Leeuwarder Courant op het web

Ragnarock-popfestival yn Weidum

Op sneon 23 septimber wurdt yn Weidum foar de earste kear it Ragnarock-popfestival hālden. Der steane mar leafst fiif bands op it program: De Kloft, Sabeare, Tsjettel, Klinkhamer en Wjukkels. De Koudumer Hofkesjongers sille ą la de Blauhūster Dakkapel tusken de optredens troch de sfear deryn hālde.

De nammen dogge al fermoeden dat it hjir om Frysktalige bands giet. Dat kin ek net oars, want Ragnarock wurdt organisearre troch de Rie fan de Fryske Beweging, dy't dit jier 50 jier bestiet. ‘Der waait in frisse wyn troch de Rie,’ seit Siebren de Boer, ien fan de organisatoaren. ‘Der sitte nije minsken yn, dy besykje de taal libben te hālden en te befoarderjen ūnder de jongeren. Fandźr dit popfestival.’
Ek foar trouwe besikers fan Aaipop falt der op Ragnarock wat nijs te hearren. De Kloft en Sabeare binne allebeide jonge bands. Ofrūne wykein hawwe se ūnder lieding fan de Stichting Friesland Pop ālde Fryske ‘schlagers’ ynstudearre, ferskes ut bygelyks it Frysk Lieteboek of fan Tetman de Vries. Sneon sille se dźr har eigen ferzje fan haarre litte. Dy binne grif rūger as it orizjineel.
Tsjettel is in punk/hardrock-band, dy't noch net sa lang meidraait yn it Fryske popsirkwy. Fan 'e maityd brochten se har earste cd Rabje ut.
Klinkhamer en Wjukkels binne ālde bekenden. Mar Klinkhamer hat wat nijs te bieden yn de persoan fan Sjoerd Plantinga. Hy wie drummer fan de band, mar hat no it sjongwurk oernaam fan Foppe Land. Dźrmei hat Klinkhamer in nij, serieuzer muzykpaad ynslein.
Ek Wjukkels (earder Wiegels Wjukkelmasine) hat oan beamkeferruiljen dien; mar leafst fiif leden hawwe de band ferlitten, wylst Willem Horjus en Freddie Weima, Wjukkelers fan it earste oere, har ālde plak war ynnaam hawwe.
Ragnarock is in moaie gelegenheid om it risseltaat fan dizze feroaringen te peilen.

Datum: sneon 23 septimber
Plak: doarpshūs Weidum
Tiid: 20.30 oere
Priis: f 12,50


Deze pagina is bijgewerkt op