1 mei 1995
Leeuwarder Courant op het web
Relaasjeleed en ‘croonende’ dummy
Plak: De Harmonie, Ljouwert. Barren: Liet ‘95. Mei: De Wjukkelmasine, Smout, Bauke van der Woude, Adri en Sa, Utein, it Lemster Shantykoar, Jelmer Boomsma, Andries Kobus, ‘t Kratsje, Johan Broersma, Freddy Weima en French Connection. Jury: Pieter de Groot, Claudia de Vries en Meindert Bosklopper. Entr’actes: Egbert Beers, Mrs. Einstein en Bennie Huisman mei Frederike Kleefstra en Corinne Staal. Tal besikers: likernôch 500.
LJOUWERT - It leit foar de hân om Liet te fergelykjen mei it Eurovisie Songfestival, mar dochs sit der in gefaarlike kant oan sa’n konstatearring. Want wie Eurovisie ea in wichtich barren dat altyd wol in tal hits oplevere, de lêste jierren is dat fenomeen net sasear nijsgjirrich om de kwaliteit, mar om't it gelegenheid jout ta in dûbelsinnige, campy wize fan beskôgjen. Dy ûntjouwing is noch oanskerpe nei’t nasjonale teddybear Paul de Leeuw Eurovisie sa’n bytsje adoptearre hat- tige ta spyt fan Willeke Alberti.
Soks giet foar Liet noch net op, al binne der tendinzen dy’t yn dy rjochting wize. Egbert Beers, winner fan ferline jier dy’t hjir hors concours meidie, liet syn liet ‘Antigone’ foarôf gean troch in pretinsjeus, kreas spile mar fierstente lang fragmint út it Grykske drama fan dy namme en gie sa de camp alwer fier foarby. Fêste dielnimmer Andries Kobus dan, dy’t hjir diel fiif út syn rige ‘knusse romantyk’ (op tekst fan Baukje Wytsma) brocht en tank sij pianist Joop Verbeke tichter as ea kaam by de Sinatra yn him. In croonende dûmny, dat moat sa’n bytsje de definysje fan camp wêze.
Kobus is sa’n ikoan yn de skiednis fan Liet, immen dy’t altiten noch meidien hat. Lykas Adri de Boer, dy’t lykwols fan de sjuery te hearren krige dat „met eltse tekst in sjongtekst” is. No wie dy tekst, fan Hessel van der Wal, in wat blasfemysk mar wol luchtich stikje taal. Fierder oerhearske dochs it gefoelige en swier ferwurde relaasjeleed, meast brocht yn de tradisjonele, lytse en akoestyske ‘lústerliet’-setting. Al binne de wat hjoeddeiskere foarmen yn opmars, sa’t bliken die út de rockband-eftige aktiviteiten fan de Wjukkelmasine, Smout, Johan Broersma (syn liet gie oer syn koperen houlik, dat er op’e dei sels fierde) en Jelmer Boomsma.
Dy hie in nijsgjirrich projekt opset, wêryn’t in sprutsen tekst (fan heit Joop) begelaat waard troch seis muzikanten, elektroanika en samples. De útfiering wie wat minder, om’t de gitaren met te hearren wieme en om’t de earste de bêste sample dy’t Jelmer losliet heart ta de meast brokte sample-klisjees ut de elektroanyske muzyk. En in liet yn de tradysjonele sin fan it word wie it fansels ek met, mar it eksperimint op himsels wie moedich. Wat eins ek jildt foar it Lemster Shantykoar: shanty’s binne sa âld as de skipfeart, mar binnen Liet ha wy sa’n ding noch net heard.
Fan de mear tradisjonele ‘Liet’-lieten wie ‘Basje’ in útblinker. Yn it Stedsfrysk besong Bauke fan der Woude syn pakesizzer, mar eins gie it oer heit en soan. Der wie lykwols gjin priis foar dizze grutske pake. De publykspriis gie nei It Kratsje, wêryn’t Gerrit Bos (winner fan it earste Liet) song oer hoe’t de minske ûnferskillich wurdt troch alle ellinde yn de media. Hiel wat luchtiger giet it der by de winners fan de echte earste priis om ta: French Connection, trije betûfte muzikanten dy’t de Iselmar besongen yn subtropyske klanken. Yn it skoft waard it oansteklike refrein al sa faak fluite en songen, dat dit trio wol yn de prizen falle moast.JACOB HAAGSMA