20 maart 1992
Leeuwarder Courant op het web
Sechtjin lieten foar Liet '92
LJOUWERT - Fan de 55 foar it festival Liet '92 ynkommen lieten hawwe 16 de einstreek helle. Se sille op sneon 11 april oer ‘e fuotljochten brocht wurde yn Sealen Schaaf te Ljouwert. De sjuery, besteande út Leny Dijkstra, Pieter de Groot en Nanne Kalma, hat yn ‘t foarste plak sjoen nei de kwaliteit fan tekst en komposysje, mar ek it sjenre binnen de lichte muzyk achtslein. It festival biedt sa lykas Liet '91 gâns fariaasje. De kwaliteit fan de útfiering koe by de foarseleksje net meiwoegen wurde, fanwege de behyplike opnamekwaliteit, dêr't de ynstjoerders harren sels yn ‘t foar al foar ferûntskuldigen. Op it festival sille útfiering en poadiumpresintaasje in wichtige rol spylje.
De folgjende lieten binne selektearre: ‘De heftrúksjauffeur’ troch Piter Wilkens (tekst en muzyk Piter Wilkens), ‘Jitze’ troch Fokje Wiersma (tekst Tiny Mulder, muzyk Fokje Wiersma), ‘Sa káld’ troch Hein Jan Hilarides en Gerda Okkema (tekst Hein Jan Hilarides en Gerda Okkema, muzyk Hein Jan Hilarides), ‘Myn nûmer ien’ troch Ed Dee (tekst en muzyk Eddy Dijkstra), ‘Frjemdfolk’ troch Koos Tiemersma (tekst en muzyk Koos Tiemersma), ‘As ik dy sjoch’ troch Rein Gerlofs (tekst en muzyk Rein Gerlofs), ‘Oankrûperswaar’ troch Adri de Boer (tekst Sikke Marinus, muzyk Adri de Boer), ‘Poer’ troch Bobbies Blues Band (tekst en muzyk Theo Douma), ‘Famkesdream’ troch Freddy Weima (tekst Itty Sluis, muzyk Freddie Weima), ‘Húske 43’ troch Henny van Hemert (tekst en muzyk Jan Smit), ‘Furtsjefinne’ troch Suver Rûch (tekst Sake van der Kloet, muzyk Herman, Sake en Marinus), ‘Hark, hark, it is op ‘e tromme’ troch The Doarmers (tekst Berber van der Geest, muzyk Hille Faber), ‘As ik neat fan my hearre lit’ troch Anne Ruurd Oosterwoud (tekst en muzyk Anne Ruurd Oosterwoud), ‘Myn stêd is Ljouwert tenei’ troch Andries Kobus (tekst Baukje Wytsma, muzyk Clara Rullmann), ‘Swiete wurden’ troch H.P.J. de Stip (tekst Pasveer en Te Biesebeek, muzyk Pasveer, Siemensma en Te Biesebeek) en ‘De Sjonger’ troch manljuskoar Carbid (tekst Wilco Berga, muzyk Willem Kemper).
Fan de dielnimmers oan Liet ‘92 diene fiif ferline jier ek mei. De oare alve binne nij en de measten fan har hawwe foar de earste kear ynstjoerd. Mar in pear sjongers trede allinnich op, harsels begeliedend op gitaar of piano. Frijwat solisten hawwe in groep achter har. De grutste besettin hat it manljuskoar koar Carbid: fjirtjin sjongers en in akkordeonist. Karin de Jong fan Omrop Fryslân sil lyk as ferline jier de dielnimmers by it publyk yn- en útliede.
Plattèl
De earste en twadde priiswinner fan Liet '92 sille Fryslân fertsjinwurdigje op it ynternasjonaal lietekonkoers fan it Beverley Folk Festival, dat op 20 juny hâlden wurdt yn Beverley, in stedsje yn it Noardingelske greefskip Humberside deunby Hull. De konkoerswinner fan ferline jier, Patsy Matheson, treedt op Liet'92 op. Ek de winner fan Liet '91 Gerrit Bos is útnoege. In optreden fan de sjongeres Plattèl - dy't no yn Arnhim wennet en foarhinne in tal jierren yn Lang-sweagen tahâlde - sil de jun beslute.