25 mei 2010
Friesch Dagblad op het web
Equal Souls wint Liet 2010
Arjan Hut
Leeuwarden - De formaasje Equal Souls út Rotterdam hat sneontejûn yn Ljouwert de 19e edysje fan it Fryske sjongfestival Liet wûn. Yn stêdsskouboarch De Harmonie krigen sjongeres Janneke Brakels en co fan de fiifkoppige faksjuery leafst 54 punten foar harren ferske Do swalkest. Dat wie hast tweintich punten mear as de nûmer twa, Carla de Wal, dy’t mei har pianoballade It is myn lân, myn heitelân op 36 punten stykjen bleau. It publyk koe it net hielendal mei de sjuery lykfine. Louiza Saltova, dy’t oarspronklik út Tsjetsjenië komt, song Rêden troch muzyk, in ferske oer hoe’t muzyk de leechten yn it libben follet, en dat smiet har de Ivan Pel publykspriis op. De publykspriis wie dit jier foar it earst ferneamd nei de ferline jier ferstoarne oprjochter fan Liet.
De dielnimmers presintearren in grut ferskaat oan muzykstilen. Balladen as Tsjin de stoarm yn fan Fjoerich Famke en Gean fan de suskes Nynke en Wiljo hearre by in sjongfestival as dunen by Bakkefean. Mar der klonk likegoed tradisjonele folk, opswypkjende punk, radiorock en heavy metal. Yn hokfoar muzikale hoeke de dielnimmers it ek sochten, it spylnivo wie troch de bank nommen wer heger as by foargeande edysjes. Louiza Saltova, bygelyks, stie dêr samar mei in topmuzikant as Johan Keus yn har kombo.
Akoestysk
Equal Souls wie de band dy’t fuortendaliks it spits ôfbiet. Sy spilen in tagonklik elektrysk rockferske, mei opfallende akoestyske perkusje. Der wienen der mear dy’t it grutte drumstel gewurde lieten, en dat die fertuten. De harksangen en oare, wat op beskiedener folume spile ferskes, kamen yn de Friesland Bankseal better ta har rjocht dan it rûgere wurk.
Nuvere ein yn it bit wie de bydrage fan Switserfries Rob du Jardin. Hy noege yn syn ferske iene Tineke út foar in kuier troch it Fryske Gea. Ferline jier wûn er de publykspriis, en ek dizze kear ha de minsken har skoan mei syn fratsen fermakke. Du Jardin beweecht him op de skiedsline fan kabaret en pop. In grap hjir, in grap dêr, mar ek in prachtige, Kyteman-achtige trompetsolo as útsmiter. Spitich dat er nei it earste refrein hohâlde moatst, om lûdstechnyske redenen. Hy liet him net út it fjild slaan en brocht it ferske by poging twa ûnfersteurber ta in goed ein.
Ek Carla de Walle moatst, neidat se har yntro op it piano spile hie, efkes stopje. It Liet-festival waard opnommen troch Omrop Fryslân, en krekt as earder by Du Jardin, stie in lyts defekt in moaie tv-registraasje yn it paad. De Walle wie sichtber oandien.
Neidat alle artysten har nûmer foar de hearen brocht hienen, frege presintator Robbie van Wieren oft it publyk sitten bliuwe woe. Twa bands (it Amelanner Van Geeft’m en de susters Nynke en Wiljo) moasten, nochrisom foar it moaie tv-plaatsje, har optreden werhelje. En it publyk moatst nochris in pear kear spontaan applaudisearje. ‘Jim krije dûbeld waar foar jim jild’, sei van Wieren út de grap, mar sa wie it foar de beteljende besiker krekt oft er by de opnamen fan in tv-show siet, ynstee fan by in live sjongfestival. Sa koe it der werklik net op troch, gûnze it nei ôfrin.
Foar Equal Souls wie it, tv meneuvels of net, in prachtige jûn. Sy sille kommende hjerst Fryslân fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal, dat fan’t jier op sneon 27 novimber yn it Bretonske Lorient plakfine sil.