Leeuwarder Courant op het web

Ferskaat op Liet '93 grutter as ea

Troch Jacob Haagsma

LJOUWERT - It moaiste fan Liet '93 wie eins de jurk fan presintatrise Karin de Jong. In kreas swart gefal, dat in protte skouder bleat liet. En it geheim siet yn de sjerp, dy't hem op in grut tal manieren om mul, skouder of nekke drapearje liet. In ferskaat oan ferskiningsfoarmen dus, mei itselde stik klean as basis. Dérmei stie dy jurk model foar de dielnimmers oan Liet '93. Der wie in grut ferskaat, jawis, grutter as ea. Mar tagelyk siet it measte wol wat yn deselde hoeke, dy fan it bettere en wat swiermoedige lústerliet, sismar.

Mar goed, ek binnen dat ramt wie der genôch ferskaat ûnder de sechtjin dielnimmers, selektearre út 42 ynstjoerings. Solisten oan piano of gitaar dy't de chanson- of singer-songwriter-tradysje yn eare hâlden, in komysk duo, troch de jiddyske kultuer ynspirearre tragyk, begeleden kombo's of sels in tsientallen leden tellende big band.
Dérmei sette Anne Oosterhaven, dirigent fan de Bogerman Bigband, swiere wapens yn. Hy wûn wol de earste priis, mar - lokkich foar de organisaasje - it is net de big band, dy't er meinimme sil nei de studio fan Hessel op Skylge en nei dy fan Omrop Fryslán, want dat heart by de swier befochten oerwinning. Nee, it wie de lytse kombo, dér't er it kreaze en priis-winnende liet 'Wer Wat Allinne' mei brocht. Earfolle fermeldings hee de sjuery (Pieter de Groot, Nanne Kalma en Leny Dijkstra) oer foar Swiet en Bjuster, dy t it ek al oer swiermoedigh (eks-)relaasjeleed hiene, A3nSa en Foppe Jacobi en Koos Tiemersma, dy't op in wat algemiener nivo oan swart-sjoggerij diene. By it léste duo foelen de suver avantgardistyske opstigings op akkordeon, gitaar en metalen plaat tige op.
In publykspriis wie der ek en dy ie nei it moralistyske miljeu-liet is Mem Wérom', fan de okkerdeis ferstoarne Anne van der Mark. Mar hjir goaide de frisse folk fan The Hones ek hege eagen. Sa binne de prezen wer ferjûn. Carla Terpstra, Marian van der Mei en Jenny en Piet Marinus, dy't Van der Mark syn liet nei de publykspriis songen, meie ek in opname meitsje yn de studio fan Omrop Fryslán. Men kin jen wol ôffreegje oft men minsken dy't noch nea in toanljedder songen ha buten baaiof rippetysjekeamer wol ôfsette mei tsjin in Ernst Langhout fan The Hones, dy't like maklik yn Texas spilet as yn Moskou, of tsjin Paul en André, dy't in pear desennia oan ûnderfimng ha.

Slapstick
Dat ûnderfining no ek net daliks in garânsje is foar sukses murk Andries Kobus, dy't en pear kear syn tekst kwyt wie. Sneu foar skriuwster Baukje Wytsma, mar foar har waard dat wer goedmakke troch Paul en André, dy't har 'jankfodde'-parody 'Net Gûle Janke' eare oandiene mei in fertolking dy't har binnen in pear minuten ûntjoech fan in liet tragikomyske toets nei suvere slapstick. Fakwurk om by te laitsjen, en dochs mar as tredde einige by de publykspriis. Wat ôfwikend fan de oaren, en dérom nijsgIjirrich, wiene de bydragen fan Keppel en fan Jouke Douwe de Vries en Aukje Faber. Keppel keppele de tragyk fan wat ea Joegoslavië wie oan dat fan it Joadske folk, en soks op jiddisk klinkende muzyk. Mar akkordeonist Jaap Sytsma set fansels net foar neat yn klezmergroep Di Gojim. De Vries hee syn hiele kompjûter- en keyboard-tastán op it poadium sleept, om syn ek al swiermoedige 'Ik Lit Gjin Trien Om Dy' eigentiidsk-elektroanysk te begelieden. En dat is ek in stikje foarútgong, wolkom of net.
It minne nijs fan sneontejûn wie dat it folkfestival fan Beverley yn Ingelán suver op e flesse is, sadat de útwikseling fan de winner dêrmei fan de baan is. Better nijs kaam fan de lûdstechnyk, dér't yn it ferline wolris grutte swierrichheden mei wiene. Dy bleauwen dit fier beheind ta wat te let iependraaide mikrofoans en ta wat ûndúdlike knallen by The Hones. Of wie dat dochs in ferdekt opstelde 'bodhran'-speler?

terug naar Liet

Deze pagina is bijgewerkt op