14 april 2009
Leeuwarder Courant op het web
Mei de hiele sûpkeet nei Aaipop
Troch Jacob Haagsma
NIJLÂN - It sintsje skynde mar bést, dér op it terrein fan De Mande yn Nijlân. De optredens fan it grutste Frysktalige festival binne dan wol binnen, yn it mienskipssintrum sels of yn de twa grutte tinten, mar tusken de bedriuwen troch wie it noflik stean, slinterjen, koekeloerjen en bier drinken yn it sintsje.
It is wat in paradoks: alle artysten op it festival moatte sjonge yn it Frysk of in oare streektaal. Mar by eintsjebeslút kin it grutte parten fan it 2500 man sterke publyk net folie skele yn watfoar taal as der songen, rapt of balten wurdt.
Aaipop is ommers benammen in barren om inoar te moetsjen, te tútsjen en - by hege útsûndering - op de bek te slaan. Der is ek romte foar nije sosjale ferbannen, lykas de sûpketen. De T-shirts wilsden it ut: de keten Us Thus ut Gau en Hok Harich wiene der ek.
Dér kin men fan sizze wat men wol, mar oer it generaal wurket it. It publyk is dúdlik de jonge kant it neist en sa fernijt it festival him ek nel 22 jier noch knap. Dat jildt ek foar it programma, fol ferskaat en mei ridlik wat nije nammen. It is dúdlik dat Aaipop wol efkes mear is as in doarpsfeest.
Der is sa njonkenlytsen in soarte fan mal, in formule, dér't de Aaipop-artysten oan foldwaan moatte om by dit publyk yn de smaak te fallen. Alde bekenden als Sebeare, Ramsk en Jitiizer foldogge déroan mei harren frijwat ruge klanken.
Dat gie ek op foar it reüny-optreden fan Wiegels Wjukkelmasine, stjerren fan de betide Aaipop-histoarje. Mâle pakjes en, nei al dy jierren noch, deeglik spul, sels doe't de stroom it ófwitte liet.
Folie nijmoadriger is de 'dialectro' fan Ed Lip & Aart Lus. It is ien grutte gimmick fansels, twa Ljouwerter lju dy't it sukses fan harren 'ik bin su eil' útmelke as wie it de léste ko fan harren molkkwotum. Mar sjoch: it wurket, it is yn it stedsfrysk en dus passet it bést op Aaipop. De tinte gie hast plat.
Meindert Talma luts mar in hantsjefol minsken nei de Harksankjesseal, dy't efkes earder noch fierstente lyts wie foar Gurbe Douwstra. Mar dy skode letter noch by Jitiizer oan. 'Autistyske folk' neamde immen de skriuwsels fan Talma, ditkear solo mei in piano dy't bettere tiden meimakke hat. Ja, dit is miskien gjin foar de hân lizzend aaipop-foer, mar Talma syn wurk mei heard wurde en it is goed dat de organisaasje dy ferantwurdlikens nimt.
Aaipop wie ek nijsgjirrich om de suver ruge harksankjes fan Minke Adema, dy't aanst ophâldt mei har rockgroep Mink. Of om de elegante ferskes fan Gerrit Breteler, de dynamyk fan Mariusz (ofwol Marius de Boer, no mei slachreauspiler), de alhiel Fryske set fan Syb van der Ploeg, de gothic- en folkmetal fan Sephyros, de plaatsjes fan Peije Rasp, de earste alhiel Frysktalige dj, ensafuorthinne.
It naamen wurdich is ek Sipke de Boer, in flotte jonge dy't de kant útskaaide fan René Froger en Jeroen van der Boom en dat is wer wat oars. „En nu de handjes in de lucht!", sei er, him yn syn entûsjasme fersinnend yn de taal.
Wat ek opfoel wie it koperwurk. Gien Gok, sjongend yn it Stellingwarfs, de Johannes D. Kernermershow en Sebeare hiene der allegearre in tromboane by, Sebeare ek noch in trompet. Dat is in tin, mar kreas lyntsje nel de hafabratradysje en sa foei Aaipop noch krekt efkes Frysker ut as it dochs al like.