6 april 1962
Leeuwarder Courant op het web
„Selskip Nijboer”: journalistekabaret
It Selskip Roel Nijboer, fan Ureterp, dat fan 't winter foar it Earst op 'e planken kaem met it toanielstik „De klokkejitter", hat greate plannen. It wol net allinne toanielspylje, mar ek kabaret jaen. Dêrta binne de folgjende spylsters en spylders oan it bisteande ploechje (Jeltsje Das, Harm Krist, Annechien Piebenga) tafoege: Durkje Westra, Germ Beeksma en Theo Scheepstra (oan ‘e piano). Annechien Piebenga docht oan it kabaretwurk net mei, mar haldt har plak yn it toaniel.
Om ris mei hwat oars as oars to kommen, hat it Selskip in tal Frysk skriuwende krantelju frege om teksten to meitsjen en sa kin der yn maeije in „journalistekabaret" op'e planken komme dêr't de folgjende journalisten en krantemeiwurkers wurk foar ôfstien hawwe: Tiny Mulder, Freark Dam, Geart Jonkman, Piter Terpstra, Rink van der Velde en S. J. van der Molen, dy't ek de muzyk skreaun het. De wurklist dy't In aktuéle ynslacht hat - dat koe ek net oars - sil hjitte: Is der ek in dokter yn 'e seal? Hy makket In hiele joun fol. Roel Oostra (gjin kranteman, mar àl de makker fan in eigen programma “Eefkes krantsje", in jiermannich forlyn) stiet mei rie en die it nije selskip by.
En foar takomme winter hat it Selskip Roel Nijboer ek hwat aparts op priemmen: it stik „Pygmalion", dat de léste jierren yn de foarm fan in Hollânske „musical" der sa skoan yngien is. Sa komme der op it stik fan it Fryske toaniel en it amusemint wer nije mûglikheden.