Leeuwarder Courant op het web

Bûnt ferskaat op Liet ‘95

‘Liet’, de lichte-muzykwedstriid om ‘it béste Fryske liet fan it jier, fiert syn fiifde lustrum. Moarntejûn sil it heve, foar de earste kear yn de grutte skouboarchseal fan de nije Harmonie. Mei tolve dielnimmers - groepen en solisten -, en mei gastoptredens fan de winner fan Liet '94, Egbert Beers, fan Bennie Huisman, Frederike Kleefstra en Corinne Staal - hja sille in pear lieten sjonge ut har nije teaterprogram ‘Weemoed en irony’ - en fan Mrs Einstein, fiif froulju dy’t mear kinne as sjonge. Op léstneamd intermezzo nei is it in kompleet Fryske jûn, mei Harnzer, Lemster, Snitser, Boalserter, Dokkumer en Ljouwerter ynfloeden. Karin de Jong fan Omrop Fryslân soarget foar de ferbinende teksten.

De Fryske omrop hat fan de eardere festivals hieltyd opnamen makke. De winnende lieten binne boppedat opnommen yn de Groene Weide-studio fan Hessel van der Kooy op Schylge. Geregelde harkers fan Omrop Fryslân Radio kinne út en troch mei eigen earen hearre, hoe moai guon lieten klinke. It leit yn ‘e bedoeling in kompilaasje fan de bêst slagge opnamen fan fiif jier Liet út te bringen op in cd. As it finansjeel meiwierret, kin dy der yn ‘e rin fan 1996 wêze.
It bêste liet fan 1991 wie ‘Hjerst’ fan Gerrit Bos, yn 1992 wan ‘Jitze’, útfierd troch Fokje Wiersma en har ‘Mingde Noaten’, 1993 smiet ‘Wer wat allinne’ op, fan Anne Oosterhaven en ferline jier foel de kar op ‘Sander thús’, songen troch Egbert Beers.
Beers wie sa’n winner, dy’t foar de gelegenheid meidie, hy die fierder gjin optredens en hie dus ek gjin repertoire opboud. Syn ‘Sander thús’ wie de frucht fan in oparbeidzjen tusken in tekstdichter, de dramadosint Gooitsen Eenling en in toandichter, de gitaarlearaar Beers. De stichting ‘Liet ‘91’, neamd nei it earste festival, hat fan it begjin óf oanstien op sok oparbeidzjen tusken skriuwers en komponisten, dêr't yn ‘e regel te min fan op ‘e hispel komt. Gauris is it de útfierende muzikant sels, of as it om in groep giet ien fan de útfierende muzikanten, dy’t de tekst en de muzyk makket en him sa master op alle wapens toane wol. Yn ‘e praktyk falt dat danich ôf, sa is de sjuery ek diskear wer dúdlik warden. De tekst like foar party ynstjoerders bysaak, te oardieljen nei de rimel-rammel, dy't de jury ander eagen krige. Soms wie de muzyk bést om oan te hearren en in bettere saak wurdich. Men woe dyjingen wat mear selskrityk ta ha.
Revu- en kabaretteksten kamen, lykas alle jierren, ek diskear yn, mar dy wiene sunder utsûndering net oarspronklik en foegje dus neat ta oan wat der op dit mêd al is en dat is net te min. It docht ús deugd dat guon yn ‘e geast fan Tetman de Vries silger fertsjinstlike, nostalgyske resultaten berikke, mar yn in kompetysje an eigentiidske lieten giet it der krekt om mei in liet te kommen dat him underskiedt fan oaren en net mei ien dat op dat fan oaren liket, hoe knap it faaks ek brocht wurdt.
En wêrom, sa sil ús no foar de fuotten smiten warde, dan wol in shanty, dér’t op it stik fan oarspronklikens ek gjin eare oan te beheljen falt? Dat is in âld dilemma fan de sjuery. In tal dielnimmers soe op grûn fan inkeld de tekst, dy’t op dizze side ófprinte stiet, ófwiisd wéze, mar dan hat in oar aspekt de trochslach jun: óf de muzyk óf de presintaasje, of better sein de op it festival te ferwachtsjen presintaasje (want mei in gauris min opnommen kassettebantsje is der noch neat fan te sizzen). Dy shanty hat om dy léste reden de einstreek helle. Wy binne benijd oft de Lemsters it oare betufte shantysjongers - fan Amelân, Schylge en Harns - ófwinne kinne. Ek diskear moatte wy wer ófweve mei it idee as soene it hieltyd deselden wéze dy't oan Liet meidogge. Foar De Wjukkelmasine is it de earste kear, en datselde jildt foar de groepen Smout en Utein, foar Jelmer Boomsma en syn band en foar it Lemster shantykoar. Gerrit Bos, de winner fan Liet '91, hat trije kear net meidien en docht no mei as ien fan de leden fan 't Kratsje. It omkearde komt ek foar: Johan Broersma die ferline jier mei de groep Dok'm mei, diskear is hy dielnimmer op persoanlike titel. Hy nimt trije muzikanten mei, sawol ófkomstich út Dok'm as ut Bricquebec. Freddy Weima, eks-lid fan Wiegels Wjjukkelmasine, hat alris meidien, Melvin van Eldik en Oeds Bouwsma (fan French Connection) binne ek bekende gesichten.
Per saldo binne der mar twa, dy't alle kearen noch fan de partij west hawwe: Adri de Boer (en Sa) en Andries Kobus. Adri de Boer dy't sels de muzyk makket, docht hieltyd in berop op in oare tekstskriuwer (diskear Hessel van der Wal) en Kobus, dy't in féste lietsjeskriuwster hat yn de persoan fan Baukje Wytsma, jout de tekst hieltyd oan oare komponisten: dit jier Joop Verbeke.
De sjuery fan Liet '95 bestiet ut Claudia de Vries, dy't it plak ynnommen hat fan Leny Dijkstra, Meindert Bosklopper en Pieter de Groot. Se hat de ûntankbere taak op har nommen, dy't elke songfestivalsjuery eigen is: it fergelykjen fan appels en parren en dan, by einbeslút, ûnderinoar tsiere oer it lekkerste eksimplaar, want smaken ferskille. It publyk kin syn eigen favoryt oanwize en sa mei de publykspriis it oardiel fan de sjuery ‘bystelle’. len ding stiet yn ‘t foar fêst: de sjuery stiet yn foar wat nei in earste skifting op ‘e souwe lizzen bleaun is. In bûnt ferskaat fan muzikale stilen sa’t dy op 't heden yn Fryslàn beoefene warde. Sa besjoen binne alle tolve dielnimmers festivalwinners.

PIETER DE GROOT

terug naar Liet

Deze pagina is bijgewerkt op