22 april 2011
Leeuwarder Courant op het web
In echte wâldpyk
De ferskes fan De Hûnekop besjonge it libben van de Wâldpyk, fan de arbeider dy't oars net safolle hal as syn potsje bier. Mar Emiel Stoffers hal wat fan de wrâld sjoen.
JACOB HAAGSMA
It giet dat it slydjaget mei De Hûnekop. It trio spilet rûnom yn Fryslân en sa nionkenlytsen ek fierderop. It is rûchhouwersmuzyk, ek al brûke se akûstyske ynstruminten. „It soe country wurde“, seit Emiel Stoffer, sjonger, gitarist en lietskriuwer. „Ik harke in protte nei Hank Williams. Mar it wordt wat it wordt. Wy komme ek alle trij ut de metal.” Amper in jier nei de earste cd ‘Raast oan ‘e protters’ wordt der al hurd wurke oan de twadde: ‘Wanklanken fan ‘e wurkflier’. De plaat wordt op 16 july presintearre op harren eigen festival in de Westermar-sporthal yn Burgum. „In moaie hal, allinne spitich dat der mar 1500 minsken yn kinne“, seit Emiel. „Nee, serieus, ik leau der wol yn dat wy it útferkeapje.”
Wy sitte yn de camper anneks bandbus fan de groep, in ferboud Mercedesbuske ut ‘78. „In hûnehok op tsjillen”, neamt Emiel it ding. Tige handich soks, de band en it ynstrumintarium passe der skoan yn en as it nedich is, kinne se nei it optreden gewoan sliepen bliuwe. „Wy binne sels faak de lesten dy’t noch oan de bar hingje, en soms sitte wy hjir noch efkes noflik nei.”
Wa’t sa nayf is om te teksten fan De Hûnekop letterlik te nimmen, soe Emiel maklik sjen kinne as in unbidige sûplap, dy’t him deaferfeelt op it werk en gauris ientsje read snijt. Net folle fan wier. „Yn it wykein mei ‘k wol wat, mar troch de wike drink ik gjin drip. Der moat wol wurke wurde.”
Camper
Hy is eigen baas. Nei’t er wer ris yn de WW belâne, besleat er om syn eigen bedriuw op te rjochtsjen: Frisian Music. Platelabel, managemint en boekingskantoar, allegearre ten geunste fan De Hûnekop. Jawis, hy kin der al fan libje. „Mar ik sis leaver dat ik foar de muzyk libje. Ik ha net safolle nedich. Ik hoech gjin hos te keapjen of sa. San bytsje alles wat ik ha sil yn dizze camper. Ik ha net folle ferlet fan gadgets of wit ik it wat.” Sa wie it altyd al, thus ek. „Us heit wie feekeapman, mar wy hiene neat. Ik hie it leafst âlde klean oan, sa gie dat yn Kollumersweach. Siet lekker, koest noflik mei it lân yn. Dat giet net mei nije skuon.” Letter siet er yn in metalbandsje. „Yn dat wrâldsje moat alles ek foar in skeet en twa knikkers.”
De ik-figueren yn syn ferskes binne de fleiswurden, útfergrutte klisjees fan de werkman ut de Fryske Wâlden. Yn nûmers as ‘Ik bin in âlderwetske wâldpyk’ en ‘ten twa trije, ik sil dy snije’ giet it derom wel, boeke. „Dat wie net it plan, mar ja, ik praat sa en dan giet soks automatysk. Mar it sprekt oeral oan, yn de Súdwesthoeke fine se it ek prachtich.”
Prate as in wâldpyk, sjonge as in wâldpyk. Emiel Stoffers is lykwols berne yn Uithuizen, yn it easten fan Grinslân, „dêr't hielendal neat te belibjen is”. Op syn fjirde ferhuze syn folk nei Kollumersweach. Op syn santjinde gie er al wer nei Ljouwert. „De measten bliuwe yn de Wâlden, mar ik woe wat mear aksje.”
Wurkman
In werkman is er wol. Fan syn stúdzje laboratoariumtechnyk kaam net folle, „dêr bin ‘k fierstente rûch foar”. Dat op syn achttjinde wurke er al op ‘e werf. Hy wie in protte aktyf as útstjoerkrêft, fan de iene skipmakkerij nei it oare plak. „ik hâld wol fan aventuer en ôfwikseling. Fan it idee dat ik earne in pear jier bliuwe moat krij ik it al benaud. Foar de band moat ik no al optredens yn 2012 planne, mar eins hâld ik dêr net fan.” Hy hal syn earen altyd goed de kost jun, wêr’t er ek wurke. Op eltse wurkflier hast ommers wol in ‘Bronwerker’. „Lju dy’t de baas yn ‘e naad krûpe, hin. Mar de minsken dy’t dêr it hurdste oer raze, lykas de ik-figuer yn dat ferske, binne sels faaks de grutsten.”
Of nim no ‘Tiid foar skoft’, „sa prate de minsken op de wurkflier, dy libje nei it bakje koffie en it skoft ta”. Op it lest kriget dit nûmer in diippere, trystige laach: ‘En it is noch lang gjin wykein / En it is noch lang gjin boufak / en ik gean noch lang net mei pensioen / en tsjin dy tiid ruk ik al nei grûn.’
It Fryske werkfolk hal fansels ek wolris gedonder mei de froulju, en dêr giet ‘Iets dwars’ oer. „Manliu sizze dan tsjin my: sa is it krekt, dan is se lulk mar se seit nea wat der is. Mar frouliu werkenne har der ek yn, dy sizze: dat hast goed sjoen, dy manliu ha nea yn de gaten wat deroan skeelt”.
Sokke dûbele boaiems balde De Hunekop nijsgjirrich. Muzikaal is it miskien net altiten like heechsteand. „Hoewol, it begiint hieltyd better te stean. Mar it is al lykas mei Strawelte eartiids: de bands dy’t foar en nei harren spilen, wiene muzikaaltechnysk sjoen altiten better. Mar dy wiene Strawelte net. Us publyk binne miskien gjin echte muzykleafhawwers, mar se ha wol gefoel foar de kultuer dêr’t wy oer sjonge. Se ride yn in truck en der stiet lis cd de hiele dei op.”
Perspektyf
Hy besjocht dy wurkmans- en rûchhouwerskultuer fan binnen, mar tagelyk hal er in bûtensteandersperspektyf. In pear jier lyn kaam er yn Australië telâne, dêr’t er in jier lang omswalke hal. „En ik ha ek noch in skoftke yn Thailân omspaand.” Ja, hoe komt in minske derby? De ferkearing wie út, in maat fan him gie dy kant út en Emiel gie mar mei. „Werkje, feestfiere, rûnreizge. Ik ha dêr in moaie tiid hân.”
Dochs wie Fryslân nea fier út syn tinzen. „Ik gong dêr in protte om mei leren, ik wenne op in stuit sets mei seis fan sokken yn ‘e hos en ik hie in Ierske freondinne. Dat folk die my in protte tinken oan de Friezen: deselde ynstelling, de taal, ek al prate se hast gjin Gaelic meinoar, it wurkjen, de drank.” Hybegun dêr ek op te treden, mei syn akûstyske gitaar, as De Hûnekop. „Der song ik ferskes oer it libben fan backpackers, oer it plukken fan fruit en sa. ‘Brúnwurker’ spile ik dêr al, dat hiel earst ‘Fruitpicker’. Tige herkenber foar dy liu. Mar it Frysk fan de wurkflier hak dêr wol mist.”
Ienris werom sette hy al rillegau de band De Hûnekop op, mei Ljouwerter Bart Scheffers op drums en ymport Rik Alstra op kontrabas. „Wy prate onder inoar altiten Nederlânsk, mar op it poadium begjinne sy ek al yn it Frysk.” Dat Frysk sil him oars net sa freeslike heech. De taalpurist sil de grize oer de grouwe gean by guon sinskonstruksjes ut de rage kiel fan Emiel. Dat is syn soarch net.
Net serieus
„It lân dat him om sokke dingen drok makket hal fierder net folle problemen. Oer fiifhûndert jier prate wy dochs allegearre hiel oars, Ingelsk of sa.” Dat guon minsken har steure oan de rûchheidsgraad fan syn teksten, wol der by him eins ek net yn. „Op playback¬shows dogge lytse jonkjes ‘Ien twa trije, ik sil dy snije’. De minsken ha wol troch dat it net serieus is, dat dan kinst in protte meitsje. Yn it begiin skreau ik dy teksten om de oare jonges yn de band oan it laitsjen te krijen. Ik hie net tocht dat it sa oppikt wurde soe.”
En as immen seit dat it ek wol wat minder rûch kin, yn de teksten? „Dan sis ik: dat meitsje ik godferdomme sets wol út.”