13 januari 2010
Jouster Courant op het web
FERRASSENDE NIJJIERSREVU
OP ‘E JOUWERÔfrûne freedtejûn 8 jannewaris waard foar de 24ste kear de Nijjiersrevu opfierd troch de Fryske Krite De Jouwer. De seal siet op dizze premjêre jûn moai fol mei sa ‘n 165 taskôgers en dy giene der ris efkes goed foar sitten.
DOOR:
ANNE TERPSTRADE JOUWER . De iepening fan de revu begûn al mei in ferrassing, earst in prachtich iepeningslied songen troch Durk Brouwer en de hiele ploech en dêrnei pas hiet de ferfangende foarsitter Jan Sloothaak eltsenien hertlik wolkom.
It dekor foar dizze revu is hiel ienfâldich: der stie allinne, mar wol tige funksjoneel, in prachtige beam. It tema foar dizze revu is namlik Beam. En sa as it yn it programmaboekje ek al stie, beam yn de romste sin fan wurd. De oanlieding foar it tema wie de ferkiezing fan de beam mei de X-faktor yn de gemeente Skarsterlân. In beam sjocht der yn de rin fan it jier (winter, maaitiid, simmer, hjerst) wer oars út. Ûnder in beam kin him ek fan alles ôfspylje. Fûgels, benammen roeken, nestelje yn beamenen skite de boel ûnder. En dan hawenoch ferskate sprekwurden en lieten. Hegebeammenfange in protte wyn. De kat út ‘e beam sjen ensfh. Ferskate fan dizze aspekten wienen werom te finen yn de útfiering fan de revu.
De rezjy is dit kear yn hannen fan Herman Emmelkamp en de muzikalelieding wurdt fersoarge troch Durk Brouwer. Ljocht en lûd waad prachtich, yn gearwurking mei Diamond Sound Systems, fersoarge troch Hessel van der Wal. As it gerdyn nei it iepeningswurd wer iepen giet, hawwe wij de earste ferrassing al, de muzyk sit net op in fêst plak op it toaniel, mar sit of stiet no oeral en nearne en binne dêrtroch no folle mear ien gehiel mei de Nijjiersrevu en krije de oare spilers mear bewegingsromte op it toaniel. Foaral de grutte massale sênes komme sa folle better ta harren rjocht.
It is al wer in ôfwikseljende revu mei prachtige lieten en goed trochtochte sketskes, al wurdt de iene wol better útfierd as de oare. Mar yn it algemien hat it publyk in tige slagge revu sjoen. Inkele hichtepunten wiene, de prachtige fertaling fan it ferske “het Dorp” fan Wim Sonneveld , songen troch Martin Bosma en begelaat troch Vivian Holtrop-Brattinga ( dwersfluit ) en Pier Brouwer (gitaar). en ek de Krystbeam, à capella songen troch de hiele ploech, en it prachtige liet fan Joukje Brouwer, oer in bang famke foar tonger en rein, dat sit te wachtsjen op har heit ûnder de beam.
It earste part foar it skoft is moai mar al wat flak, der sitte gjin echte útsjitters tusken, útsein it lêste ferske foar it skoft. Nei it skoft is it genietsjen fan it boppeste boardsje. Dêrmei kin de Fryske Krite werom sjen op in tige slagge premjêrejûn. In oanrieder foar de minsken dy’t dizze nijjiersrevu noch sjen wolle. Dat kin dan noch op freedtejûn 15 jannewaris en de sneontemiddei 16 jannewaris. De foarstelling foar kommende sneontejûn is alhiel útferkocht. Tagongskaarten binne te keap by The Read Shop oan de Midsstrjitte 153. Dat ik soe sizze net stinne mar hinne.