Leeuwarder Courant op het web

‘Wy begûnen as folksmuzikanten,
wy einigen mei popmuzyk’

It komt net faak foar dat in Fryske popgroep de Privé hellet, Om ’e Noard is it oait slagge. Snein nimt de groep yn Stania State yn Oentsjerk nei tweintich jier ôfskied mei de presintaasje fan de fjirde en lêste cd.

Om’e Noard hâldt der nei tweintich jier mei op

Om ’e Noard hat tweintich jier bestien, mar in oantal leden fan de band musisearret al folle langer, stie mei har lidmaatskip fan foargonger Irolt sels oan ’e widze fan de hjoeddeiske Fryske muzyk. Irolt joech dy Fryske muzyk yn de jierren santich in wichtige ympuls. Ingelsktalige folksmuzyk wie al in oantal jierren populêr ûnder de jongerein, de muzikanten fan Irolt wiene de earsten dy’t folksmuzyk yn it Frysk songen en dêr ûnder jongeren sukses mei hiene.
De kearn fan Irolt waard foarme troch Nanne Kalma, Inez Timmer, Hans Kerkhoven, Jan Ottevanger en Sietse Wagemakers. Oan ’e ein fan de jierren tachtich wie de band útgroeid ta in folle grutter kollektyf mei alle kearen wer oare gastmuzikanten. Doe’t de leden fan de âlde kearn op in stuit har nocht krigen fan de ûndúdlikheid dy’t dêrtroch ûntstie, ha se de groep opdoekt en útfeardige dat de namme Irolt net mear brûkt wurde mocht.
De muzikanten fan it Irolt fan de earste oere giene troch ûnder de namme Om ’e Noard. Nei in jier stapte Nanne Kalma en dêrmei it muzikale brein fan de groep op.
Kalma hie oant dan alle muzyk en ek in grut part fan de teksten foar Irolt en Om ’e Noard skreaun. Jan Ottevanger kaam mei de oplossing. Hy hie in skoft yn de Wim Beckersgroep spile en wist dat de nammejouwer fan dy band ek muzyk en teksten skreau. Beckers, dy’t syn eigen groep in pear moanne earder opdoekt hie, folge Nanne Kalma op.
Rillegau feroare Om ’e Noard fan karakter en waard it fan in folkgroep hieltyd mear in popgroep. Neffens Wim Beckers wie dat net it rjochtstreekse gefolch fan syn eigen komst. ,,Ik wie sels ek in folkman. Dy oergong nei de pop is begûn mei Hans Kerkhoven, dy’t sologitaar yn de groep spilet. Hans en ik kamen ien kear yn ’e fjirtjin dagen by elkoar om wat te praten, te spyljen en arranzjeminten te betinken. Wy begûnen dy jûnen as folksmuzikanten en wy einigen altyd mei popmuzyk.’’
,,Doe’t Sietse Wagemakers, ús akkordeonist, út ’e groep stapte, ha wy sein: wy wurde in popgroep. Wy ha Sietse ferfong troch in drummer, Rients Feenstra.’’,,Mar’’, heakket er dêr eefkes letter oan ta, ,,myn earste leafde is noch altyd de akoestyske gitaar. As de folk ienkear jins muzyk is, lit dy jin noait mear los.’’
Salang’t Beckers lietteksten skriuwt, hat er dat yn it Frysk dien. ,,Ik bin begûn yn alderhanne Top 40-orkestjes, doe songen wy altyd yn it Ingelsk. Doe’t ik myn eigen band oprjochte en myn eigen teksten skreau, bin ik op it Frysk oergien. Wêrom? Om’t ik my yn dy taal it bêste thúsfiel, in oare reden is der net.’’
Om ’e Noard hat trije cd’s makke, mar wat publisiteit oangiet hat de band de earste – ‘De wei nei moarn’ - noait belykje kinnen. Dat wie oan ien nûmer te tankjen: de oade fan in fereale sjonger oan aktrise Sylvia Millecam. Beckers stjoerde in kasettebantsje mei it nûmer nei de aktrise mei de fraach oft se it earste eksimplaar wol yn ûnfangst nimme woe.
,,In skoftsje letter kaam op it wurk in telefoantsje. Fan Sylvia Millecam. Ik tocht earst dat myn kollega’s my op ’e kast jeie woene,
mar doe’t ik de telefoan opnaam wie it: ‘Met Sylvia’ en wie it har echt. Doe wie’k der eefkes ôf.’’ Yn deselde snuorje krige Beckers kunde oan kameraman Hans Simons. ,,Ik frege him oft er ek in fideoklip fan ús meitsje woe. Dat hie er noch noait dien, mar hy woe it sa graach, it hoegde neat te kostjen. Dat moast dan wol in klip mei Sylvia Millecam wurde, dat ik haw har deselde deis noch belle. It wie daliks ‘ja’. Doe’t ik sei dat wy net safolle jild hiene, sei se dat se der neat foar hoegde.’’
Om ’e Noard hat Sylvia Millecam yn Amsterdam opsocht, de klip is opnommen op de grêften, net fier fan har hûs. Beckers: ,,Dêr ha’k ûntdekt dat aktearje net myn grutste kwaliteit is. Yn it liet oer Sylvia song ik dat ik dreamde ik mei har oan ’e earm troch de stêd rûn, mar neffens har rûn ik fierste hurd. ‘Zo lopen verliefde mensen niet’, sei se hieltyd.’’
Foarôfgeand oan de opnamen hie Wim Beckers de kolommen fan Privé helle. ,,Ik belle it blêd oft ik in stik as tweintich eksimplaren krije koe foar it opnimmen fan de klip. Waard ik trochferbûn mei in redakteur en stie ik in pear wike letter sels yn it blêd: ‘Friese zanger verliefd op Sylvia Millecam’.’’ Letter mocht Wim Beckers ek noch opdrave yn de televyzjeshows fan Henk van der Meyden en Catherine Keyl.
Sân jier lyn is Sylvia Millecam stoarn oan boarstkanker. Se hie harsels útlevere oan medium Jomanda, dy’t oan it lêst ta folhold dat it klútsje yn har boarst gjin kanker mar in bakteriologyske ynfeksje wie. De rjochtssaken oer dy kwestje duorje oant de dei fan hjoed. Doe’t in pear jier nei har dea in stânbyld fan Sylvia ûntbleate waard yn har bertestêd Boxmeer, hat Om ’e Noard dêr op fersyk fan Sylvia’s mem noch spile.
Dat Om ’e Noard njonken healwize nûmers ek folle earnstiger tema’s oansnien hat yn de tweintich jier fan syn bestean, is te sjen oan de oare klip dy’t de groep in oantal jierren lyn opnaam. ‘De loft gûlt foar dy’ fan de cd ‘Sûnder dy’ giet oer in frou dy’t alle dagen op in bankje yn in park sit. Oan de hân fan bylden út Westerbork wurdt dúdlik dat se ien fan oerlibjenden fan de holocaust is.
Begjin 2006 makke Om ’e Noard in útstapke nei de hiphop. It die dat yn ’e foarm fan in opera dy’t – lykas út de titel ‘De brêge’ nei foaren komt – de kleau tusken hiphop en popmuzyk ferlytsje woe. Wim Becker wie op it idee kaam troch de muzyk dy’t syn beide soannen Boudewijn en Feiko thús hast alle dagen draaiden. Neffens de resinsint fan de LC stie ‘De brêge’ muzikaal as in hûs, mar spitigernôch foar Om ’e Noard is it by ien foarstelling yn de Koornbeurs yn Frjentsjer bleaun.
Beckers: ,,Wy ha alles yn eigen hân holden, dat hat efterôf besjoen ferkeard west. De pr en it ferkeapjen fan de foarstellingen hiene wy folle better oan berops oerlitte kinnen. It wie troch al it ljocht en it lûd in djoere foarstelling, mar it earste dat al dy kulturele kommisjes diene, wie ôftingje. De lietsjes út dy opera ha wy letter wol op ús konserten spile en in part dêrfan stiet ek op de nije cd.’’
Dat Om ’e Noard nei tweintich jier ophâldt hat benammen in praktyske reden. De groep bestiet út sân sjongers en muzikanten dy’t ferspraat oer de hiele provinsje wenje en in oantal dêrbûten. De repetysjes alle wiken fergje nochal wat reistiid. Mar dat is net it iennichste. Beckers: ,,Bist op in stuit ek wolris oan wat nijs ta. It is foar in band mei sân minsken dreech om altyd deselde kant út te rinnen. Doe’t ik foarstelde om de boel mar op te doeken, wiene se it dêr allegear wol mei iens. Mar no’t de ein yn sicht komt, witte wy dat wy it repetearjen alle woansdeis aanst hiel bot misse sille.’’
De titel fan fjirde en lêste cd fan Om ’e Noard ferwiist hiel symboalysk nei it eilân dêr’t Willem Barentsz syn reis einige doe’t er besocht om om ’e noard nei Nederlânsk Ynje te farren: ‘Nova Zembla’. De presintaasje fan de cd hat, fanwegen de beskieden omfang fan de seal, in besletten karakter.

SIETSE DE VRIES

terug naar Om 'e Noard

Deze pagina is bijgewerkt op