21 mei 1996
Leeuwarder Courant op het web
KNIPPE & SKEARE, dat kinne se yn Rinsumageast
'Der stevich tsjinoan; op it alderskerpst'
Men moat it paad even witte om yn 'e oefenromte fan de rock-formaasje 'Knippe & Skeare' te kommen; in ferwrotten betonreed ófrinne, ûnder in roldoar trochdûke, in ferlitten opslachromte troch, in smelle ljedder op, in brede souder oerstekke en as lêste in izeren doar yn in stiennen poarte forsearje. Foar rockmuzikanten moat sa'n âld ferfallen gebou in boame fan ynspiraasje wêze. It kin hast net oars. Wêr't wy bedarre binne? Op ien fan de boppe-etaazjes fan de eardere molkfabryk fan Rinsumageast.
'Knippe & Skeare' wurdt foarme troch Atsje Vriesema (sang, star-chimes, tamboeryn, kobelle en oar slachark), Wybren Jomtsma (gitaar), Foppe van der Veen (gitaar), Willem de Groot (drums), Harold van Diggelen (bas) en Taco van Diggelen (sang). De lêste twa bandleden koene spitigenôch net by it fraachpetear oanwêzich wêze.
De band is yn 1992 ut ein setten ûnder de ûnferskillige oantsjutting 'Insouciance', mar neffens Wybren Jorritsma wie dy namme net sa'n sukses; in elk bruts him de tonge der oer. In jier nei oprjochting waard Atsje Vriesema as sjongeres oan 'e groep tafoege en liet de formaasje him as 'Knippe & Skeare' by de boargerlike stân ynskriuwe. Dy namme leit de Friezen sûnder mis makliker yn 'e mûle, al sil dy oantsjutting by guon wol fraachtekens oproppe. Wybren leit ut: 'In trainer, hjir by VCR, de fuotbalklup fan Rinsumageast, raasde altiten as er de ploech oanfitere: 'Kom op, jimme! Knippe en skeare, dy mannen!' Hy bedoelde dan: der stevich tsjinoan, op it alderskerpst. Dy útrop ha wy oemommen.' 'Knippe & Skeare' hat yn haadsaak 'covers' op it repertoire stean fan groepen lykas Red Hot Chili Peppers, Pearl Jam, Black Crows, Tina Turner, The Golden Earring, De Dijk en The Scene, om mar ris in pear te neamen. De lêste bid foegje se lykwols hieltyd mear eigen Frysktalich materiaal oan it program ta.
Foppe: 'Yn it Frysk kinne wy ús it bêste útdrukke, mar it probleem is dat der in soad bid yn it skriuwen fan eigen teksten sitten giet. Wat wysels op papier set ha, kriget ek in folslein oare muzikale sfear as de covernûmers, dy't wy bringe.' Wybren: 'Se ha wol ris sein dat wy wat te fergelykjen binne mei de âlde Wiegels Wjukkelmasine.'
Foppe: 'Dat ha je altiten. Je vuurde gau mei oaren fergelike. Dat is gewoan sa.'
Willem: 'It punt is dat it hiel dreech is om as begjinnende band fuort mei in folslein eigen Frysk repertoire te kommen. Der is gjin kroechbaas dy't je dan ha wol. De measten wolle datje muzyk bringe, dy't bekend is by it grutte publyk. Der moat herkenning yn sitte. Dan wurdt der swingd en dûnse en draait in kroechbaas of sealeigener mei in aardige omset. Se binne bang dat ast eigen Fryske numers bringst, dat der dan allinne mar nei lustere wurdt.'
Wybren: 'En dat is no krekt hielendal net sa. Us eigen numers begjinne al aardich bekend te vuurden by ús fêste publyk. Der wurdt hieltyd faker om frege.'
It docht bliken dat 'Knippe & Skeare' sa stadichoan al in lytse oanhing hat. Foaral yn eigen doarp, mar ek yn Holwert en Ferwert sitte fans. Foppe van der Veen: 'It leafst spylje wy yn lytse kroechjes en achtersealtsjes, al kinne wy us yn in grutte feesttinte ek knap rêde.'
Wybren follet oan: 'Allinne yn in feesttinte bist altyd ôfhinklik fan de muzykynstallaasje fan in ferhierbedriuw. In ridlike kroech, dêr't in hûndertfyftich man yn kin, dat is foar ús it moaist.'
Atsje: 'Wy spylje it leafst foar publyk fan achttjin jier en âlder. De âldere jeugd, sis mar. Dat folk komt spesjaal nei ús ta, as wy earne spylje. Op in feesttinte komme de minsken fan alle leeftiden tasetten. En oft it âldere publyk ús muzyk wurdearje kin dat is mar krekt de fraach.'
Foppe: Nee, in lytse gelegenheid is aardich. It leafst steane wy midden tusken de jeugd. Ik ha wol hân dat tidens in optreden immen ut it publyk myn gitaar ynienen fêstkrige, of dat der ien wie dy't op myn effektpedalen omtrape. Oft ik dat slim fyn? Neu, hielendal net.' Atsje: 'Dat heart der gewoan by. As wy mar lol ha mei ús allen. It giet om it plezier. As de seal wille hat, ha wy it ek. En salang't it publyk ús achternei reizget geane wy troch.'
Op de fraach hoe't de eigen numers ta stân komme, antwurdet Wybren: 'Dat dogge wy mei syn allen. Leveret immen fan ús in tekst oan, dan sette wy it mei syn allen op muzyk.' Atsje: 'AI is it wol sa dat dejinge, dy't de tekst oandraacht faak de melodylijn ek al yn 'e holle hat. Dy wurdt dan fêstholden mar troch ús, as muzikanten, op in eigen wize ynfolle.'
It Barste Frysktalige nûmer fan Knippe & Skeare, 'Rêst yn 't bloed', stiet op de nije AaiPop-cd 'Daverje'. It is te hoopjen dat de groep meikoarten mei in eigen lûdsdrager op 'e merk komt. Nei it beharkjen fan in demobân, liket dat echt de muoite wurdich.troch: Bertus Klazinga