Leeuwarder Courant op het web

Bauke en Greetje meitsje
nei santjin jier earste cd

SJONGENDE BROER IN SUSTER:
‘GJIN PRESTAASJE IT SA LANG UT TE HALDEN’

Fan alle groepen dy’t diel útmeitsje of oait diel útmakke ha fan de Fryske folksmuzykscene, is der mar ien dy’t fan it begjin ôf yn deselde gearstalling mei elkoar spilet: Bauke en Greetje. Santjin jier al geane se der mei elkoar op út. Se ha twa langspylplaten makke en sûnt in deimannich leit harren earste cd yn ‘e winkel: ‘Wier’. Grutte ambysjes ha se noait hân. „As de aardichheid der ôfgiet hâlde wy op.„

Troch Sietse de Vries

DRACHTEN/DAMWALD - It duo fan broer Bauke de Groot (Fysioteraeut, 38, Drachten) en suster Greetje Wiersma-de Groot (wurket op in fersekeringskantoar, 34, Damwâld) is min ofte mear út need berne. Heit, skoalmaster yn Baard, siet yn harren wenplak yn de organisaasje fan in talintejacht. Doe't der ta syn grutte skrik net mear as trije oanmeldingen kamen, trune er syn beide âldste bern oan om mei te dwaan. Bauke hie al ris in paar lietsjes makke, ûnder oare foar it Sinteklaasmearke fan de ûnderwizers, dat se koene sa los.

De keatsrevu, dêr’t se letter in pear lietsjes foar makken, brocht Bauke en Greetje troch de opnamen fan Omrop Fryslân provinsjale bekendheid. Al gau krigen heit en mem telefoantsjes mei de fraach oft dy bern der ek op útgiene om te spyljen. Dêrmei wie it duo Bauke en Greetje in feit. It liet 'Al wer in Fries' moat ien fan de meast oanfrege nûmers fan it fersykplateprogram fan Omrop Fryslân wêze.
Al santjin jier giet it duo ûnopfallend syn gong. Dat ûnopfallende is gjin tafal. Bauke: „Der hat ús noait in bepaalde karriêre foar eagen stien, it is ús allegear wat oerkaam. Wy ha der ek noait wurk fan makke om faker op te treden of om mear bekendheid te krijen. Ik soe ek net witte hoe't dat moat. Ik bin net in super begenadige gitarist en it is yn it Frysk. Dat beheint de mooglikheden. Wy binne amateurs en dat bliuwt ek sa."
Greetje. „By ús hat altyd foarop stien, dat it leuk wêze moat. De minsken yn 'e seal moatte oan ús sjen kinne, dat wy der aardichheid oan ha. As dat net mear sa is, hâlde wy der mei op."
Dat it yn it Frysk is, is neffens Bauke de Groot tafal. „Wy dogge it net om de Fryske kultuer út te dragen of sokssawat. It Sinteklaasmearke en de keatsrevu wiene yn it Frysk en dêr is it mei begûn. Doe binne wy mar gewoan trochgien yn it Frysk. Achterôf besjoen wie dat ek mar goed, want yn ‘t Nederlânsk hiene wy it grif sa fier net skopt."

Bauke en Greetje - hy spilet gitaar en makket de lietsjes, sjonge dogge se beide - beskriuwe harren repertoire as ‘harklietsjes’, dy’t it foaral fan de tekst hawwe moatte. Dêr is fansels net mei sein, dat der op de cd minder omtinken jûn is oan de muzikale kant. Sa mochten se foar de begeliedin sels de muzikanten útsykje en dat binne net de earste de bêsten wurden. Minsken as Nanne Kalma, Jaap Oosterwijk, Jan Ottevanger en John Eskes hawwe in reputaasje te ferliezen.
Bauke en Greetje hawwe yn dy santjin jier net stil stien It wichtichste ferskil mei de beide platen is neffens Bauke, dat de teksten op de cd tichter by himsels steane. Greetje tsjin har broer. ,,Earst skreaust lietsjes dêrst fan tochtst dat de minsken se moai fine soene. No skriuwst lietsjes dy’t wat foar dysels betsjutte."

By it gearstallen fan de cd is besocht ta in lykwicht te kommen tusken fleurige en mear earnstige lietsjes. Faak foarmje Bauke syn eigen gefoelens it útgongspunt, mar hast altyd binne dat algemien minsklike gefoelens. Dat hy giet der fanút dat de ûnderwerpen fan syn lietsjes ek foar oaren nijsgjirrich binne.

Guon lietjes geane net allinne oer persoanlke gefoelens, mar beskriuwe ek konkrete foarfallen út syn eigen lebben. Sa hat er in lietsje makke oer de begraffenis fan syn heit yn Wier, Bauke syn bertepak. Ek stiet der in liet op de cd oer syn mem, dy’t de lytse dinkjes dy’t se mei har man dielde noch altyd mist. Greetje: „Yn it begiin koe ik dat ferske net sjonge sûnder dat ik in brok in ‘e kiel krige en as ús mem yn ‘e seal sit, ha’k dat noch. Dat hindert ek neat, de minsken meie dy emoasje bêst bearre. Dat it sjongen dêrtroch technysk net a1tyd perfekt giet fyn ik net slim."

Dat se it sa lang mei elkoar úthâlden ha, komt dat ek om’t se broer en suster binne en se dus noait lêst hân ha fan alderhanne spanningen dy’t oars gauris tusken manlike en froulike artysten ûntsteane? Bauke: „Wy ha altyd goed mei elkoer kinnen Mar ik fun it hielendal gjin prestaasje om it sa lang mei elkoar út te hâlden. It is gewoan sa rûn."

Greetje: „It moaie fan sa’n duo is, dat jo elkoar noch ris sjogge. Dat hat der wol ris oan as broers en susters in eigen húshâlding krije. Dit is in goede manier om kontakt te hâlden."
Dat wol net sizze, dat se de doar plat rinne by elkoar. As Bauke in nij lietsje klear hat stjoert er syn suster in bantsje. Greetje leart de lietsjes ûnder it autoriden. As der op sa'n wize in hantsjefol lietsjes oan it repertoire taheakke is, komme se in kear by elkoar om te repetearjen en trede se der mei op.

Bauke en Greetje hawwe har nocht noch net fan it optreden. Bauke kriget der de lêste tiid sels hieltyd mear aardichheid oan. „Yn it begjin wie it by in optreden echt in kwestje fan: hjir steen ik dan. Dan wiene wy al lang bliid dat der neat mis gie. Troch de ûnderfining dy’t wy yn dy jeirren opdien ha, giet alles folle ûntspannener en sykje ik folle mear kontakt mei de seal."

Wat de takomstplannen fan Bauke en Greetje binne? Bauke: „Wy sjogge wol hoe't it komt"

terug naar Bauke en Greetje

Deze pagina is bijgewerkt op