Leeuwarder Courant op het web

Yn de nacht fan 4 op 5 maaie giet ‘Wetterkáld’ yn premiêre, de earste foarstelling fan sjongeres en multiynstrumintaliste Reina Rodina. „It giet my om it oerweldigjende fan de natuer.”

Klanken sjen,
bylden hearre

JACOB HAAGSMA

It moast perfoarst dy nacht weze. De nacht tusken de twa minuten stilte fan de Deadebetinking en it feest fan de befrijing. Net iens sasear, om ‘t it om de Twadde Wrâldoarloch giet. „Dy ha ‘k net meimakke en dus kin ik der ek net safolle oer sizze”, seit Reina Rodina (23).
„It is dy tsjinstelling, dy ‘t ik hiel apart fyn. De iene jûns de deaden betinke en de oare deis de gaos fan it feest. Dy twa minuten stilte wie ik as lyts bern altiten al djip fan ûnder de yndruk, dat fûn ik hiel heftich."
Wat har oanbelanget mei it waar ek best heftich weze, dy nachts. Se wol noch net fertelle weit it hum ôfspilet, allinne dat it yn 'e natuer is, earne oan it wetter. De besikers komme der ek pas efter as se der oankomme: se wurde derhinne laat.
„As it reint, of hurd waait, dan heart dat by de foarstelling. De natuer en it waar hawwe ek in part yn it stik. Dat betsjut dat it eltse jun wer oars is.” Se kaam op it idee doe ‘t se goed in jier lyn op it Ice Festival yn Noarwegen wie, in apart barren mei optredens op ynstruminten fan iis.
„Dan is sa ‘n ding mar ûnsuver om ‘t it iis oan it ranen is of sa, of dan sitst mar mei in hiele ploech by lytse kampfjoerkes wylst it iis- en iiskâld is. It is hiel apart om soks mei syn allen meite meitsjen, hiel nijsgjirrich ek. Dat oerweldigjende, dat fyn ‘k moai. Der giet it my om."
‘Wetterkâld’ wurdt in foarstelling mei in tema, mar net mei in ferhaal. Earder is it in samling sfearen, fêstlein yn ferskes dy't se allinne bringt, mei piano en fioel. En elektroanyske ‘soundscapes’ fan de harddisk. Bylden komme der ek by „Dat leare wy op de Academie voor Popcultuur, hè, multidissiplinêr tinken.”
It binne bylden, sfearen, klanken en wurden oer de natuer, oer it wetter en de kjeld. „Wy wennen oan it wetter, yn Akkrum”, seit Reina Rodina van der Meer („beide nammen sitte yn ‘e famylje”). Se wie altiten in protte buten, en noch. „Ljouwert ut, buten rinne, de wyn om ‘e kop, dat doch ik graach, noch altyd.”
Heit en mem makken muzyk, der stie in piano yn ‘e keamer dei ‘t se as lyts famke op ‘omprutste’. Dochs keas se al jong foar de fioele. „Om ‘t ik de muzyk by ballet sa moai fûn, en by âlde Disneyfilms.” Fan har alfde oant har fjirtjinde spile se yn it Frysk Jeugdorkest, mei optredens yn Rome en Boedapest en alles. Hartstikke moai, seks, mar doe wee se dochs leaver dwaande mei har eigen muzyk. Earst yn it Ingelsk, want sa heart seks emmers, mar doe tsjinne it Frysk him as fansels oan.
Net allinne it Frysk nammers. „Ik ha noait echt pianoles hán, hè. As ik derachter sit, hear ik al wurden by beskate noaten en akkoarden, of wurdklanken. Dat binne suver altyd Fryske klanken, witst wol. Ik helj e de wurden sa út ‘e loft, liket it wol. Ik sjoch der ek daliks bylden by. Ik wit noch wol dat ik myn suske by ballet dingen dwaan litte woe op muzyk: by hege noaten seach ik fûgels, by lege toanen hiel heftige bylden. Se fûn it net leuk.”
It liket derop dat Reina Rodina synestesy hat (‘synesthesie’), in eigenskip wêrby ‘t de sintugen wat troch de war binne en opinoar réagearje. Gjin ferkeard ding foar in keunstner, benammen immen dy’t ‘multidissiplinêr’ dwaande wèze wol. Foar it Frysk is it yn alle gefallen winst. „By it Ingelsk tocht ik: dit kloppet net. It moast yn it Frysk, dan hoechst dy fertaalslach ek net te meitsjen. Dan komt it hast fansels.”
Wat net hielendal opgiet foar stavering en grammatika, mar der giet freon Johannes Keekstra dan wol efkes oer gear. Fan it Frysk op skoalle hoecht se it net te hawwen. „Der ha ‘k heechtstens oant tsien tellen leard, of oant tweintich miskien.” Oare Fryske muzyk wie ek nea sa 'n grutte ynfloed, al wie se as famke fan in jier as tsien, alve wol djip ûnder de yndruk fan Twarres. Hoe dan ek, op de Academie voor Popcultuur wie se sa ‘n bytsje de earste dy ‘t mei it Frysk úteinsette. Stúdzjegenoat Laurens van der Meulen gie ek mei dy taal oan ‘e gong, en hy wûn dan ek Liet mei syn projekt ‘It langstme en de dea’. Seks sjocht Reina harsels net gau dwaan. „Dat wedstriidelemint past net by my. Ik ha oars wol kontakten mei minderheidstalen, dat spile ek al op dat festival yn Noarwegen.”
Op de Academie voor Popcultuur kaam se yn alle gefallen yn ‘e kunde mei de goede minsken. Lykas Jan Tekstra, dy ‘t har frege om mei te dwaan oan ‘Dylan yn it Frysk’. Der docht se ‘Boots of spanish leather’, begelaat troch de ‘soundscapes’ fan Phil Mills, ek al immen fan de academie. „Jan frege my krekt om ‘t er wist dat ik mei soundscapes dwaande wie. Ik wist net felle fan Dylan, mar Phil wol en dy hal in pear moaie ferskes útsocht. Mar as ik dèr neat mei hân hie, hie ik it net dien.”
Phil Mills is no tige wichtich foar Reina Rodina en har muzyk. Sy spilet yn syn band Tickets Go Past en hy produsearret de cd mei de muzyk fan ‘Wetterkâld’, dy ‘t pas it kommende jier útkomt. Hy is har „persoanlike ekspert” as it giet om soundscapes, elektroanyske klankbylden dy ‘t er mei syn útwreide samling nije en âldere synthesizers en care apparatuer delleit.
„Ik eksperimintearje ek wol wat mei de kompjûter, hjirboppe, want ik hear sokke lûden ek al by it skriuwen. Mar Phil hal felle bettere apparatuer, en hy snapt goed wat ik wol. Sokke biden passe goed by wat ik oerbringe wol, by dy bylden fan natuer en kjeld.”

> www.reinarodina.nl
terug naar Reina Rodina

Deze pagina is bijgewerkt op