Leeuwarder Courant op het web

Tritigers dy’t datingsites ōfstrune, nei speeddates drave en mei 150 singles yn bussen troch Turkije hobbelje om de leafde te finen, dźr praat en sjongt Lianne Zandstra oer yn ‘Tichtby’. In lietsjesprogram oer har eigen tema’s, se hat der like lang fan dreamd as fan de leafde. Jūn is yn De Harmonie yn Ljouwert de premiźre.

‘Gewoan in man en in bern’

SIETSE DE VRIES

Har earste rol, nei’t se yn 1995 oan de Kleinkunstacademie ōfstudearre, wie yn ‘Kening op sokken’, in keatsrevu fan Rients Gratama. Sūnt spile se fiif kear in gastrol by Tryater, siet se yn ‘Baas boppe baas’ en in rychje Nederlānske films en televyzjesearjes, die se yn ’e mande mei Leny Dykstra ‘Tenminste houdbaar tot’ en oare dingen. It kommende winterskoft spilet se yn de famyljefoarstelling ‘De striid om de sulveren bal’ fan Tryater.

Lianne Zandstra (38) is yn Stiens yn it Nederlānsk grutbrocht, mar om’t se om har hinne fan jongsōf Frysk hearde, neamt se harsels twatalich. Om’t it Nederlānsk har earste taal is en se al 21 jier yn Amsterdam wennet kostet it Frysk har justjes mear muoite. In interview folslein yn it Frysk dwaan falt net ta, sa no en dan giet se oer op it Nederlānsk.

Lianne Zandtra: ,,Ik ha mei it Frysk altyd it gefoel dat ik tekoartsjit of dat ik my ferantwurdzje moat. Op 6 febrewaris hie ik fan ‘Tichtby’ in alderearste try-out yn Dokkum. Nei ōfrin ha’k my ōffrege: ‘wźrom doch ik dit yn it Frysk?’ Om’t de minsken dat belangryk fine? Ik bin twatalich, dat is in part fan my. Doe ha’k besletten om de lieten yn it Frysk te dwaan en de monologen yn it Nederlānsk.’’

In lietsjeprogram oer tema’s dy’t tichtby harsels steane, dat woe se al hiel lang. Dat it der no einlings fan komt, is te tankjen oan in moeting mei regisseur Judith Brokking fan Theatergroep Pact twa jier lyn. ,,Wy binne om ’e tafel sitten gien en hawwe hiel lang praat oer wźr’t wy nei ta woene. Ienfāld, ferstilling, in trochrinnend muzikaal ferhaal, in pure manier fan teatermeitsjen, dy kant moast it op.’’

,,Het gaat over de liefde, over het verlangen naar onvoorwaardelijk liefhebben. Dat zou iets heel normaals moeten zijn. In man mei in wytstisele boesgroen, bern yn ’e tobbe, wekflessen op in houten boerd yn ’e kelder. Ik bezing het als een gewoon, voor iedereen bereikbaar ideaal.’’

Mar sa gewoan is it net, wit Lianne Zandstra śt ūnderfining. Se hat der jierrenlang, krekt as in soad oare tritigers, alles oan dien om it te finen. Wie der suver troch obsedearre. ,,It is in oerding. Gjin yngewikkelde relaasjes, mar gewoan in man en in bern.’’

,,‘Tichtby’ giet oer de syktocht fan myn generaasje nei leafde, lok, oandacht en befestiging. Der sit in monolooch yn oer datingsites, oer in reis mei 150 singles troch Turkije, speeddating en karaoke, allegear dingen om kontakt te krijen. Giest tsjintwurdich net mear nei de kroech om minsken te moetsjen, nee, lūkst in flesse wyn iepen en giest ynternet op. Alle datingsites dy’st kenst bylāns. Makkest geregeld in ōfspraak, mar it falt altyd ōf. It falt altyd ferskriklik ōf.’’

,,Een mens is niet gemaakt om alleen te zijn. De behoefte om wat je bezig houdt met een ander te delen, die intimiteit, dat speciale gevoel dat daardoor ontstaat, het hoort bij een mens. Het mooie van deze tijd is dat je als vrouw zelfstandig kunt zijn, maar ik heb soms het gevoel dat er zoveel te kiezen valt – je hoeft maar naar je muis te wijzen en de mannen scrollen de kamer binnen – dat we veel te ver van onszelf zijn geraakt. Dat wij weer dichterbij onszelf moeten komen. Tichtby.’’

Sels wie se al safier dat se besletten hie om allinne in bern te krijen en grut te bringen. Se waard der suver rźstich fan doe’t se besletten hie de jacht op de geskikte man op te jaan. Oft dy rźst dźr in rol by spile hat, wit se net, mar goed fjouwer wike lyn wie it ynienen safier: se kaam de man tsjin dy’t se altyd socht en dy’t – like wichtich - har altyd socht hie. De befestiging dat de leafde sūnder betingst, de leafde dźr’t se altyd fan dreamd hie, echt bestiet.

It betsjut de ein fan it frije libbentsje, fan it net-būnwźzen, mar dat is neffens Lianne Zandstra net slim. ,,Dat is een heel beperkte vrijheid. Een vrijheid die ik niet meer wil, die ik wel gezien heb. Al was dit programma er zonder die vrijheid natuurlijk nooit geweest.’’

De teksten fan de lietsjes binne fan Lianne Zandstra en Baukje Wytsma, Tryntsje van der Zee hat dy fan Lianne yn it Frysk oerset. De muzyk is fan Peter Sambros. It titelnūmer ‘Tichtby’ is fan Henny Vrienten en is oerset troch Baukje Wytsma. Fierder telt it programma noch twa Ingelsktalige covers. Tryaterliedster Ira Judkovskaja skreau de monologen op grūn fan materiaal dat Lianne sels oanlevere. Bart Feikes die de einregy.

terug naar Lianne Zandstra

Deze pagina is bijgewerkt op