6 juni 2011
Friesch Dagblad op het web
Jana Eijer wint jubileumedysje fan Liet
Arjan Hut
Ljouwert - Sjongeres Janna Eijer (22) út Jobbegea hat sneontejûn de tweintichste edysje fan it Fryske sjongfestival Liet wûn mei har ferske 1 klap. Eijer krige hast fan alle sân sjueryleden it maksimale oantal fan tolve punten, en wie dêrmei in dúdlike winner. De Ivan Pel-publykspriis gie dizze jubileumedysje nei de 28 sjongeressen fan it Popkoar FromUs út Dronryp. Yvonne Bleize, foarsitter fan de stichting Liet, dielde noch in tredde bosk blommen út. Dy wie foar Liet-feteraan Adri de Boer, dy’t foar de tsiende kear yn de finale stie.
It Popkoar FromUs wie net de iennichste act dy’t mei in grutte groep oan de finale meidie. Bigband Friesland, dat it spits ôfbiet, ferskynde ek mei mear as tweintich man op it poadium. Dat poadium stie dizze kear yn de bûtenloft, op it terrein fan it kenniscampus yn Ljouwert. De wyn helle wat oan, en de loft berûn yn ’e rin fan ’e jûn, mar it letterlik ferfrissende plak stie in sfearfol muzikaal feest net yn it paad. Mei it suver Pink Floyd-achtige Langstme, ynklusyf prachtige bariton-saksofoan solo, makke de Bigband alfêst grutte yndruk.
Adri de Boer stie op de planken mei de 3 B’s (de oare B’s binne Arvan Blok en Douwe Bouma). De winner fan 1998 en 2001 helle foar de tsiende kear it haadpoadium, mar as it oan de muzikant sels leit, wie it de lêste kear. Alteast, as dielnimmer op it poadium, want hy kundige oan dat er mei alle wille ree is om ferskes foar oare aspirant-dielnimmers te skriuwen.Twadde plak
Der wienen mear artysten dy’t alris oan it festival dielnommen hienen. Rob du Jardin, bygelyks. De Fryske Switser wûn alris de publykspriis en stie sneon op it poadium mei sjongeres Grytsje Kingma. Tegearre presintearren hja mei De krisis foarby in kristalheldere, typyske Liet-ballade. Jelte Posthumus wûn mei syn band Pilatus Pas yn 2008, en dizze edysje foarme er in duo mei toetsenist/sjonger Lammertjan. Harren soepele popnûmer Yn Fryslân bleaun wie in feestlik hichtepunt dat by einsluten op in hânfol punten achter Janna Eijer op it twadde plak einige.
De debutanten hienen it wat dreger. Sjongeres Angeline út Surhústerfean song sterk, mar har ferske ferwaaide. Metalband Methusalim brocht in yn beton getten rock-ballad, mar de sjonger kreake spitigernôch tefolle brike noaten. Honke de Par út Drachten die mei op in ‘wildcard’ en kaam foaral sjarmant foar de hearen mei it smûke It spyt my. Anne Feenstra syn rûge Kutzooi helle de top 5, al levere it refrein wol wat mâle blikken op.
De stimmen fan it Popkoar FromUs kleurden prachtich by-inoar. Harren troch bas, drums en piano begelate Net genôch streamde it pyblyk as lei wetter yn de earen, mar waard troch de sjuery net ta de absolute toppers rekkene. Wol in topper wie Bilker Jan de Vries (fan de Feetwarmers) dy’t mei dobro-spiler Rene Tweehuyzen (fan de Mudbirds) en de treflike ballade ’n Ewyghid met dij miskien wol de moaiste en meast gefoelige bydrage oan de jûn levere. De sjuery sette him op it tredde plak.
Presintatrise Marijke Roskam kundige it ferske fan Janna Eijer oan mei de meidieling dat it in tekst hie dêr’t “jins maskara wolris fan útrinne kinne soe”. Mar mear noch as mei de tekst - oer hoe’t it libben samar omslaan kin - wist de úteinlike winneres te oerstsjûgjen mei har krêftige sjongen. “Een dijk van een stem”, neffens sjuerylid Denise Rivera. Mei dy stim sil ‘Jana International’ (sa’t guon har al tarôpen) Fryslân fertsjinwurdigje op Liet Ynternasjonaal, dat op 19 novimber yn it Italjaanske Udine plakfine sil.