22 april 1991
Leeuwarder Courant op het web
Achttjin lieten op festival Liet '91
LJOUWERT - Achttjin lieten binne útkeazen foar it festival ‘Liet ’91’, dat op tiisdei 30 april yn De Harmonie te Ljouwert hâlden wurdt. De earste en twadde priiswinner fan dat festival sille mei har lieten Fryslân fertsjinwurdigje op in ynternasjonaal sjongfestival yn Beverley yn it Noardingelske Humberside, in plakje fuortby de havenstêd Hull.
De sjuery foar 'Liet '91', besteande út Cees Bijlstra, Pieter de Groot en Nanne Kalma, hat út de 70 ynstjoeringen de folgjende lieten selektearre: ‘In bytsje dea’, tekst en muzyk fan Wim Beckers, songen troch Wim Beckers, Wytmarsum; ‘Buurman syn haan’, tekst en muzyk fan Doede Bleeker, songen troch Doede Bleeker, Starum; ‘Nije tiden’, tekst fan Sikke Marinus, muzyk fan Adri de Boer, songen troch Adri de Boer, Lippenhuzen; ‘Hjerst’, tekst en muzyk fan Gerrit Bos, songen troch Gerrit Bos, Snits; ‘De stilte fan alear’, tekst fan Freark Dam, muzyk fan Otto Jongbloed, songen troch Kunne Dam, Ljouwert; ‘Wy wurde wurde wei’, tekst fan Berber van der Geest, muzyk fan Hille Faber, songen troch de ‘Doarmers’, Warkum; ‘Wy mínsken dreame’, tekst en muzyk fan Rein Gerlofs en André Pouwer, songen troch Rein Gerlofs, Nijlân; ‘Us mem’, tekst fan Anne van der Mark, muzyk fan Lex van Dijk, songen troch Henk van der Heide, Ljouwert; ‘Eangst’, tekst fan Wilma Bakker, muzyk fan Frits Barth, songen. troch ‘Himtrije’, Drylts; ‘Untwyk’, tekst fan Baukje Wytsma, muzyk fan Peter Sijbenga, songen troch Andries Kobus, Reduzum; ‘Knyn’, tekst en muzyk fan Egbert Menger, songen troch Egbert Menger, Ljouwert; ‘Byn dy yn’, tekst fan Herman Sytema, muzyk fan Jan Stedehouder, songen troch Annalies en Anneke Piersma, Terherne; ‘It sil nea mear sa wéze sa as it wie’, tekst en muzyk fan Melvin van Eldik, songen troch ‘Rhythm Takomst’, Ljouwert; ‘Dyn triennen’, tekst en muzyk fan Gerard Rinsma, songen troch Gerard Rinsma, Grou; ‘Wy geane ús eigen paad’, tekst fan Berber van der Geest, muzyk fan Inez Timmer, songen troch Inez Timmer en Frederike Kleefstra, Ljouwert; ‘As yn ‘e nacht’, tekst fan Tjitte Piebenga, muzyk fan John de Rooy, songen troch Anneke Tulp, Frjentsjer; ‘Skansearre’, tekst fan Amarins Slofstra, muzyk fan Alina van der Woude, songen troch ‘Het tweede perron’, Ljouwert en ‘Treast’, tekst fan Syds Wiersma, muzyk fan Fokje Wiersma, songen troch Fokje Wiersma, Nijmegen.
De winner fan it Beverley-festival fan ferline jier, Malcolm Oxborrow, sil op ‘Liet ‘91’ syn winnende liet sjonge. It optreden fan de popgroep Deinum, dy ‘t de Frysk Festival-komposysje ‘De Stream’ fan Peter Sijbenga útfiere soe, giet net troch. Yn it plak dêrfan komt nei alle gedachten de groep Pitch Control. De cajun en zydeco-groep Nouvelle France fan de Bretonske sjonger Yannick Monot sil it festival op keninginnedei ôfslute.