Leeuwarder Courant op het web

Trûbadoers en nijmoadrige
Frysktalige muzyk op Aaipop

NIJLAN - Foar de twadde kear waard juster yn it Muzykkafee yn Nijlân it Aaipop-festival hâlden. It bysûndere fan dit festival is dat alle dielnimmende artysten yn it Frysk sjonge. Der wiene juster net allinne tradysjonele, yn'e folk woarteljende, ‘trûbabadoers' te sjen, mar ek groepen dy't wat mear nij-moadrige muzyk meitsje. Der is in kâns dat dit Aaipop-festival it lêste yn it Muzykkafee is. Neffens de gemeente het it kafee in te heech lûdsnivo, wylst der nea ien fan'e buorren klaaid hat - in aparte saak dy't it kafee wol de muzykfergunning kostje kin. In oare saak is dat Aaipop út it kafee groeit. Oer de hiele dei nommen ha der sa’n 500 minsken west en it wie dan ek grôt-, nee, aaifol.

Plak: Muzykkaffee, Nijlân. Barren: Aaipop. Mei: Sytse van der Werf, Gysbert, Slûge Sibbele's soan en syn Sipels, Inez Timmer en Peter van der Zwaag, Stalin Orgels, Strawelte, Peter Sybenga, Briquebec, Doede Bleeker en Reboelje. Organisaasje: Stifting Eariser. Tal besikers: 500.

De muzikanten wiene ferdield oer twa sealen, de 'harkesangkjesseal' en it 'rockhok'. Yn dizze ûnderste seal spylen de mear lûdroftige elektryske groepen, wylst boppe meast solisten oftewol trûbadoers spilen. Dizzen hiene nochal te lijen fan it publyk, dat frijwat leven makke. Ek de elektryske lûdsfersterking woe net alteten om lyk. Sytse van der Werf de learaar út Wommels dy't de dei iepene (mei in ferske yn it Dokkumers!) hie der net safolle lêst fan, om't it doe noch net sa drok wie. Mar by sjongster Inez Timmer, dy't begelaat waard troch pianist Peter van der Zwaag wie't krekt as diene publyk en lûdsynstallaasje wa't it meeste leven meitsje koe - de ynstallaasje song behoarlik in't rûn. Sadwaande wie it foar Inez tige dreech om der boppe út te kommen.
Ek Peter Sybenga fan It Dockumer Lokaeltsje, dy't hjir allinne spile, hie swierrichheden mei it lûd. „Het leek wel of ik mijn piano vanuit een spelonk hoorde komen", sei er letter. Syn avantgardistyske cabaret-'act' sloech by de meeste oanwêzigen pas oan doe’t er al ymprovisearjend oan 'De film van Ome Willem' begûn, mar doe wie syn optreden al gau ôfrûn. Doede Bleeker, de Staverse misthoarn. hie syn eigen manear om mei de swierrichheden yn dizze harkesangkjesseal ôf te rekkenjen: de fersterking út en dan mar raze. Lykwols koe hy der ek net hielendal boppe út komme. Nei it offisjele program joech er noch in ûnferwacht optreden allinne foar dyjingen dy't tafallich boppe wienen en doe wie't wol rêstich.
Under yn it rockhok, spilen dizze swierrichheden net om't de measte groepen al genôch leven fan harsels makken. By Gysbert fan de Gerdyk wiene it lykwols de rêstige, mear ferstilde momenten dy't de meeste yndruk makken. As Gysbert rock besocht te spyljen klonk it gau te forsearre. Dat foel by Slûge Sibbele's Soan en syn Sipels wol wer ta, al naam dizze gelegenheidsploech út Nijlân en omkriten it mei de suverens net altiten lik krekt. De Sipels besoargen bekende nûmers fan oaren (ûnder oaren Bruce Springsteen) in nije Fryske tekst, dêr't se de noadige humor by brûkten.
De Stalin Orgels makken djippe yndruk mei harren rûge muzyk, wêryn't de basgitaar gjin tel mist waard. Sjonger Kees de Vries, yn it deistich lebben de goerlens sels, is op de planken in wier poadiumbist dy't de lange hierren wyld hinne en wer slingert en wylst syn teksten - oer Kreidler-brommers en drûge woarsten - yn'e mikrofoan spuit. Strawelte út de Wâlden is wat de muzyk oanbelanget besibbe van de Stalin Orgels, mar se komme noch lang net sa oeirtsjoegjend oer. Se binne lykwols noch net sa lang oan'e gong, dat it kin noch komma. Harren muzyk, dy't hinne en wer giet tusken 'pretpunk' (willepunk?) en 'hardcore’ (hurdekearn?) hat fariaasje genôch.
Bricquebec, ek út de Wâlden, moat it foaral ha fan de teksten, dy't meest fan de hân fan sjonger Jaap Louwes binne. Harren muzyk - brave rock dy't hjir en dêr rukt hat van rhythm and blues en reggae - sit tsjintwurdich hecht genôch yninoar, mar it flammet net echt. Dat wie wol it gefal by Reboelje, de gaadlike ôfsluter fan dizze Frysktalige muzykdei. Harren tige oarspronklike muzyk - mei in wichtige rol foar de akoestyske gitaar - en de teatrale foardracht fan sjonger Marius de Boer diene it goed by it publyk, dat Reboelje pas nei in tal tajeften gean litte woe.

JACOB HAAGSMA

terug naar Aaipop
Deze pagina is bijgewerkt op