13 april 1993
Leeuwarder Courant op het web
Aaipop krekt in doarpsfeest:
waarmte, drokte en toarstPlak: De Mande, Nijlân. Barren: Aaipop. Mei: Time Exposure, Wiegels Wjukkelmasine, Jitiizer, Opsternaad, Swiet en Bjuster, Bricquebec, Wat Oars, Delahaye, Dok'm, Bombarje, Tsjettel, AID en de Quotums, A3NSa, Die 3 fan’e Oasterdyk, 2 Meter De Grûn Yn, Suver Rûch en Avondturier en Veeboer. Tal besikers: likernôch 1850 (útferkocht).
NIJLAN - Oft Nijlân ek in doarpsfeest hat wit ik net krekt, mar echt nedich is it net. It doarp hat emmers Aaipop. It festival, dat ae begûn as in lytsskalich en Frysktalich barren, is útgroeid ta in dei, dêr’t mun gewoan wêze moat. As men dan ek noch in pear bands sjocht is dat meinommen, wichtiger is dat men de taap fine kin. Dy ferskuorrende drokte het sa syn ergen swierrichheden, mar dy wiene dit jier wat oars oplost as foarhinne.
De fleskes bier wiene no ferruile foar taapkes yn plestik, en dat het grif wat skrammen skeeld. De harksankjesseal, dy’t ek altiten argewaasje joech fanwegen lju dy’t lûder prate as de meast akoestyske muzyk ha kin, wie wen ris fan plak wiksele en wie no allinne noch mar bûtenom te berikken. En neist De Mande wie no in grutte tinte delset, mar dan wie it noch in hiel kenwei om jin troch de ticht opienpakte minskemassa hinne te wrakseljen.
Mar yn de harksankjesseal wie it foar elkoar: as it publyk leven makke, dan wie dat om mei te sjonen. By 2 Meter De Grûn Yn bygelyks, mei Storing-muzikant Pier Koopmans, wie it daliks al raak, en by it tige sêft spyljende Suver Rûch moasten de tahearder-anneks-meisjongers in wol tige heech register opsykje.
De organisaasje joech heech op fan de 'folsleine Frysktaligens' fan de dielnimmende bands. Mar dan wie Time Exposure wol it koekoeksjong, want dizze Snitsers diene it yn it stedsfrysk, wylst se oars gewoan yn it Ingelsk sjonge. Harren muzyk wie er net minder om: hurde funk mei symfoanyske alluere, soksawat. Wiegels Wjukkelmasine is in Aaipop-feteraan (de helte fan de band is anneks mei de organisaasje) en bea net folle nijs, of it moast it rastaprúkje fan Gerben Gerbrandy wéze. Jitiizer en Opsternaad wiene wol relatyf nij. De iene brocht tongercore, de oare Wâldcore, mar hurd wie it allebeide.
Dat wie allegearre yn it Rockhok, de grutte seal fan De Mande. Yn de tinte dêrneist – dêr’t dus gjin útwrydske namme foar beskikber wie - spile him ek it ien en oer ôf. Wat Oars bygelyks: beskaafde pop mei in folk-eftich rantsje. Meer folk, of folkrock leaver, by Dok'm, yn de foarm fan in suver akrobask bespile fioele. AID en de Quotums wiene noch drok mei ferfryske nûmers fan oaren dwaande: ‘Dock Of The Bay’ wurdt dan ‘Dokkumer Ie’, dat wurk.
Sa om in oere as acht jûns hinne kaam de stimming der pas goed yn, tanksii waarmte. drokte en toarst (80 fetten bier, wie de skatting). Yn it Rockhok spile Swiet en Bjuster Wâldske bluesrock en foaryn gyng it need. Springe, triuwe en raze. Net eltsenien kin deroer en de swarte gesichten waarden yn in inkeld gefal folge troch in dúst oer en wen, mar soks waard al gau delbêde.
Dêrneist, yn de tinte, makke Tsjettel syn debût, en dat wie foar it publyk wol reden ta feest. De minsken fan Aaipop hiene hâlden en kearen om de lju fan it poadium te hâlden en dan waarden se ek noch opstookt troch de sjonger. Dêr sonne jo ek in min sin fan krije. Tsjettel kaam oars wol goed foar de dei mei rûge, hektyske en aktuele gitaarrock, dat wol. Bricquebec sleat it festival op de bekende, betroubere wize ôf en de lju fan Aaipop begûnen daliks al nei te tinken oer it oare jier. Der komt yn alle gefallen in noch gruttere tinte.
JACOB HAAGSMA