19 september 2009
Leeuwarder Courant op het web
Lianne is tichtby harsels op har bêst
Plak: Harmonie, Ljouwert. Barren: Solofoarstelling ‘Tichtby’ fan Lianne Zandstra. Mei: Peter Sambros (bas) en Richard Veltman (fibrafoan). Teksten: Lianne Zandstra, Baukje Wytsma, Ira Judkovskaja. Oersettings: Tryntsje van der Zee. Belangstelling: 160 minsken. Noch te sjen: rûnom yn Fryslân, spyllist op www.theatergroeppact.nl
LJOUWERT – Gewoan gelokkich wêze, dat is it doel fan de tritiger dy’t Lianne Zandstra delset yn har solofoarstelling ‘Tichtby’. In man yn in wytstisele boesgroen, beukerkes yn de tobbe, wekflessen op in houten boerd, in kiste mei plôke apels yn de kelder, en dan tegearre oant de dea – gewoan. Dy syktocht is de reade tried fan har programma en it is foar in grut part har eigen syktocht, sa docht wol bliken. Want op guon mominten komt se frijwat tichtby harsels, en dat binne fuort ek de nûmers dy’t de sterkste yndruk efterlitte.
As se fertelt hoe’t midden yn har wenplak Amsterdam de rook fan farske koekjes har ynienen werombringt by pake, bygelyks. Se kuiert ynienen wer as in lyts famke mei him oer it strân en sjongt in kostlik lietsje oer har eigen bounty-eilân: ‘Flylân, kenst my noch?’ De Flylanner VVV soe der syn foardiel mei dwaan kinne.
In oar yntym momint is wannear’t se harket nei har eigen famkesstim, op in bantsje, en krekt as eartiids it tsjerkeferske yn kanon meisjongt. De subtile muzikale begelieding nimt de lêste klanken oer en Lianne sjongt hiel persoanlik in lietsje dat rjochte is oan ‘myn ingel’, har geheime bewarder.
Lianne Zandstra is by it publyk benammen bekend fan ‘Baas boppe baas’ en fan in tal Tryater-produksjes. Mei dizze twatalige teatersolo lit se sjen dat se ek út harsels wei in publyk bespylje en fermeitsje kin.
Se hat der wol knappe help by socht foar de teksten – Baukje Wytsma wurke mei, Tryntsje van der Zee sette lieten oer en Ira Judkovskaja skreau Hollânske monologen – en se wurdt bystien troch twa rûtinearre muzikanten.
Peter Sambros en Richard Veltman leverje net allinne subtile, wat jazzy begelieding meibas, fibrafoan en perkussy, mar stappe ek hiel fanselssprekkend yn de rol fan ‘Ex’ - dy’t ek mei grutte letters op harren shirts stiet trouwens.
Zandstra hat bytiden aardich de gek mei de syktocht nei it lok fan de hjoeddeistige tritiger. It ta de nacht út kompjûterjen mei datingsites, in reis foar singles nei Turkije, in ûnferwachte moeting mei in ex - yn sokke sênes lit se har komyske talinten sjen, mei as hilarysk hichtepunt de speeddate.
Yn de regy fan Judith Brokking hat Lianne oan beskieden middels genôch om de oandacht derby te hâlden en se rekt de boel net om ’e nocht op. Yn in lytse fiif kertier lûkt se ferskate registers iepen. Yn de wat keunstele manierkes en stimkes oertsjûget se krekt wat minder, mar foaral wêr’t se tichtby harsels bliuwt, yn stim en yn spyljen, wit se geregeld de krekte snaar te reitsjen.
It omskeakeljen tusken de Fryske lietsjes (ek twa Ingelske) en Hollânsktalige sênes docht eins nearne forseard oan. It komt út Zandstra har eigen twatalige eftergrûn wei, ûnderstreket har ‘sintrale as’ Amsterdam-Fryslân en docht neat ôf oan de werkenberens fan de leafdesperikels fan in tritiger. ‘Tichtby’ is in moai slotliet, en Lianne is op har bêst as se it publyk tichtby harsels komme lit.FEDDE DIJKSTRA