Leeuwarder Courant op het web

Feest- en fanfarepunk op Aaipop

Plak: De Mande, Nijlân. Barren: Aaipop. Mei: Ramsk, Dok’m, De Wjukkels, Reboelje, Swiet & Bjuster, Bricquebec, Tinksels, Henk Hulzenga, Piter Wilkens, Avondturier en Veeboer, Jaap Louwes, Doede Bleeker, Xigatze, Oer De Brêge Links, Sebeare, Opskuor, de Sadelrukers en de Boekekapel. (Bysûnderheid: yn it Omrop Fryslân-programma Popskuor (jun, 18 oere) wurde opnames út it Rockhok draaid. Belangstelling: sa’n 2200 minsken (útferkocht).

NIJLAN - Tsien kear Aaipop. Dus wiene der wer mear minsken as oars: 2200 wie it offisjele sifer, mar offisjeus, en mei de meiwurkers en muzikanten meirekkene, ha it grif wol 3000 west. Lokkich wie de beskikbere romte yn De Mande wer wat grutter en lokkich wie it waar sa myld, dat in protte minsken buten stean bleauwen. Sadwaande wie it binnen noch krekt te dwaan. Men koe jin troch de grutte seal bewege, mar dan hie men wol kâns op bier yn 't hier of op 'e klean. It bliuwt fansels Aaipop: Frysktalige pop en in protte bier.
Reboelje spile foar it earst op it alderearste Aaipop-festival, en de groep is noch lang net fan doel om der mei op te hâlden. Dêrom spilen se, tusken de keunstmjittige reekwolken troch, ek in tal nije stikken fan de cd dy ‘t yn moaie ferskine sil. De groep kaam op it lêst telâne op it balkon, dêr 't se in tal semi-akûstyske nemers spilen. Reboelje is sa njonkenlytsen de meast teatrale groep yn ús taalgebiet, in eigenskip dy’t se yn it kommende seizoen útspylje sille yn in spesjale teaterproduksje. Der spilen mear feteranen yn it Rockhok. De Wjukkels operearren earder mei syn achten als Wiegels Wjukkelmasine yn in grut ferskaat oan sjenres, mar hjoeddedei binne se yn alle opsichten in stik kompakter. Harren rhythm-and-blues-eftige muzyk komt der ‘live’ knap ut. Swiet & Bjuster is folslein rhythm-and-blues en dat is ek de basis foar Bricquebec, ek al ûntkomme se oan de klisjees fan sokke muzyk troch de krêftige, Melissa Etheridge-eftige sang fan Else van der Greft.
De eardere Bricquebec-sjonger Jaap Louwes wie ien fan de wat sêfter spyljende artysten yn de Harksankjesseal. By him wie der noch wol troch te kommen, mar benammen by Piter Wilkens en Doede Bleeker, ek al Aaipop-residivisten, wie de seal grôtfol. Bleeker sei: „Gyn fersoekjes foor ‘Switfoeten’, dat speul ik straks wel” en portrettearre himsels doe as ideale skoansoan. Wilkens beluts it publyk by it arranzjemint fan in nûmer. Avondturier en Veeboer spilen in soarte akûstyske blues dy’t soms oer it Frysk gie en soms oer froulju lykas lytse Tine. Yn dat liet waard it brûken fan in ‘pimelpûdsje’ mei klam oanret.
Yn de Teneftertinte spilen meast wat nijere groepen. Ek al binne de Drachtster Sadelrukers al oan harren earste cd ta, dy’t presintearre waard troch in travestyt en doe romhertich yn fiif- of tsienfâld it publyk ynsmiten waard. Sa komme jo wol oan kreaze ferkeapsifers. As de Sadelrukers oan blues diene, wie it ien stik klisjee, mar lieten se rockabilly-ynfloeden ta dan hie it wat mear eigens. Opskuor makke âlderwetske metal en wat minder âlderwetske grunge, wat yn elts gefal foar de Frysktalige muzyk wol in nije ynfalshoek is.
Oer De Brêge Links makke in primityf soarte feestpunk, en dat ha wy faker heard yn Aaipop-ferbân. Mar sabeare, dit wie wat oars. Dizze ploech waard soms bystien troch trije koperblazers, en dan gie it om in soarte fan fanfarepunk. Mar ek op eigen krêft setten de fiif ut Easterein de seal goed op ‘e kop mei harren oansteklik rûge stikken, dêr’t genôch moaie fynsten yn sieten. Dit koe wolris de ontdekking fan Aaipop '96 wêze.
Mar net foar de oardetsjinst, dy’t dit jier foar it Barst oan ‘fisitaasje’ fan de besikers die. Der waarden benammen messen en skroevedraaiers ûntdutsen.

JACOB HAAGSMA

terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op