De Moanne op internet

Gurbe Douwstra

CLIFFS OF MOHER

Tja, wat is de oantrekkingskréft fan in liet en werom sprekt it iene liet mear oan as it oare? At der in formule bestean soe om in 'hit' te skriuwen, dan soe elk dat miskien wol dwaan. Mar hits vuurde, neffens my, net skreaun mar makke troch it publyk. Alhiel as it giet om lieten yn in minderheidstaal as it Frysk. Dér hat de kommersy net folle ynfloed op. De minsken bepale wat sy al as net moai fine en dat is mar goed ek. In lietskriuwer skriuwt yn it foarste plak foar himsels en tinkt der net op foarhân oer nei of in liet al of net oanslaan sil, alteast ik doch dat net. Fyn it prachtich as dat al sa is, mar kin en wol dat proses net beynfloedzje.
Earlik sein wie ik ferstuivere doe't foarich jier bliken die dat myn lietsje 'Cliffs of Moher' op nûmer ien eindige yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Fansels wist ik wol dat in protte minsken it in moai liet fine, der wurdt by optredens geregeld om frege, mar dat it safolle stipe krije soe, dat hie ik nea tocht. Ik tink dat it liet twa punten mei hat. It is in ridlik ienfâldige meldij, mei in tagonklik tema, dat al gau hingjen bliuwt. In tema dat ek nochris aardich Iersk klinkt (hoewol't ik it sels betocht ha) en foaral ek mankelyk oandocht. Mar like wichtich is, tink ik, dat de tekst basearre is op in wier bard ferhaal. De eigeneresse fan in Bed & Breakfast yn Doolin, Ierlân, tichtby de Cliffs of Moher fertelde my dit ferhaal doe 't ik dér yn juny 1996 foar in pear dagen op fakânsje wie. Earder dat jier hie sy in jong steltsje, ik wol leauwe ut Dútslân wei, ek by har oer de flier hân. Dy twa hawwe har weage oan de foet fan de Cliffs. Beide binne troch in weach yn see lutsen, it famke wurdt mei in folgjende weach wer op in richel smiten en oerlibbet it, de jonge hawwe sy nea wer fûn. De frou fan it B&B wie der moannen letter noch oerémis fan en dat kin ik my foarstelle. It ferhaal spoeke my lang yn 'e holle om en mear as flif jier letter ha ik it ris op papier set, in bytsje 'oanklaaid' fansels, mar wol mei as basis dat wier barde dramatyske ferhaal. Minsken leauwe yn de wierheid, yn datjinge dat sy har sels foar de eagen helje kinne. En Friezen hâlde neffens my ek wol fan ditsoarte tryste, mankelike ferhalen. Fansels leau ik ek wol dat de oantrekkingskréft fan it liet yn positive sin beynfloede is troch de fideoklip dy't der by makke is. Minsken kinne har it ferhaal dan noch better foar de geast krije. It is dus grif de wurking fan mear faktoaren, dy't bepale wat in liet mei minsken docht. In noch wat tryst ferfolch op it ferhaal wol ik jimme ek net ûnthâlde. Doe 'Cliffs of Moher' klear wie en opnommen, foar in part yn in studio yn Ierlân, bin ik mei de cd yn 'e koffer wer ôfreizge net Doolin. Ik woe de frou fan dat B&B, net fier foarby O'Connors Pub, in eksimplaar jaan en fertelle dat sy de ynspiraasje west hie foar ien fan de lietsjes. It wie dreech it goeie hûs werom te finen, it wie bot ferboud, mar it slagge al. Lykwols, de frou wie der net mear. Har man, dy't no de B&B runde, fertelde dat sy twa jier earder oan kanker stoarn wie. En doe moast ik efkes slikke.

terug naar Gurbe Douwstra

Deze pagina is bijgewerkt op