DE SMID FAN EARNEWÂLD
Djip yn ‘e Alde Feanen
Dêr ’t de reiddomp nêsten bout
Dangelt noch in spoeksel om
Dêr ’t iderien fan grout
It sweeft der nachts brimstich om
Dizen om syn lidden
De skrik fan lyts en fan grut
En skeiner fan ’t libben
It is de smid fan Earnewâld
It is de smid fan Earnewâld
Tink derom…
As er nachts op paad is
Is mannich libben ûnwis
It is de smid fan Earnewâld
Hy ‘s reader as de dage
Freon fan ûlen en raven
Baas smid fan âlde sagen
Dúvels groue deadraver
Hat it nea en noait noch fûn
Dwaalt noch ivich yn ’t run
De skrik fan lyts en fan grut
En skeiner fan ’t libben
Okkerdeis kaam ik him tsjin
En frege him mei swiere stim
“Bisto de Langsleattermerman,
De Smid fan Earnewâld?”
“Ja”, sei er…“
Hoe doarst it te freegjen?”
“No, ik ha de Feanhoop opnij besocht!”
Hy seach my oan al hiel betsjoend
En nimmen hat him ea wer sjoen
It wie de smid fan Earnewâld
It wie de smid fan Earnewâld
Tink derom…
As er nachts op paad wie
Wist mannichien gjin rie
It wie de smid fan Earnewâld
© 2006 Wouda
van de CD De Feanhoop opnij besocht (2008)
Deze pagina is bijgewerkt op