SKREAU
It seelūd rūze foar my śt, oer de wie dy't ik gie
Troch de fjilden, lāns de blommen oer de klaai en oer it sān
En ik seach, fier yn'e fierte nei de loft fūleindig read
Fier dźr boppe, drapearre tekken mei in fjoerswurd omheech
Ik hearde de wyn razen, it wie in skreau fan twastriid
It griep nei de kiel, it gūlde triennen, it sālte wetter sūnder siel
Ik seach hoe't de loft spatte en al har gifgrien oer de wrāld koarre
It tsjuster stutsen, de greppels brutsen en al it fjoer śt de minsk wei gie
Utstoarn, ferdwaald as oars fuort
De leechte laket my oan
De wei dy't rūn wie op toskfleis bitend
Fjochtsjend foar frijens op fjoerige grūn
Lśsterje nei de wyn, nei al har pūsten, nei al har roffels oer it lān
Wylst soere loften nei de siken gapje boppe de see dy't oalje spield
Ik seach hoe't de loft spatte en al har gifgrien oer de wrāld koarre
It tsjuster stutsen, de greppels brutsen en al it fjoer śt de minsk wei gie
Ut de minsk wei gie
Hedser Jan Tijtsma
naar Ljoubjr
Deze pagina is bijgewerkt op