Leeuwarder Courant op het web

Mear as tweintich jier nei
de lp’s ‘Frustraasjebloes’ en
‘Húske’ ferskynt der in nij
skyfke fan Doede Veeman.
Hy bringt de cd ‘It is in spul’
yn eigen behear út en rekket
fuort net op winst. ,,Mar je
ha’t wer ris besocht.’’

FEDDE DIJKSTRA

‘De aldergrutste ramp
dat is de minske sels’

De cd is foar in soad konsuminten yn 2009 net mear de meast foar de hân lizzende lûdsdrager. Doede Veeman rekkent dan ek net op kommersjeel sukses mei syn nije skiif ‘It is in spul’, de earste op eigen namme sûnt ‘Húske’ út 1987. ,,Lit ús earlik wêze, it is in merk fan niks. Mar it hat foar my ek altyd in soarte fan hobby west, ik haw it noait om it jild dwaan wollen.’’

Thús op Sumarreheide fertelt ferskesjonger Veeman (1943) oer syn nije cd, dy’t snein presintearre wurdt. Hy bringt him yn eigen behear út en hat foarmjouwer Josse Postma ynskeakele, dy’t yn it tekstboekje de titels boartlik werjout yn Scrabbleletters. Muzikaal en technysk hat er him bystean litten troch syn maten fan de band RemoliNo en syn soannen Rimer en Jaitse. Dat joech him wat in fertroud gefoel.

Want earlik sein, op studio’s hat Doede it net sa stean. Dochs hat er trije dagen oan it opnimmen west yn studio Lobbes yn de Grinzer Pein, mei Carel van Leeuwen, Herman Peenstra en Marcel Prins fan RemoliNo. Syn âldste soan Rimer, dy’t lûdstechnyk studearre hat en by de dancegroep Le-le sit, fersoarge de technyk. En jongste soan Jaitse, dy’t op de Academie voor Popcultuur sit, hat op drums meidien.

,,Wy begûnen earst mei koptelefoans op. Dan kinst mekoar wol hearre. Mar dy koptelefoans ha wy gau oan de kant smiten. En stim foar stim opnimme is ek neat wurdich. Gewoan mei syn fjouweren spylje, dat wurket it alderbêste. Rimer moat mar sjen dat er it oppikt.’’

Syn langspylplaten ‘Frustraasjebloes’ (1978) en ‘Húske’ (1987) – mei Jappy van der Leest - binne neitiid op cd útbrocht. Der is noch wolris fraach nei. ,,Mar ek wer net safolle dat Wobbe van Seijen der brea yn sjocht om der nije foarried fan te meitsjen.’’ Der waarden wol wat nije ferskes fan Doede útbrocht yn oar ferbân – op cd’s fan de Rayonhaden de Fjouwer Trûbadoers – mar no woed er him dan dochs mar wer ris weagje oan in eigen nije cd.

Muzikaal slacht Doede net in folslein nije koers yn. Hy siket it noch hieltyd yn de sfear fan de folksmuzyk, al sjocht er no wat fierder om him hinne – ek nei Noard- en East-Europa bygelyks. Njonken eigen wizen brûkt er ek wol besteande. It grutste part fan de ferskes komt út it programma ‘Wrâldfrysk’, dat er mei syn RemoliNo-maten sûnt 2006 yn ’e sealen bringt. Dêryn kombinearje se Fryske lieten en wrâldmuzyk.

,,As wy optrede is der mear romte foar ynstrumintale stikken, op de cd is it werombrocht ta de ferskes.’’ Santjin nûmers ha in plakje krigen op de cd ‘It is in spul’. Dêr binne ek wat âldere en in pear nije nûmers by. Ien liet is fierhinne Hollânsktalich. ‘Bart-Jan’, dat geregelde radioharkers wol kenne, giet oer âlden dy’t miene dat harren bern mei Hollânsk bettere kânsen hat.

‘Twa roeken’ en ‘Skûlkelderjankfodde’ hearre by it âldere wurk dat no yn nijesetting opnaam is. Dat jildt ek foar ‘Wat kin ús dat deare’, mar dêrfan is de tekst wat oanpast oan dizze tiid. ‘Lit ús mar oaljebaarne, broeikas jaan en al it iis mar rane, dochs neat oan te dwaan, ju.’

Doede Veeman
ek op nije cd
net mijen

In protestsjonger soe Doede Veeman himsels net neame wolle. Maatskippijkritysk hat er wol altyd west. It miljeu, oarloch en frede, strieljagerkabaal, walfiskejacht, ûnferskilligens – tankbere ûnderwerpen. Ek op ‘It is in spul’ is er bytiden net mijen. Sa sjongt er yn ‘Rampen’ oer tsûnamy’s, ierdferskowings en fulkanen: ‘Mar al hoe grut as dy natoerrampen ek binne, de aldergrutste ramp dat is de minske sels.’ En yn it gefoelige lietsje ‘Lytse poppe’ freget er him ôf hoe’t de takomst fan in berntsje der útsjen sil: ‘Rekkest yn de ban fan it grutte kapitaal of blaast dysels mei springstof op foar in hillich ideaal?’

,,Nee, in artyst hoecht om my net altyd maatskippijkritysk te wêzen. Ik hâld ek wol fan artysten dy’t dat hielendal net binne. Sa’n droktemakker as kabaretier Bert Visscher, dat is ek hearlik. En as in lietsjesjonger it allinne oer de leafde hat, dan is dêr neat mis mei.’’ By himsels is ek wol plak foar luchtiger wurk en gekjeierij. Lykas in ‘Frivoale tango’ oer Máxima en Willem-Alexander (op in tekst fan Giny Bastiaans), in fleurich ferske oer jeu de boules (‘Ik lit myn ballen dan rôlje foar it each fan de froulju’), nammeboarterij yn ‘Gans Anders’, of in ferhaaltsje oer immen dy’t yn syn ik-museum alles fan himsels bewarret, oant en mei ôfknipte neilen en earsmarsel.

Mar yn de measte teksten hat er wol wat te melden oer hoe’t de wrâld derhinne leit. Oft it no tusken de rigels troch is, of mei in feninich kommentaar. Sa sit de artyst Doede Veeman no ienris yn elkoar. ,,Dat sil it skoalmasterige wol wêze’’, tinkt er sels. As âlddosint wit er ek wol wer te relativearjen. Dêr tsjûget ek de titel fan de nije cd fan. It is in útspraak fan syn mem, dy’t alle grutte en lytse tastannen yn ’e hûs en yn ’e wrâld ôfdwaan koe mei ien konklúzje: ,,It is in spul.’’

terug naar Doede Veeman

Deze pagina is bijgewerkt op