Leeuwarder Courant op het web

Dok'm, Fryske rock ut Dokkum

‘Der wer lekker tsjinoan ramme’

As de muzykgroep Dok'm frege wordt hoe't harren sjenre kt bêst omskreaun warde kin, moat der even djip neitocht warde. Sjonger/gitarist Sicko Hoogterp komt by eintsjebeslút mei de definysje: ‘Fryske rode mei in sterke melodylijn.’ Brocht Dok'm yn 't earstoan de teksten foar it grutste part yn it Ingelsk en it Nederlânsk, de Iêste jierren wordt it Frysk hieltyd mear foar kar nommen. Ofrune winter ha de muzikanten hamen weromlutsen en ha se harren rjochte op in nij repertoire.
Twa leden fan Dok'm, Sicko Hoogterp en Johan Broersma (sjonger/fioelist), binne har¬ren karriére yn 1975 begon mei de folkgroep Grimbeert. Folk wie yn 'e jierren santich aardich populér en de fraach nei dy muzyk wie grut. Fergelike mei dy tiid is de folk op 't heden wat yn it neigean.
Sicko: ‘Wy wiene mei ús band doe in soad op 'en paad. Wy treden net allinne yn Fryslân op, mar ek buten de provinsjegrinzen. Sels in pear kear yn Skotlân. In prachtige perioade, mar op in bepaald stuit wiene wy wat útsjoen op dat folkwrâldsje. Wy hiene nei tolve jier alle rideltsjes en fideltsjes sa foar en nei wol spile.’
Johan Broersma: ‘En de mooglikheden om op te treden waarden ek hieltyd minder. Eartiids krige elk jeugdhonk subsydzje fan it ryk om onder oare muzykjûnen te organisearjen. In betingst wie wol dat it jild bestege warde moast oan in sa breed mooglike program¬mearring. Sadwaande krige de folksmuzyk ek in soad omtinken. No't de subsydzjekraan tichtdraaid is, warde yn de soazen yn haadsaak playback- en diskojûnen organisearre.’ Sicko: ‘En de pest is dat it publyk faak nei 'covers' freget. It moat werkenber wéze, witst wol. Tsjin dy tendins moatte wy as band op¬bokse. Dat is dreech, mar foar ús in kwestje fan stoef trochsette.’
Dok'm waard yn 1991 oprjochte. Behalven Johan Broersma en Sicko Hoogterp meitsje Peter Hamer (bas), Johan Kok (gitaar) en Harry Visser (drums) diel ut fan de formaasje. Neffens de bandleden is it freonegefoel de basis om ta prestaasjes te kommen. Johan Kok: 'Us doel is net om in prof-band te warden. Yn 't foarste plak is Dok'm in band fan freonen. Wy moatte der lol oan belibje. Ast tsjin it sin yn repetearje en optrede moatst, dan kinst better ophâlde.’
De léste moannen hat Dok'm wurke oan nije numers. Sicko Hoogterp en Johan Broersma ha nije lieten skreaun, mar ek fan dichter Jan Kooistra binne teksten op muzyk setten.
Harry Visser: ‘Wy ha it moai réstich en kalmoan dien ôfrûne winter.’ Sicko follet oan: ‘Wy hiene gewoan in nije stimulâns nedich. De motivaasje wie wat fuort. Wy moasten ús der hieltyd mear ta sette om te repetearjen. No geane wy der wer lekker tsjinoan en ramme! Us nije numers binne ek wat luchtiger warden. It is net mear sa swiersettich, sa engazjearre, sa as it wol west hat.’
Johan Broersma: ‘It is no allegear wat helderder en wat fersteanberder warden foar it publyk.’ Sicko: ‘AI komme wy beslist net mei 'hap-slik-weg'-muzyk. Wy hâlde net fan dy hapkleare brokken en fan dat trije-akkoarden 'geneuzel’.
Wérom is Dok'm mear op 'e Fryske toer gien?
Johan Broersma: 'Ik tink dat ander oare Aaipop dér in stimulearjende funksje yn hân hat. Om dér yn Nijlân op te treden ha wy ús Ingelske en Nederlânske teksten oersetten yn it Frysk.’
Sicko: 'Mar wy bringe ús numers ek noch wolris yn it Ingelsk of yn it Nederlânsk, om't wy ek wol buten Fryslân optrede. AI moat ik sizze dat it Frysk dan ek gjin problemen op¬leveret. En as dat al sa is: so what!’
Peter Hamer en Sicko Hoogterp sette de measte teksten op muzyk. Peter: ‘Dat giet altyd prima, allinne dy Johan Kok is altyd sa ferrekte ferfelend. Altyd dat geseur fan: ‘It is sa wol aardich, mar kin it net better sus en sa.’ En in oare kwaal fan him is, dat er altyd fierstente lûd spilet. Altyd de knoppen op tsien. Ergerlik.’
Op de fraach wêr't de numers oer it generaal oer geane, reagearret Peter: ‘Ja, dat freegje wy ús ek wolris ôf.’ Harry Visser: ‘Oer leafde en leafdesleed.’ Tagelyk wol de drummer noch wat oars kwyt: ‘Wy wolle oeral wol optrede, mar net yn Dokkum. Asjeblyft net yn Dokkum. Dat komt omdat... ja, hoe moat ik it sizze... al dy bekenden witst wol en eh ... ús heit en mem steane altyd foaroan en eh ... nee, as 't even kin net yn Dokkum.'

troch: Bertus Klazinga
terug naar Dok'm

Deze pagina is bijgewerkt op