de minor poets de dieden fan harren grutte foarbylden, krekt dêrom is it sa aardich dat de Stifting Gerben Rypma Gysbert Japicx-priiswinner Tsjêbbe Hettinga frege hat om 'Oan 'e Brek in dei' te skriuwen. It ûnderwerp fan it lange gedicht- boerearbeider/dichter/skilder Gerben Rypma - wenne en wurke jierrenlang yn grutte ôfsûndering oan de Aldegeaster Brek. Iensum en eigensinnich wie syn libben, sunder ierdske rykdom. „Mar dêr maalde er net om. Hy stelde him de doelen heger." Hy stiet te boek as in folksskriuwer, mar guon fan syn fersen binne net sunder literêre kwaliteit. It lange gedicht fan Tsjêbbe Hettinga is in barokke, mei sympaty skreaune evokaasje fan de teare keunstnerssiel fan Gerben Rypma (1878-1963) en fan syn lytse wrâldsje. Hettinga draacht it op de fan him bekende rôljende, soms nei de bombast útskaaiende toan foar. Hille Faber - yn in skier ferline sjonger fan muzykgroep Jarje - hat trije gedichten fan Gerben Rypma op muzyk set. The Doarmers fiere de lieten ut. Se ha de sjarme fan de ienfâld.

SIETSE DE VRIES

terug naar Gerben Rypma

Deze pagina is bijgewerkt op