19 mei 2008
Leeuwarder Courant op het web
Reinwetter wint fan sinneskyn
waar op LietTroch Fedde Dijkstra
Reinwetter wûn it sneontejûn fan sinneskyn waar yn de finale fan sjongfestival Liet. Sjuery en publyk foelen foar Jelte Posthumus syn ferske oer in jonge dy’t sa fereale is dat er neat om wiet waar jout. ‘Zunneschien’ en ‘Simmerbloed’ hiene gjin sukses.
LJOUWERT – Sjuery en publyk wiene it sneontejûn yn de Harmonie hielendal iens: Jelte Posthumus en syn band Pilatus Pas hawwe it moaiste nije Fryske ferske makke. ‘De wiete wyn hellet oan’, in luchtich jazzy poplietsje oer ferealens, wûn oertsjûgjend de finale fan it Fryske sjongfestival Liet. Fiif fan de seis sjueryleden joegen harren 12 punten oan Posthumus en syn maten, dy’t no yn oktober nei Liet Ynternasjonaal yn Noard-Sweden meie. Ek de publyskpriis wie foar him en syn bandten. Jelte Posthumus (28) komt fan Twizelerheide, wennet yn Grins en is learaar skiednis oan CSG Liudger yn Drachten. Hy spilet en sjongt yn ferskate bands, mei Ingelsk en Nederlânsk repertoire. Acht jier lyn hat er alris de Kleine Prijs van Sneek wûn. Yn syn band Pilatus Pas spylje Ruurd-Jan de Meulder op kontrabas, Durk van der Meer op piano en Wessel Spijkerman op drums.
Foar Liet hat Posthumus op basis fan syn Ingelske nûmer ‘Harmonica man’ in nij Frysk liet makke, oer in jonge dy’t troch waar en wyn nei syn famke fytst.
Presintatrise Marijke Roskam hie har bygedachten by ‘wiete wyn’ (,,Yn it Hollânsk tinke je dêr dochs wat oars by’’), mar mei de oansteklike kaairigel ‘Neffens my bin’k fereale’, in subtyl arranzjemint en in selsfersekerde presintaasje rekke de band van Jelte by publyk en sjuery de gefoelige snaar.
Syn freondinne Laura Darlington wie ien fan de earsten om him te lokwinskjen. Giet it ferske ek oer har? ,,Eins is it basearre op in jeugdherinnering’’, jout Posthumus ta. Wat it winnen fan Liet foar him en syn band betsjut, hinget mei ôf fan it resultaat skielk yn Sweden, mar Posthumus tinkt wol oan ,,mear ferskes yn it Frysk, en miskien in cd meitsje’’.
Ek dizze finale hie in ferskaat oan muzykstilen en ûnderwerpen. De froulju kamen yn de wurdearring oan de krapperein, al hoe fleurich se it ek besochten: Trienke yn har simmerjurkje kaam mei ‘Simmerbloed’ nettsjinsteande de help fan man Sido Martens op gitaar en fioeliste Marisa Dijkstra net fierder as 8 punten, it leechste plak, en de jongste dielnimster Carolien Hunneman waard mei har Stellingwersfke ‘Zunneschien’ op ien nei lêste mei 13 punten.
Op in dield twadde plak, mei 42 punten - en dus in flink ein efter winner Posthumus dy’t him ,,mei it bjast oer it stjoer’’ nei 67 punten fytste - finishten de Derelict Dandies, dy’t yn ‘Raas it út’ emoasjes en in akkordeon yn de striid goaiden, en duo Ljoubjr mei ‘Skreau’. Dat leste nûmer, mei frijwat apokalytyske bylden fan spjaltende loften en in fjoerswurd, krige de Steven Sterk-priis foar de bêste tekst. Skriuwer Hedser-Jan Tijtsma koe €500 yn de bûse stekke.
It Stellingwerfske Gien Gok waard yn kleurige uniformjaskes fjirde mei ‘Laot mi’j mar schoeven’. It Venice-eftige kwartet Katterpillaar waard fyfde, en op in dield sechsde plak kamen Nassau – kreas yn it pak markrekt tefolle fan it goede – en De Seedyk dat in souleftich nûmer knap delsette, mei in sterke blazersseksje op wite skuon.
As der in orizjinaliteitspriis west hie, makken Xigatze en it Terpfolk grif de bêste kâns mei ‘De moannemanssoan’. Mei harren mantra-eftige ‘Himalayasurfrock’ hiene se grif ek op it ynternasjonale festival de oandacht lûke kind. Se waarden hjir lykwols achtste mei 28 punten.
De finale yn de Harmonie hie in behoarlik nivo. De nije opset mei foarronden foldocht goed en wurdt fuortset, seit Liet-foarsitter Gerard van Klaveren. ,,We merken dat het aanslaat. De jury hoeft niet alleen op basis van een bandje te selecteren, maar kan de deelnemers twee keer live beoordelen. Zo is ook waar te nemen welke ontwikkeling de deelnemers doormaken.’’
Wol sil der dan wat publisitêr wat mear op de tromme sleit moatte wurde, om by de foarronden ek genôch folk en sfear yn de sealen te krijen. By de finale wiene neffens Van Klaveren goed 400 beteljende besikers.