Leeuwarder Courant op het web

Anatevka yn de draaimûne

Plak: De Pipegael, Broeksterwâld. Selskip: It Moat Kinne. Foarstelling: Anatevka. Regy: Romke van der Meulen. Belangstelling: útferkocht (200 minsken). Noch te sjen: jûn, 7, 8, 14 en 15 maart (útferkocht útsein 8 maart).

BROEKSTERWALD - De Bochel fan ‘e Notre Dame, de Blues Brothers, Ronja, Zorba de Gryk, Oliver Twist - toanielselskip It Moat Kinne fan Broeksterwâld-de Falom hat al hiel wat bekende stikken nochris op eigen wize oerdien. Diskear is ‘Anatevka’ oan bar. It stik grypt werom op de Broadway-musical ‘Fiddler on the roof’ út 1964, dy’t basearre wie op it boek ‘Tevye and his daughters’ (1894) fan Sholom Aleichem. Jorwert hat it spile yn 1995 en Broeksterwâld brukt dy ferzy no foar syn indoor-útfiering.
It stik oer de earme joadske molkboer Tevye, dy’t yn in drege tiid fan driigjende pogroms in hiel kerwei hat om syn hús-hâlding yn libben én yn de stringen te hálden, kin net sunder in haadpersoan dy't der stiet. It Moat Kinne hat oan Drys Visser in knappe Tevye, dy’t der in grut oandiel yn hat dat dizze útfiering op de skaal fan de Pipegael in dikke foldwaande hellet. Ek de oare rollen wurde goed ynfolle, mei tank oan spullieder Romke van der Meulen, dy’t sels yn de persoan fan de revolusjonére âld-studint Perchik mei ien fan Tevye syn dochters útnaaie mei.
It Moat Kinne makket der technysk meastal ek in soad wurk fan. Mei draaiende, skowende en sakjende dekor-ele-minten wurdt ek diskear Bocht nei fisueel spektakel. Yn in pear tellen tsjuster wurdt it toaniel yngripend feroare. Binnendoar wurdt bûtendoar, hûs wurdt treinstasjon.
It is fernimstich dien en it draacht by oan in flotte ófwikseling yn de sénes. Mar de grutte draaiskiif is justjes tefolle fan it goede: spilers moatte har bytiden skrap sette om net om te wjukkeljen as de draaimune ynienen wer begjint de rinnen, of lestiger noch, mei in skok stilstiet. Mei wat goede wil kin it sjoen wurde as in symboal foar de tastân fan Tevye en syn doarpsgenoaten. Se ferlieze alle fêstichheid.
Tevye hat it benammen dreech om’t de tradysje dêr’t hy him sa oan fêsthâldt, stadichoan oer de datum rekket. Syn fiif dochters binne syn grutste skatten, mar tagelyk hat er de hannen deroan fol, want alhiel tsjin de tradysje yn wolle se sels in oare helte kieze - fansels net syn kar. Kostlik binne de oerlizzingen fan Tevye mei himsels, mar ek dy mei de Heare. Bygelyks as er de skepper de fraach foarleit wérom, as hysels as ienfâldich skepsel mei twa skonken goed syn wurk dwaan kin, syn hynder oan trije net genoch hat om te wurkjen. En as de anti-kapitalist Perchik útropt dat jild in flok is, freget Tevye oft de Heare him dan mei dizze flok sabot straffe wol dat er der nea mear oerhinne komt.
De muzyk by dizze foarstelling komt út blik. Spitich is dat it sjongen der net altyd like goed mei spoart. Mar ôfsjoen dérfan is de Pipegael-ferzy fan ‘Anatevka’ bést genoch om op ‘e nije in publyk twa en in heal oere yn de besnijing te hálden. En sa no en dan bolderje te litten fan it laitsjen.

FEDDE DIJKSTRA

terug naar It Mot Kenne

Deze pagina is bijgewerkt op