22 juni 2011
Leeuwarder Courant op het web
Reina Rodina kiest
in nijsgjirrige koersPlak: Ljouwert, Grutte Wielen. Barren: 'Wetterkáld', fan Reina Rodina. Muzikale produksje: Phil Mills. Regy en begelieding: Philip Curtis. Belangstelling: 85 minsken, utferkocht. Noch te sjen: 22 en 23 juny Grutte Wielen, 1 july Drachten, 2 july Burgurn. www.wetterkald.nl
LJOUWERT - Wetterkáld is oars: it wie in mylde jûn, oan de ein fan de langste dei. By in produksje lykas ‘Wetterkáld’ moat it waar neamd wurde, want sjongeres en ynstrumintaliste Reina Rodina kiest derfoar waar en wyn har ûnfoarsisbere rol spylje te litten. As de eleminten meispylje, is sy yn har elemint.
Mei de kombinaasje fan waar, wyn en wetter én har muzyk en bylden wol se it publyk oerspiele, seit se. Dat is knap ambisjeus, en mei sok séft waar in toer, mar in 23-jierrige artyste dy't ófstudearret oan de Academie voor Popcultuur moat wat oandoarre.
Reina Rodina (van der Meer) doart wol. Se hopet ynternasjonaal in hiel ein te kommen mei it Frysk. Immen as Sami-sjongeres Mari Boine lit sjen dat soks bést kin yn in ‘lytse taal’.
It publyk wurdt meinaam yn fjouwer preammen. Dy farre by de Grutte Wielen wei, foar Camminghabuorren del nei de Nije Wielen. It léste ljocht, de fûgels, de reiden en wylgen en beareklauwen, petearen oan board, alles spilet mei. Ut lytse radio's oan board komme wûndere, bytiden skrille lûden. De spanning wurdt opboud: wér geane wy hinne, wat komt der aanst?
De preammen lizze oan by in ponton oan de kant fan de Nije Wielen, en dér komt Reina Rodina foar it ljocht. Se spilet op in wite fleugel en op in fioele. En se sjongt. Messkerp en trefseker, mei genóch kréft om ek by rûzich waar stân te hâlden. De aksje is minimaal, it byld moat it ha fan it gehiel: kleure ljochten, drokke bylden op in skerm, de omjouwing - oant en mei de trein dy’t troch it plaatsje sjit.
Reina Rodina wol by har publyk leafst alle sintugen oansprekke. De muzyk is in gehiel fan sfearlûden, mei dér oerhinne de kleare linen fan stim, fioele en fleugel. De teksten yn it Frysk binne gjin hapkleare brokken, mar uterings fan emoasjes, liket feroarlik as it waar en de natoer. It giet ek oer feroarjen en ûnderweis wézen: ‘lit ús fuortgean, wy folgje ús gefoel’.
‘Wetterkáld’ is mear in spannende oanset as in ôfrûne gehiel. It hat noch wat iepen einen, ek letterlik - it publyk fielt net krekt oan wannear’t it slotapplaus begjinne kin. Mar begjinnend artyste Reina Rodina hat in nijsgjirrige koers te pakken.
FEDDE DIJKSTRA