Leeuwarder Courant op het web

Irolt is folwoeksen

Folksmuzyk meitsje en der eleminten út de jazz, de rock, de country en de klassike muzyk yn behelje is in drege opjefte. Der binne net safolle groepen dy't it slagget en meitsje der in smaaklik muzykmiel fan. Fakentiids grypt men te heech en ferwurdt de muzyk ta in gesichtsleaze rige klanken dy't as los sân oanelkoar hingje. De folkgroep Irolt út Ljouwert hat op har tręde plaat „De Smid fan Earnewâld", dy't al wer in setsje yn'e winkels leit, ek sa eigenwiis west en smyt in ryk ferskaat oan stilen byinoar op in basis fan fredige folksmuzyk.

It is de fertsjinste fan Nanna Kalma (gitaar, mandoline, banjo, autoharp), Inez Timmer (blokfluit en zang), Sytze Wagenmakers (akkordeon), Hans Kerkhoven (gitaar) en Jan Ottevanger (tuba en bas) dat hja der net yn fersűpt binne. It is sels sa dat dizze nije plaat fan Irolt har bęste oant no ta is. De groep is folwoeksen wurden, foarmet op de plaat in hechte ienheid en is der yn slagge út in gearmjuksel fan stil en in eigen lűd te toverjen.
Dat eigen lűd skimere op beide foargeande platen ek al wat, op de Smid fan Earnewâld brekt it selsbewust troch. Fansels, it bliuwt romantyske folksmuzyk - wer in protte ballades -, mar Irolt doart te wurkjen - en kin dat ek - mei in ,,jazzy” contrabas, Frânsk oandwaande accordeonlűden, in tuba dy't krekt by in fanfare¬korps weikommen is, dissonante toanen en - yn „De Bręge fan Warten" - in hast hysteryske blokfluit. Al dy stappen bűten it paad fan de folksmuzyk hâlde de plaat libben. Irolt fertsjinnet mei dizze plaat in grut publyk, ek buten Fryslân.
Oer de stim fan Inez Timmer hoecht net safolle sein te wurden. Dy klinkt noch as in klok, wylst har útspraak fan it Frysk helder en dúdlik is. Geef binne ek de acapellanűmers. De muzyk is, krekt as op de oare twa platen, skreaun troch Nanne Kalma, de teksten binne foar it grutste part fan Pyt Jon Sikkema, wylst Hessel van der Wal en Herke Wijnalda elk ien lekst en Sybe Krol twa teksten skreaun hawwe. Dy teksten lizze yn itselde f lak as dy fan de oare beide Irolt-platen: lange - oer't generaal lugubere - ferhalen oer moard, spoekerij, iensumens, ivichheid en oarloch yn it Fryslân fan in pear ieuwen lyn.

HARM HARKEMA

terug naar Irolt

Deze pagina is bijgewerkt op